10. TV CIE FNP - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner: Fraksje:
Thea Hoekstra-Vleer FNP
Kommisjegearkomste Boarger en Mienskip Datum:
25 juny 2025
Agindapunt:
5
Underwerp:
Jierstikken gemeente Súdwest-Fryslân 2024
Fraach: Yn it riedsfoarstel (side 1) wurdt oanjûn dat der €700.000 út de algemiene reserve ûntlutsen wurdt foar de opfang fan Oekraynske ûnthiemden en €70.000 foar GGD-soarch yn dat ramt. Kin oanjûn wurde oft (in part fan) dy middels ek brûkt wurde meie foar ûnderwiisrelatearre foarsjenningen dy’t bydrage oan maatskiplike partisipaasje, lykas ekstra ynset fan skoalmaatskiplik wurk of saakkundigensbefoardering op basisskoallen mei in ynstream fan Oekraynske learlingen (bgl. De Klimbeam yn Koudum)? Antwurd: De bekostigingsregeling opfang ûnthiemden Oekraïne bestiet foar it grutste part út normbedragen en wurdt dus net útkeard op grûn fan werklik makke kosten. Hjirtroch restearje der middels. Wy binne foarnimmens om de € 700.000 op koarte en langere termyn yn te setten foar de opfang, húsfesting en maatskiplike partisipaasje fan ûnthiemde Oekraïners, oare nijkommers en oare doelgroepen dy't urgint ûnderdak sykje. De € 70.000 foar GGD soarch moatte wy yn 2025 noch betelje oan de Veiligheidsregio. Dêr bliuwt gjin budzjet op oer.