10. TV CIE FNP I antwurden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Tsjerk Bouwhuis : FNP
Kommisjegearkomste/Ried
: DSO
Datum
: 2-9-2025
Agindapunt
:9
Underwerp
: Beneaming lid Ried fan tafersjoch ‘Stichting RSG Magister Alvinus’
1.
Bijlage 2 - Uitgaande brief _____Geredigeerd Is der wier in brief útgien fan de teammanager Beleid Sociaal Domein op 24 juny 2025, fanút Snits, wêryn oanjûn wurdt dat de ried op 18 septimber in beslút naam hat om immen te beneamen per 1 augustus? Is dat net wat frjemd? Antwurd: Der is op 24 juny 2025 gjin brief útgien fan de teammanager Beleid Sociaal domein nei de ried fan tafersjoch fan RSG Magister Alvinus yn relaasje ta it riedsbeslút. De oanbelangjende brief by de riedsstikken is by it opstellen automatysk fan in deitekening foarsjoen. Dit kin yndied betizing skeppe. De bedoeling is dat dizze brief ferstjoerd wurdt nei't der in posityf riedsbeslút naam is.
2.
Raadsvoorstel - Benoeming lid ____ Raadsvoorstel: Mevrouw I. Wijnholds tot nieuw lid van de Raad van Toezicht van Stichting RSG Magister Alvinus te benoemen per 1 augustus 2025. Klopt it dat de beneaming al yngean litten is foardat de ried formeel in beslút naam hat? Mei oare wurden, der kinne dan al besluten nommen wêze troch immen dy’t offisjeel noch gjin lid wie. Binne dy besluten dan net yn prinsipe ûnjildich? Antwurd: De formele beneaming is noch net yngien. In lid fan de ried fan tafersjoch (hjirnei: RfT) fan RSG Magister Alvinus is pas rjochtsjildich beneamd as de gemeenteried de beneaming dien hat. Salang't dat net bard is, is immen formeel noch gjin tafersjochhâlder en telt hy / sy noch net mei yn de beslútfoarming. Eventuele nommen besluten binne jildich salang't dy mar fan in mearderheid fan stimmen foarsjoen binne
Dêrneist is it sa dat de RfT op 9 oktober foar it earst wer fergaderet en besluten nimt yn it nije skoaljier. Dan kin it nije lid har stimrjocht ynsette. Dit is nei it riedsbeslút fan 18 septimber Yn ús gemeente komt it foar dat by beneamingen fan leden fan de RfT de beneaming yn de praktyk al yngien is, wylst de gemeenteried har formele goedkarring noch jaan moast. Dit út it fertrouwen dat de gemeenteried de foardracht goedkarre sil, hielendal as de wurkproseduere soarchfâldich trochrûn is. Dêrby komt ek dat de rol fan de gemeenteried formeel is. Sy hat it ynstimmingsrjocht. Sy docht net de wervingsproseduere. Dizze situaasjes hawwe meastal planningtechnyske oarsaken. Lykwols, troch immen alfêst starte te litten, kin it lid alfêst ynwurke reitsje en wurdt op dizze wize de kontinuïteit fan tafersjoch garandearre.