CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

12. TV FNP - antwurden

Raadsvergadering 31 maart 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Wizigje oardening ‘Wet maatschappelijke ondersteuning’ (Wmo)463 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:

Tryntje Albada FNP Súdwest-Fryslân

Kommisjegearkomste BM Datum: Agindapunt: Underwerp:

17 maart 6 Wiziging oardening ‘Wet maatschappelijke ondersteuning’(Wmo)

Fraach: 1. Hoe wurdt artikel 7 lid 6 tapast fanôf it momint dat in kliïnt 18 jier wurdt? Antwurd: As in wenning oanpast wurdt, is it binnen de Wmo altyd ferplichte om in eigen bydrage te beteljen. Dy bydrage wurdt betelle troch de eigner fan ’e wente of de brûker fan ’e wente. Op it momint dat in persoan 18 jier wurdt en yn ’e wente bliuwt, dan rint dy eigen bydrage troch, op ’e namme fan ’e kliïnt. Fansels besjogge wy wol altyd mei de kliïnt wat it ferlet oan stipe op dat momint is. Der is op dit stuit noch hast gjin jurisprudinsje bekend oer it abonnemintetaryf yn relaasje ta wenningoanpassing. Wy hâlde it yn ’e rekken. Fraach: 2. Hoe sjocht krekt it (digitalisearre) proses foar de oanfraag fan in taksypas der út (melding – beslút)? En is der noch wol sprake fan maatwurk at dit digitalisearre wurdt? Antwurd: It is altyd maatwurk, dus ek as it proses digitalisearre wurdt. It proses sjocht der sa út: as de kliïnt noch nea earder in Wmo-oanfraach dien hat, en dus net bekend is by it gebietsteam, dan wurdt de kliïnt yn alle gefallen trochferwiisd nei in meiwurker fan it gebietsteam en útnûge foar in keukentafelgesprek. De gebietsteammeiwurker stelt dan tegearre mei de kliïnt in stipeplan op. It ICT-systeem is sa ynrjochte dat de kliïnt digitaal in oanfraach yntsjinje kin. Slagget dat net, dan kin de kliïnt dat oanjaan.

In gebietsteammeiwurker helpt de kliïnt dan om it foarinoar te krijen. Op ús gemeentlike webside komt in wiidweidige útlis foar kliïnten dy’t digitaal in taksypas oanfreegje. As de kliïnt de oanfraach digitaal yntsjinne hat en de oanfraach beoardiele is troch in meiwurker fan it gebietsteam, dan kriget de kliïnt in beskikking. Dêr stiet yn wat it beslút is. As de kliïnt fragen hat, dan kin hy of sy dy fansels altyd stelle. De taksypas is foar maksimaal 1.500 kilometers. Is it ferfiersferlet fan ’e kliïnt grutter, dan sil in meiwurker fan it gebietsteam kontakt opnimme mei de kliïnt.

Fraach: 3. Wêrom wurdt allinnich de oanfraach fan in taksypas digitalisearre? Antwurd: Foar no hawwe wy allinne keazen foar it digitalisearjen fan ’e taksypas omdat dêr in soad fraach nei is. Sa kinne wy ús (digitale) tsjinstferliening optimaal útfiere. Wy sjogge kontinu nei manieren om ús tsjinstferliening nei kliïnten noch better te meitsjen en oanslute te litten op ’e fraach fan ús ynwenners. It kin wêze dat der yn ’e takomst mear oanfragen digitalisearre wurde. Mar dat is noch net sa ienfâldich en net yn alle gefallen mooglik, just omdat wy binnen de Wmo altyd maatwurk leverje.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/9904897/3