CConstaterende datSúdwest-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

10. TV RAAD FNP - antwoorden

Raadsvergadering 10 juli 2025, gemeente Súdwest-FryslânBij agendapunt: Jierstikken Gemeente Súdwest-Fryslân 2024949 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Thea Hoekstra-Vleer : FNP

Kommisjegearkomste/Ried

: Riedsgearkomste

Datum

: 10 july 2025

Agindapunt

: 10

Underwerp

: Jierstikken 2024

1. By de bekostigingsregeling opfang ûnthiemden Oekraïne restearje der middels. Yn it riedsfoarstel (side 1) wurdt oanjûn dat der €700.000 út de algemiene reserve ûntlutsen wurdt foar de opfang fan Oekraynske ûnthiemden. De FNP hat technyske fragen steld oer yn te setten middels foar maatskiplike partisipaasje, lykas ekstra ynset fan skoalmaatskiplik wurk of saakkundigensbefoarding op basisskoallen mei ynstream fan Oekraynske learlingen. Jo jouwe it foarnimmen oan om de €700.000 op koarte en langere termyn yn te setten foar de opfang, húsfesting en maatskiplike partisipaasje fan ûnthiemde Oekraïners, oare nijkommers en oare doelgroepen dy’t urgint ûnderdak sykje. Ferfolchfraach: Falt ûnder maatskiplike partisipaasje ek dat der in diel fan it beskikbere budzjet ynsetten wurde kin foar gearwurking tusken skoallen, wolwêzenswurk en sportferieningen om de maatskiplike partisipaasje fan nijkommershúshâldingen te befoarderjen? Antwurd: Ja. Hoewol't de krekte ynfolling fan it befoarderjen fan maatskiplike partisipaasje noch net bepaald is, sjogge wy yn alle gefallen in mearwearde yn de gearwurking tusken skoallen, wolwêzenswurk en sportferienings as middel om de partisipaasje fan nijkommers te befoarderjen. 2. Side 18: Skoalmaatskiplik wurk. Der is 1 fan de 2 fte behâlden. Fraach: binne der oare gearwurkingspartners te belûken? De kosten fan it net op tiid bieden fan SMW en it evt.

gefolch (û.o. skoalútfal, problematysk gedrach) kinne heech útfalle. Antwurd: De 2 fte ekstra wie fan tydlik aard (NPO middels). Dat wie al ekstra yn ferliking mei de ynset dêrfoar. Troch it mei beteljen fan de skoalbestjoeren kin no 1 fte ekstra behâlden bliuwe. Der binne gjin oare soart ynstellingen dy't meibetelje kinne oan de ynset fan skoalmaatskiplik wurk dat ynset wurdt fanút de gemeente. Der binne ek skoallen lykas it MBO, kluster 3 (Piet Bakkerschool en Sinne) en it Renn 4

ûnderwiis (VSO Sneek) dy't sels in skoalmaatskiplik wurker yn tsjinst hawwe en / of ynhiere. Dêr wurkje ús gebietsteammeiwurkers en ús eigen skoalmaatskiplik wurkers ek mei samen. De ynvestearring yn previnsje en iertiid sinjalearjen is yndied bedoeld om djoerdere soarch foar te kommen. Dêr is skoalmaatskiplik wurk ien ûnderdiel fan, dêr't dus no, mei tank oan de PO skoallen 1 fte ekstra beskikber is. Dêrneist sette wy fanút de gemeente yn op previntive ynset troch de POH Jeugd, GGD, jongereinwurkers, buertsportcoaches en oare previntive projekten mei skoallen, byfoarbield CoolSúdwest. 3. Side 18: In passend plakje foar bern yn de leeftyd fan 2 oant 4 jier mei gedrachs-, ûntwikkelings- of opgroeiproblemen. Fraach: hoe moatte wy dat sjen binnen it ynklusive ûnderwiis as it ûndersteuningsferlet net falt binnen de reguliere berne-opfang en BEC. Antwurd: Binnen de gemeente Súdwest-Fryslân konstatearje wy, krekt as in soad oare gemeenten, dat der in groep jonge bern is dy't net altyd binnen it besteande oanbod passend hulp krijt. Dat liedt yn guon gefallen ta situaasjes dêr't bern tydlik sûnder passend plak sitte of lang op in plak ferbliuwe dy't net genôch oanslút by harren ûndersteuningsferlet, mei de nedige gefolgen foar it bern sels, foar de oare bern yn de groep, foar âlden en foar de pedagogysk meiwurkers.

