10. TV CIE FNP I antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Rene van der Ley FNP
Kommisjegearkomste Datum:
18-9-2023
Agindapunt:
4
Underwerp:
Bestimmingsplan ‘Buitengebied Súdwest-Fryslân II
Fraach: 121. nrs. 5 en 7a Tjalhuizum - Yn de ekstra DSO gearkomste fan 7 septimber had hat de ynsprekker sjen litten dat der foarhinne in lange tiid in pleats stien hat op perseel 5 en 514 (foto fan 1984 tresoar ), hat dat noch ynfloed op de fúzje oantsjutting sa 't dy yn it plan stiet? Antwurd: Op it perseel stie foarhinne in pleats. Dizze pleats is foar 2010 ôfbrutsen. Yn 2010 hat de eardere gemeente Wymbritseradiel in nij bestimmingsplan fêststeld foar it bûtengebiet. Yn dit bestimmingsplan is de (ôfbrutsen) pleats net mear opnommen (feitlike situaasje). It wie ek net de bedoeling dat der werbou plakfine soe fan de pleats. Tsjin dizze wiziging is gjin ynspraak reaksje/sjenswize/berop ynsteld. De bestimming, opnommen yn it bestimmingsplan Bûtengebiet Wymbritseradiel, leit dus fêst. De pleats is dêrom ek net opnommen yn it bestimmingsplan Bûtengebiet SWF-II dat no yn proseduere is. It wer opnimmen fan de pleats kin net want dat is in nije ûntwikkeling. De opslach fan agrarysk saken moat plakfine op it feitlike boerehiem. Dus net op de lokaasje wêr’t de pleats doetiids stie. Dizze lokaasje makket nammentlik gjin ûnderdiel (mear) út fan it boerehiem. Dit yn ferbân mei oansjoch en dat hat ek te meitsjen mei de neistlizzende monumintale klokketoer/begraafplak