13. TV CIE FNP - antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten)
Namme yntsjinner Fraksje
: Thea Hoekstra-Vleer : FNP
Kommisjegearkomste/Ried
: B&M
Datum
: 14 jannewaris 2026
Agindapunt
:7
Underwerp
: Kaderbrief 2027-2030 en mienskiplike regeling VRF
1.
Der wurdt fêststeld dat de GGD earder plande besunigings net realisearje kinnen hat. Op hokker konkrete punten binne dizze besunigings spaak rûn, en hokker djipgeande, strukturele faktoaren hawwe dêr oan bydroegen? Antwurd: Yn 2024 hat Veiligheidsregio Fryslân (VRF) konstatearre dat troch hegere kosten foar húsfesting en in needsaaklike funksjewurdearring binnen de JGZ soarge hat foar in struktureel begruttingstekoart fan sa. € 1 miljoen op de kosten fan de GGD. De VRF hat harsels dêrom de fraach steld oft sy dit tekoart binnen har eigen begrutting oplosse kinne soe en sa ja op hokker wize. Der wiene yn 2024 gjin konkrete besunigings dy’t ‘spaak rûn’ binne; de taakstelling wie basearre op it ûntstiene tekoart, en by de útwurking fan mooglike maatregels is bewust keazen om de meast yngripende besunigings net troch te fieren fanwegen de strukturele publike taak en de lange-termyn maatskiplike gefolgen. Der binne dêrop troch de VRF ein 2024/begjin 2025 ferskate foarstellen ûntwikkele dêr't in besuniging fan € 1 miljoen mei realisearre wurde kinne koe. De foarstellen dy't dien binne, hiene benammen betrekking op it al of net sluten fan konsultaasjeburo's en it al of net fuortsetten fan ferskate taken. Utgongspunt dêrby wie in besuniging fan € 250.000 op húsfestingskosten fan de GGD en € 750.000 troch (net-wetlike) taken net mear út te fieren.
De bestjoerskommisje Sûnens fan de VRF hat yn in besletten gearkomste wiidweidich praat oer de soms fiergeande besunigingsfoarstellen. De kommisje hat konstatearre dat it sluten fan lokaasjes en / of it ôfstjitten fan taken grutte maatskiplike ympakt hawwe. Dêrneist ferwachtet de VRF dat it net mear útfieren fan ferskate taken op lange termyn liede sil ta hegere maatskiplike kosten. Der is dêrmei bewust net keazen foar koarte termyn besparrings mar foar it kontinuearjen fan needsaaklike soarch foar de lange termyn. De VRF hat derfoar keazen om in part fan de finansjele opjefte yntern te realisearjen troch efficiencymaatregels en taak-werskikking. Ek op it mêd fan húsfesting wurdt fasearre besparre troch lokaasjes doelmjittiger te brûken en wêr mooglik synergy te kreëarjen mei oare publike partners.
2.
Hokker spesifike kazerne gebouwen of projekten binnen Súdwest-Fryslân rinne op it stuit risiko op fertraging yn it húsfestings programma?
Antwurd: Yn Parregea wurdt socht nei romte foar de bou fan in nije brânwachtkazerne. Dit proses hat fertraging oprûn omdat it dreech is om in gaadlike lokaasje te finen en/of omdat de lokaasje en/ of omdat der net in lokaasje fûn is dy oankocht wurde kin. Yn Snits rint it húsfestings fraachstik fan de VRF ek fertraging op. De oarsaak is dat de gemeente en de VRF tegearre socht hawwe nei in gaadlike lokaasje; op dit stuit rinne d’r ûnderhannelingen. 3.
Fan de 35 brânwacht weinen dy’t oanpast wurde moatte om’t skom aans net mear brûkt wurdt, hoefolle binne der yn de gemeente Súdwest-Fryslân? En is by dizze weinen ek rekken hâlden mei de ôfskriuwings termyn, sadat dúdlik is oft it finansjeel noch wol ferstannich is om bepaalde âldere weinen oan te passen? Antwurd: Yn Súdwest-Fryslân wurdt allinnich Snits om dizze reden feroare. Wâldsein, Wytmarsum, Starum en Heech hawwe ek in skomblus-systeem, mar blusse op dit stuit al mei wetter. Warkum en Parregea wurde yn 2031 ferfongen en wurde dêrom wierskynlik net oanpast. Brânwacht Fryslân is neffens de Jeropeeske REACH-feroardering oergien op PFAS-frij blusskom wêrby't alle skom foarmjende middels dy't per 2026 ferbeane stoffen lykas PFHxA befetsje, út de operasjonele foarried ferwidere binne. Hjirmei foldocht de regio oan de wetlike miljeu-easken en wurdt fierdere fersprieding fan persistinte stoffen yn de Fryske grûn en it oerflaktewetter by ynsidint bestriding foarkommen.
4.
Hoefolle brânwacht leden yn Súdwest-Fryslân moatte opnij oplieding krije om’t de blusmetoade feroaret, en is by de finansjele raming rekken hâlden mei de kosten fan dizze ekstra training? Antwurd: Alle brânwacht minsken binne fertroud mei it blussen mei wetter. Om betoefd te wurden mei de nije brânblus-metoade wurde der per post trije teoretyske en praktyske jûnen organisearre, plus in heale dei realistyske praktyk. Dizze kosten kinne dekt wurde út it reguliere budzjet foar Profesjonele Kompetinsje.
5.
Hoe ferhâldt de ynvestearrings planning foar de brânwachtpost Snits him ta de hjoeddeistige gebietsplannen fan de gemeente op dy lokaasje? Antwurd: De gemeente en de VRF hawwe in mienskiplik belang by in goede ynpassing fan de brânwachtpost yn de takomstige ûntwikkeling fan de Spoarsône. De hjoeddeiske lokaasje spilet dêrby in wichtige romtlike rol. In direkte nijbou op deselde plak soe de gebietsûntwikkeling op koarte én lange termyn beheine. Dêrom is der bewust keazen foar in trajekt dêr’t earst in gaadlike alternatyf lokaasje fûn wurdt. Dat proses rint op dit stuit yn goede oerlis mei de VRF; de ûnderhannelingen binne geande. Sa wurdt soarge dat sawol de brânwacht funksje as de ambysjes foar de Spoarsône op in takomst fêste wize realisearre wurde kinne.