11. TV RAAD FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Douwe Blom : FNP
Kommisjegearkomste/Ried
: Ried
Datum
: 18 desimber 2025
Agindapunt
: 11
Underwerp
: Bestjoersrapportage juli, aug, sept 2025 Haadtaakfjild Feilichheid
Yn de bestjoersrapportaazje wurdt by it haadtaakfjild Feilichheid (punt 21) omtinken jûn oan de gearwurking tusken it feilichheidsdomein en it sosjaal domein. Dêrby falt op dat de kasuïstyk yn it Soarch- en Feilichheidshûs yn it twadde fearnsjier ferdûbele is, mei in dúdlike taname yn kompleksiteit fan de dossiers. Om dúdlikheid te krijen oer de hjoeddeiske stân fan saken, de knyppunten en de oplossingsrjochtingen, hat de FNP ûndersteande technyske fragen. 1.
Is der foldwaande kapasiteit by it Soarch- en Feilichheidshûs om dizze stiging op te fangen? En wat betsjut dit foar de ynset fan kapasiteit yn it Feilichheids- en Sosjaal Domein? Antwurd: It Soarch- en Feilichheidshûs Fryslân is op provinsjaal nivo it gearwurkingsferbân foar komplekse feilichheidskasuïstyk. De basisstruktuer fan it Soarch- en Feilichheidshûs soarget derfoar dat gemeenten en ketenpartners mei-inoar relatyf fluch nije komplekse opjeften op it snijflak fan soarch en feiligens oppakke kinne. Der binne gjin oanwizingen dat der net genôch kapasiteit is yn it Soarchen Feilichheidshûs Fryslân. It Soarch- en Feilichheidshûs is by steat om neist de prosesregy op yndividuele kasuïstyk ek op relatyf nije tema’s in doelfêste oanpak te ûntwikkeljen bygelyks op it tema’s as driigjende femiside, stalking, minskehannel.
2.
Hokker maatregels wurde nommen om wachtlisten en trochstreamproblemen yn de keten struktureel oan te pakken? Antwurd: De fraach nei in yntegrearre, persoansrjochte oanpak op it snijflak fan soarch en feilichheid bliuwt ûnfermindere. Wy konstatearje dat yn in soad dossiers kreativiteit, trochsettingsfermogen en ûnortodokse yntervinsjes nedich binne om ta behearsbere oplossingen te kommen en trochbraken te realisearjen. De útdaging om te kommen ta in effektive oanpak is grutter troch krapte oan (betûft) personiel by ketenpartners, mar ek troch in tekoart oan passende soarch-, stipe-, wen- en ferbliuwsfoarsjennings foar minsken mei komplekse problematyk wêrby't sprake is fan
feilichheidsrisiko's. Yn SWF binne wy lokale weninisjativen oan it ûntwikkeljen lykas Bankhoppers (jongerein sûnder fêst wen- en ferbliuwplak tusken 16 en 26 jier). Dêrmei kinne wy yn guon gefallen eskalaasje foarkomme en oan 'e oare kant jongerein in wenplak mei begelieding oanbiede. Dêrneist wurket it drukferlegjend op de keten. Ta beslút ha we ek regionaal Weer Thuis en Housing First dêr't gebrûk fan makke wurdt. 3.
Hoe wurdt boarge dat de prosesrezjy by it Soarch- en Feilichheidshûs net liedt ta fertraging yn lokale beslútfoarming? Antwurd: Komplekse dossiers kenne faak gjin opbou en freegje in soad fan de fleksibiliteit fan meiwurkers. Komplekse dossiers freegje om de ynset en gearwurking fan in prosesregisseur Sosjaal domein en in prosesregisseur út it Feilichheidsdomein wei.
4.
Wat binne konkrete resultaten fan de kwartaalgearkomsten op managementnivo? Antwurd: De fraach is net konkreet genôch. Graach krije wy in oanfoljende taljochting.
5.
Binne der previntive maatregels dy’t earder yngripe mooglik meitsje? Antwurd: It lokale soarch- en feilichheidsoerlis is in wichtich gremium om earder sinjalen te bepraten. Binnen it soarch- en feilichheidsoerlis bringe ketenpartners, plysje, gebietsteams, hanthavening, OOV en wenningkoöperaasjes by (begjinnende) soargen dossiers yn. Der is lokaal in hiele hechte gearwurking tusken plysje, OOV en Sosjaal domein/gebietsteams om sinjalen sa betiid mooglik te ûndersykjen, te wagen en fan in passend plan fan oanpak te foarsjen. It lokale soarch- en feilichheidsoerlis fynt ien kear yn 'e fjirtjin dagen plak, mar dossiers dy't yn 'e tuskenlizzende perioade eskalearje, wurde fuortendaliks oppakt en wêr nedich opskaald.