CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

10. TV CIE FNP l antwoorden

Raadsvergadering 2 februari 2023, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Fêstigje foarkarsrjocht perseel grûn yn Toppenhuzen367 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje

: Sicco Rypma : FNP Súdwest-Fryslân

Kommisjegearkomste Datum

: Tongersdei 19 jannewaris 2023

Agindapunt

:7

Underwerp

: Fêstigje foarkarsrjocht perseel grûn Toppehuzen

1.

Under oare Doarpsbelang Top en Twel fynt dat mei namme de Eastwei de meast winske lokaasje foar útwreiding wentebou is. a. Wêrom is net earst keazen foar de Eastwei? b. Is de Eastwei foar de takomst yn byld as boulokaasje? Antwurd: a. Foar it beäntwurdzjen fan dizze fraach ferwize wy nei it antwurd op fraach 2. b. De lokaasje oan de Eastwei komt foarearst net yn byld foar wenningbou. Dit komt troch de romtlike en stêdeboukundige knyppunten, de wize wêrop ’t wenningbou op dizze lokaasjes ynbrek makket op it bûtengebiet en de ferwachte (beheinde) ûntwikkeling fan it wenningferlet. Foar in neiere útwurking fan ‘e knyppunten ferwize wy nei it antwurd op fraach 2.

2.

Sitaat: Er heeft een quick scan plaatsgevonden naar mogelijke locaties. Helaas zijn er geen geschikte inbreidingslocaties. Fraach: a. Hokker lokaasjes binne ûndersocht? b. Wêrom binne dizze net geskikt? Antwurd: a. Wy hawwe neist lokaasjes oan de noard en/of de westside fan Toppenhuzen ek lokaasjes oan de eastside fan de Afkelânsdyk en de Eastwei en lokaasjes oan wjerskanten fan de Forbinningswei besjoen. b. Foar ferskate lokaasjes yn Toppenhuzen is besjoen oft der al dan net romtlike knyppunten binne foar eventuele takomstige bou. De lokaasjes oan de eastside fan de Afkelânsdyk en de Eastwei en lokaasjes oan de Forbinningswei binne úteinlik net as foarkarslokaasje foar wenningbou nei foaren kaam.

Oangeande lokaasjes oan de noard en/of de westside fan Toppenhuzen soarget de lûdkontoer fan de: A7, de Alde Rykswei 43 en it bedriuweterrein oan it Ges foar in grut knyppunt. De perselen oan de eastkant fan de Afkelânsdyk en de Eastwei lizze yn it bestimmingsplan Bûtengebiet Wymbritseradiel. De perselen hawwe de bestimming ‘Agrarysk’. De perselen lizze dêrneist bûten it saneamde stedsgebiet wêrtroch’t ’t in útwreiding oan dizze kant net sûnder mear mooglik makke wurde kin. Fierder docht bebouwing op dizze lokaasje ôfbrek oan e ûntginningsstruktuer. Stêdeboukundich giet de foarkar út nei ynbreidzjen yn of bouwen oan it lint. Sawol ferkearskundich as lânskiplik giet de foarkar net út nei it bouwen oan dizze kant fan Toppenhuzen.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/12332715/2