CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

12. TV CIE FNP - antwoorden

Raadsvergadering 29 januari 2026, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Oanfraach (útwreiding fan) ynvestearringskrediten renovaasje keunstgersfjilden en atletykbaan742 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Jikkie Ruiter : FNP

Kommissjegearkomste/Ried

: BM

Datum

: 14 jannewaris 2026

Agindapunt

:5

Underwerp

: Aanvraag (uitbreiding van) investeringskredieten renovaties kunstgrasvelden en atletiekbaan

1.

By de atletykbaan yn Snits binne problemen. Dêr wie doe’t der starten is mei de renovaasje mear oan de hân as ferwachtte. Yn de gearfetting lêze we:’Tijdens herstelwerkzaamheden zijn nog grotere gebreken vastgesteld dan uit voorafgaande testen en proefboringen was opgemaakt’. No moat de hiele toplaach ferfongen wurde en dat sil hegere kosten jaan! De FNP freget him dan ek ôf. - Is der wat mis gien by die earste testen en proefboaringen? - Hoe fynt bygelyks it ûnderhâld fan de keunstgersfjilden en sa’n atletykbaan plak. - Hoe wurdt de kwaliteit yn de gaten holden? - Hiene we dit mankemint fan de atletykbaan earder witte kinnen? Is hjir sprake fan efterstallich ûnderhâld? Antwurd: - Testen en proefboarringen De testen en proefboarringen oan de asfalt ûnderlaach binne neffens in standerdisearre testprotokol útfierd. Dat hâldt yn dat proefboarringen op 10 fêststelde plakken ferspraat oer de baan útfierd wurde en de dikte en gearstalling fan it asfalt op dy plakken test is. De resultaten fan dy testen laten ta in rjochtfeardige konklúzje dat de yn earste ynstânsje foarnommen werstelwurksumheden útfierber wiene. De letter konstatearre gruttere gebrekken wiene oanwêzich op plakken dêr't yn it testprotokol gjin proefboarringen foarskreaun binne.

- Ûnderhâld en kwaliteitsbewekking bûtensportakkommodaasjes Foar al ús bûtensportakkommodaasjes binne ûnderhâldsprogramma’s opsteld om de kwaliteit en libbensdoer te garandearjen dy ’t wy neistribje, te foldwaan oan ferplichtingen fan oannimmers en/of leveransiers en útgongspunt foarmje yn de begrutting. Oangeande neamde foarbylden fiere wy foar keunstgersfjilden it ûnderhâld sels út. Leveransiers fan keunstgersfjilden stelle easken oan it ûnderhâld om oanspraak meitsje te kinnen op garânsjebepalingen. Mei lochboeken moatte wy periodyk oantoane dat wy hjiroan foldogge. Om de kwaliteit yn'e gaten te hâlden fynt alle jierren tegearre mei de oannimmer ynspeksje fan it fjild plak. Nei it achtste jier fan yngebrûkname stelt it fuotbalbûn twajierlikse goedkarring fan it fjild ferplichte troch in ûnôfhinklike keuringsynstânsje. Foar spesjalistysk ûnderhâld fan de atletykbaan, lykas himmeljen fan de toplaach, is de oannimmer de earste trije jier nei oanlis ferantwurdlik. Nei dy perioade besteegje wy dat út. Regulier ûnderhâld fiere wy sels út. De baan wurdt meardere kearen keurd by de oanlis/ renovaasje troch in ûnôfhinklike keuringsynstânsje sadat bewekke wurdt dat alle ûnderdielen

-

2.

goed oanlein binne. Trije jier nei yngebrûkname fynt dêrnei de earste trijejierlikse regleminteynspeksje troch it atletykbûn plak dêr't yn beoardiele wurdt oft de baan noch feilich is en foldocht oan it wedstriidreglemint. Tarieding op renovaasje Nei miening fan alle by de renovaasje belutsen partijen is yn de tarieding de soarchfâldigens tapast dy’t yn dizze situaasje needsaaklik wie. Troch de relatyf jonge leeftiid fan de atletykbaan is de kar makke yn oerlis mei it atletykbûn, wurktarieder, projektlieder en oannimmer om yn de tarieding op de renovaasje gjin ûndersyk út te fieren nei de steat fan de asfalt ûnderlaach. De algemiene ferwachting op basis fan wiidweidige ûnderfining mei oare atletykbanen wie dat de asfalt ûnderlaach noch minimaal twa kear sa lang meigean kinne moast. As de kar wol makke wêze soe, soe lykwols itselde testprotokol brûkt wêze wêrby’t de gruttere gebrekken ek net oan it ljocht kaam wiene. Sels de gebrekken dy’t konstatearre waarden nei ferwidering fan de keunststof toplaach soene by proefboarringen foarôfgeand oan de renovaasje net konstatearre wêze. Allinne as ôfwykt wie fan it testprotokol en it tafal dêrby oanwêzich west hie dat in proefboarring op in letter konstatearre swak plak útfierd wie, hiene de gruttere gebrekken konstatearre wurde kinnen.

Fierderop lêze we dat der in oanpak opsteld is neamd ‘Koers en kompas, duurzame en toekomstbestendige sportaccommodaties’. Dizze oanpak sil sa as it no stiet op 5 maart 2026 foarlein wurde oan de ried. Yn foarstel d. lêze we: Beschikbaar stellen van een uitbreiding met € 225.000 van het investeringskrediet voor renovatie van de atletiekbaan op Sportcentrum Schuttersveld en de kapitaallasten te dekken uit de beschikbare middelen voor het toekomstbestendig maken van onze buitensportaccommodaties. - hoe ferhâldt him dit ta de oanpak fan duorsume en takomstbestindige sportakkommodaasjes. Binne de bûtensportakkommodaasjes ek ûnderdiel fan de oanpak sportakkommodaasjes, of bin it twa ferskillende saken. Mei oare wurden, wêr wurdt de renovaasje fan de atletykbaan út betelle? Antwurd: De terminologyen dy't brûkte binne, kinne te begripen wat betizing feroarsaakje. De finansjele middels dêr't yn dit riedsfoarstel oan referearre wurdt, binne lykwols al beskikber steld yn de programmabegrutting 2025.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/16481628/2