11. Moasje FNP, CU, GL, PvdA, GBTL I Herijking Gemeentefûns
Tekst van het document
MOASJE (kêst 31 RvO) Moasje oer in net op de aginda opnommen ûnderwerp. Fan
:
Douwe Blom (FNP) CU, GL, PvdA, GBTL
Oan
:
De foarsitter fan de ried
Ûnderwerp
:
Herijking Gemeentefûns
Datum riedsgearkomste
:
8 maart 2021
It beried heard; − Dat der in fikse koarting driget op de bydrage út it Gemeentefûns foar de measte Fryske gemeentes; − It Gemeentefûns in belangryk part fan de begrutting foarmet; − Yn de measte gemeentes yn Fryslân tusken 40-83 euro per ynwenner der op efterút buorkje; Yn betinken hâlde dat: − dêrtroch gemeentes it ferskuorrende dreech hawwe de begrutting slutend te krijen; − in kompinsaasje efternei – sa’t Minister Ollongren foarstelt – moster nei it miel is; − in grut tal gemeentes dit jier al in fikse ferheging fan de belestingen trochfierd hawwe om de begrutting slutend te krijen; − in grut tal gemeentes dit jier al besunige hat op saken as leefberens, kulturele ynstellingen, ferieningslibben en sport; − dêrmei de ynwenners fan dizze gemeentes hurd troffen wurde; − der in ferskraling fan de leefberens fan Fryslân op de loer leit; − wy ús solidêr ferklearje mei it mearendiel fan de Fryske gemeenten dy’t der sterk op efterútgean; Diktum: − sprekt har solidariteit út mei it ferset fan de oare gemeenten tsjin de plannen foar de herijking fan it Gemeentefûns; − ropt it kolleezje op mei de VFG en de provinsje Fryslân yn ferset te kommen tsjin dizze herijking; en giet oer ta de oarder fan de dei. Dizze moasje is Oernommen Oannommen Fersmiten
……………………………………………… Griffier
Stimferhâlding CDA Foar: Tsjin:
PvdA
FNP
VVD
GBTL
GL
CU
D66
De Wind
Semplo nius
Poiesz Zijlstra
TOTAAL