Dit fraachstik rekket oan'e bredere diskusje oer ynklusiviteit binnen de foarskoalske foarsjennings. De resint publisearre hantrekken fan Sardes (april 2024) beskriuwt ynklusive foarsjennings as it útgongspunt: plakken dêr't alle bern, mei en sûnder ekstra stipe ferlet, mei-inoar leare kinne, boartsje en harren ûntwikkelje binnen in reguliere setting. Tagelyk wurdt erkend dat in passende foarsjenning – bygelyks in groepsfoarsjenning mei ekstra ekspertize – bûten it reguliere oanbod yn guon gefallen needsaaklik is om rjocht te dwaan oan it ûntwikkelferlet fan it bern. De hantrekken beklammet dat beide foarmen – ynklusyf en passend – neistinoar bestean kinne en dat gjinien fan beide per definysje better is. De ôfwaging moat hieltyd makke wurde op basis fan it yndividuele bern, de mooglikheden fan it fjild en de útfierberens yn'e praktyk. De hantrekken is te finen fia de folgjende link: https://open.overheid.nl/documenten/7c3999a7-fb4a-4768-8340-dfa7eadc433d/file (Titel: Handreiking inclusief onderwijs voor jonge kinderen – Sardes, april 2024) De beliedsmjittige ôfwaging is dan ek oft it reguliere oanbod foldwaande fersterke wurde kin om oan dat ûndersteuningsferlet te foldwaan, of dat der oanfoljende, mear spesjalistyske foarsjennings nedich binne. Beide benaderingen freegje om in soarchfâldige analyze fan de mooglikheden en beheiningen, sawol ynhâldlik as organisatoarysk.

As gemeente sette wy yn op it fersterkjen fan it reguliere oanbod, mei as útgongspunt dat safolle mooglik bern yn in ynklusive setting opfongen wurde kinne. Der is de ôfrûne jierren ynvestearre yn it fergrutsjen fan de pedagogyske kwaliteit, yn âlderbelutsenens, en yn it nei foaren heljen fan lichte foarmen fan stipe, lykas skoalmaatskiplik wurk. Dizze ynspanningen wurde fuortset en wêr mooglik útwreide. Der wurdt binnen it fjild oanjûn dat, nettsjinsteande de ynset op it fersterkjen fan it reguliere oanbod, dat net yn alle gefallen tarikkend is. Professionals jouwe oan dat de mooglikheden om it reguliere oanbod fierder te fersterkjen beheind binne en dat der grinzen binne oan wat binnen in reguliere groep fan pedagogysk meiwurkers frege wurde kin. Dizze weromkeppeling wurdt meinommen yn de fierdere beliedsûntwikkeling. Om ta in goed ûnderboude oanpak te kommen is it fraachstik op dit stuit yn kaart brocht op basis fan data, praktykobservaasjes en petearen mei belutsen partijen, dêrûnder berne-opfang, ûnderwiis, jeugdsûnenssoarch en jeugdhelp. Op basis hjirfan binne ferskate senario’s en tinkrjochtingen opsteld en weromlein yn it fjild. De ynput dy't dêrút kommen is wurdt brûkt om de ferfolchstappen foarm te jaan. Op dit stuit wurdt wurke oan it útwurkjen fan in oanpak dy't oanslút by it lokale ferlet en dy't rekken hâldt mei de útfierberens yn'e praktyk.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/15787996/1