13. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Jikkie Ruiter Postma FNP
Kommisjegearkomste Boarger en Mienskip Datum:
25 juny 2025
Agindapunt:
6
Underwerp:
Cultuur Kwartier Sneek
Fraach: De FNP fynt dat alle bern/jongeren yn Súdwest-Fryslân yn de kunde komme moatte mei keunst en kultuer. Alle bern/jongeren moatte de mooglikheid ha om les te krijen yn de kulturele sector, sa as dûns, theater, musyk ensf. Fan belang is dan dat it berikber is. Leafst op feilige fytsôfstân. De kaartsjes oer de geografyske sprieding fan bûtenskoalse edukaasje roppe by ús fragen op. Kaartje A. Spreiding; toekomstig Begripe we it goed, ferfangt dit kaartje B. spreiding; huidige locaties? Sa ja, moatte de bern/jongeren út de doarpen dy’t neamd binne op kaartje B. Spreiding; huidige locaties dan nei in oar plak foar musyklessen e.d.? Is ûndersocht wat de gefolgen binne foar de doarpen dy’t net op Kaartje A. Spreiding; toekomstig stean? Sa nee, kin neier útlein wurde wat mei de kaartjes A en B geografische spreiding bedoeld wurdt? Antwurd: CKS jout op dit stuit op goed tweintich lokaasjes les yn de bûtenskoalske edukaasje, yn in grut part fan de gefallen foar minder as fiif learlingen. De mearkosten foar in les op lokaasje komme del op goed 35%. By fersnipeling oer te folle lokaasjes giet der in slompe reistiid ferlern; dat kin net út, seker om’t CKS hieltyd mear ôfhinklik is fan dosinten dy’t harren net yn de regio te wenjen sette. Yn trochsneed kin it út om op lokaasje les te jaan as der tolve learlingen of mear binne.
De ynskatting is dat it mei de oantallen fan no op syn heechst helber is om op tsien lokaasjes dat oantal te heljen. CKS stelt dat oantal fan tsien lykwols net as doel. It kaartsje moat lêzen wurde as in ynskatting, net as in beheining. As der mear as tsien plakken binne dy’t oer it minimum tal learlingen geane, dan komme der mear plakken dêr’t lesjûn wurdt. It doel is om op safolle mooglik plakken muzykles yn stân te hâlden. It stribjen is ek om mear aktyf mei skoallen en ferienings it oanlûken fan learlingen te ferbetterjen. Dêr komt spesjaal omtinken foar, sa stiet ek yn it beliedsplan en sa wurdt it ek útwurke yn it wurkplan en de organisaasjestruktuer.