CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

11. TV CIE CDA I antwoorden

Raadsvergadering 23 november 2023, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Beleidskader Bestaanszekerheid, deel 1 (minima- en armoedebeleid, schuldhulpverlening)354 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Jos de Boer : CDA SWF

Kommisjegearkomste/Riedsgearkomste

:BM

Datum

: 08-11-2023

Agindapunt

: 5

Underwerp

: Beleidskader Bestaanszekerheid, deel 1 minima- en armoedebeleid, schuldhulpverlening

1.

Yn it riedsfoarstel op pagina trije stiet “ er is speciale aandacht voor kwetsbare huishoudens”. Wat hâldt dit eksakt yn? En wat/wa binne kwetsbere húshâldens? Antwurd: Kwetsbere húshâldens binne húshâldens dy’t op de ien of oare wize in wat grutter risiko rinne op besteansûnwissens as oare húshâldens. Bygelyks om reden fan net goed lêze of skriuwe kinne, net genôch ynformaasje, tefolle fokus op swierrichheden lykas skulden, sosjaal isolemint, ensfh. witte kwetsbere húshâldens it paad nei help of stipe soms minder goed of hielendal net te finen. De spesjale oandacht dy wy oan de kwetsbere húshâldens jouwe bestiet benammen út dingen dwaan wêrtroch sy it paad wol witte te finen en as sy dat wolle ek feitlik in berop dwaan kinne op help en stipe. Tink dêrby oan it finen fan húshâldens, ynformearje en stimulearje om gebrûk te meitsjen fan de mooglikheden dy't der binne.

2.

Yn bylage 1 by “Schuldhulpverlening aan ondernemers” op pagina 21. Wêr kinne ûndernimmers harren oanmelde? Antwurd: Op dit stuit kin oanmelding op meardere plakken binnen de gemeente. Leafst by ús spesjalisearre konsulinten selsstannigen, mar melde ûndernimmers harren by in gebietsteam of in gearwurkingspartner dan wurde sy yn kontakt brocht mei dizze konsulinten. Underdiel fan de útfieringsaginda is de trochûntwikkeling fan de skuldhelpferliening oan ûndernimmers. In leechdrompelige en wurkbere tagong sil dan punt fan oandacht wêze.

3.

Op hokker manier wol de gemeente ús ûndernimmers stypje? Hoe sjocht in trajekt derút? Antwurd: Eins sil dat foar elke ûndernimmer oars wêze om't der selden sprake is fan in lyksoartige helpfraach. Yn grutte halen wurdt ûnder oare sjoen nei de finânsjes, it takomstperspektyf fan de ûndernimmer en de oarsaak fan de problemen foardat it trajektplan opsteld en útfierd wurdt. Wa’t de útfiering fan it trajekt docht is mei ôfhinklik fan de kompleksiteit fan de situaasje. By komplekse kasuïstyk (juridysk, fiskaal, finansjeel) behâlde wy de regy en skeakelje wy yn oerlis mei de ûndernimmer spesjalisearre partners yn.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/13453481/2