14. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten)
Namme yntsjinner Fraksje
: Thea Hoekstra-Vleer : FNP
Kommisjegearkomste
: BM
Datum
: 18 febrewaris 2026
Agindapunt
:5
Underwerp
: Taalbelied Frysk
1.
Yn it riedsfoarstel Taalbelied Frysk stiet op side 5 in link nei de sichtberensregeling. De regeling is fan 2025. Der is in nije ferzje (2026). Soe dy ek taheakke kinne wurde oan it riedsstik? Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2026 | Lokale wet- en regelgeving
Antwurd: De subsydzjeregeling sichtberens 2026 wie der yn de tiid fan it skriuwen fan it belied noch net. Wy kinne de nije regeling tafoege yn it riedsútstel 2.
Soe de bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied (ûndertekene troch 7 gemeenten, provinsje en Minister fan Ynlânske Saken en Keninkrykrelaasjes), neamd yn de Staatscourant fan 8 desimber 2017, taheakke wurde kinne oan it riedsfoarstel? stcrt-2017-69672.pdf Wat is de status fan dizze bestjoerlike oerienkomst? Antwurd: Wy kinne de nije regeling tafoege yn it riedsútstel. De ôfspraken oer it Frysk binne de lêste jierren feroare en ferbettere. Mei de Taalsskipper-rol fan de provinsje is de line Ryk-provinsje-gemeente fersterke mei mienskiplike doelen. De gearwurking is dêrtroch ek fersterke. Yn it Ynterprovinsjaal oerlis (IPO) is it Frysk taalbelied opnommen en dêroer wurdt rapportearre rjochting it Ryk. De provinsje hat formiel kontakt mei de gemeenten oer it Frysk fia de Mei-inoar foar it Frysk gearkomsten foar amtners en de BO's Mei-inoar foar it Frysk mei de wethâlders en de deputearre. Sjoch fierder ek it antwurd by fraach 3.
3.
Hoe wurde de punten 8 en 9 út de bestjoerlike oerienkomst Frysk Taalbeleid útfierd? 8. Yn ferbân mei kêst 15 fan it Europeesk Hânfêst stelle de fúzjegemeenten nei de nulrapportaazje yn 2017 in trijejierlikse skriftlike rapportaazje op foar it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryks relaasjes oer de útfiering fan de ymplemintaasje fan it belied foar de Fryske taal; 9. De kolleezjes fan B&W fan de gemeenten bringe ien kear jiers in koart skriftlik ferslach út oer de foarútgong fan de ymplemintaasje fan it gemeentlik taalbelied oan harren gemeenteried, mei in
ôfskrift oan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân, fan hoe’t de útfiering fan it taalbelied yn it dêroan foarôfgeande jier stal krigen hat en hoe’t de budzjetten bestege binne;
Antwurd: Op dit stuit wurde dizze punten net / minimaal útfierd. De provinsje Fryslân en trettjin gemeenten en it wetterskip hawwe harren ambysje en lange termyn doelen foar it brûken fan de Fryske taal fêstlein yn in wurkplan per gemeente, de saneamde Lange Termijn Agenda (fierder neamd: LTA). It startpunt foar elke LTA wie it jildende taalbelied fan de gemeente yn 2020 en de yntinsjeferklearring oer it Frysk by de weryndieling mei Littenseradiel. Yn dit wurkplan binne ambysjes en lange termyndoelen opnommen. Yn 2023 hat der in 1-mjitting west fan de LTA. De LTA is foar de provinsje in middel om te ferantwurdzjen rjochting it ministearje. Lykas neamd yn it riedsfoarstel: “alle jierren wurdt it kolleezje op 'e hichte stelt fan de útfierde aksjes. Foar it ferantwurdzjen fan de subsydzje dy’t wy krije fan de provinsje foar de ynset fan de MTK en de oanfrege middels út de sichtberensregeling wei moatte wy in aktiviteiteferslach oanleverje. Dit aktivteiteferslach wurdt ek oan it kolleezje oanbean. En sil as aktive ynfo oan de ried oanbean wurde. Dêrneist wurdt de fuortgong dield fia de Bestjoersrapportaazjes. It belied jout útfiering oan de Wet gebrûk Fryske taal en it Europeesk Hânfêst. 4.
Der stiet yn it riedsfoarstel dat it Frysk diel wurdt fan personielsbelied. Betsjut dit - Taalfeardigens as seleksjekriterium? - Oanbod fan taaloplieding? - Taalnivo-easken foar bepaalde funksjes? Antwurd: Dit betsjut dat wy yn de fakatuereteksten opnimme dat immen passyf de Fryske taal behearskje moat of in kursus folgje moat om de Fryske taal passyf yn' e macht te hawwen. Doel is dat alle meiwurkers (op syn minst) passyf de Fryske taal behearskje. Wy ynvestearje yn oanbod fan taalkursussen. Alle jierren wurde der op syn minst 3 kursussen Frysk (ferstean, prate, skriuwe) oanbean.
5.
It belied meldt dat Stedsk en Hylpers stipe wurde, mar se falle net ûnder de wet. Hoe wurdt dy stipe konkreet makke? Antwurd: Wy sille ynvestearje yn it opsetten fan in taalnetwurk yn ús gemeente dêr’t ek it Hylpersk en Stedsk ûnderdiel fan útmeitsje. Yn de pylder sichtberens nimme wy neist it Frysk ek it Stedsk en Hylpersk mei. Op dit stuit jouwe wy oan Hylper âlden bygelyks by it taalkado by in berte ek it boekje Nijntje yn it Hylpersk. As it passend is dan nimme wy safolle as mooglik ek de streektalen mei yn kommunikaasje. Yn maart 2026 wurdt de earste edysje fan de Dei fan de Streektaal hâlden yn gearwurking mei de gemeenten Urk, Volendam, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel.
6.
Foar hoefolle oeren yn ’e wike sil der in meartaligenskoördinator ynset wurde? En foar hoefolle jier? Wy ha earder fan de wethâlder begrepen dat der foar it earste jier gjin kosten binne omdat yn it 1e jier noch net sprake wie fan de ferplichte bydrageregeling dy’t de provinsje as eask hat. Antwurd: Us MTK sil har 16 oeren wyks dwaande hâlde mei de taken en doelen dy't foar de MTK beskreaun binne. Yn prinsipe is dit earst foar de hjoeddeiske BFTK-perioade. De ynset fan de MTK wurdt jierliks monitoard en oan de ein fan de BFTK-perioade folget in evaluaasje. Oan de hân fan dy monitoaring en evaluaasje kinne wy as gemeente sjen hokker mearwearde de MTK hân hat foar it Frysk, Stedsk en Hylpersk yn ús gemeente. Op dat stuit wurdt ek lanlik besletten oft de middels foar de MTK fuortset wurde of net. By it net fuortsetten fan de middels kinne wy as gemeente beslute oft wy sels de funksje trochsette wolle of net.
Yn it earste jier is der gjin eigen bydrage nedich fan de gemeente. Wy hawwe foar de funksje MTK lykwols besteande formaasje útwreide. De eigen bydrage helje wy ek út dizze besteande formaasje.