10. TV CIE CDA - antwoorden
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
: Jos de Boer : CDA Súdwest-Fryslân
Kommisjegearkomste/Riedsgearkomste Datum
: 29-03-2023
Agindapunt
:6
Underwerp
: Nota “Kunstgras in Súdwest-Fryslân, nu en in de toekomst”
1.
In it stik stiet dat Boalsert, Warkum it krekt rêde kinne mei de fjilden, no’t Makkum, Wytmarsum, en Drylts (Arum sil wol nei Achlum gean) aanst gjin keunstgêrsfjilden mear hat, wykje dizze klups dan út nei Boalsert, Warkum of Snits? Antwurd: Op dit stuit binne der mear ferienings sûnder as mei keunstgersfjild. Foar alle ferienings dy't gjin keunstgersfjild hawwe, jildt dat se net gebrûk meitsje kinne fan de fjilden as dy troch it waar (te wiet of te drûch) net bespylber binne. Foar dizze situaasje moatte dizze ferienings alternativen betinke. Meastentiids wurde trainings dan ôfsein. Oft dizze ferieningen dan útwike sille nei de neamde ferienings mei keunstgers, is oan de ferienings sels. Dêr hawwe wy gjin rol yn.
2.
Ut ús achterbân hearre wy dat it somtiden al lestich is om in plak te reservearjen by in klup mei in keunstgêrsfjild. Hoe giet dit as der noch minder keunstgersfjilden binne? Binne ferienings dan twongen om net te trainen as harren eigen akkommodaasje it net mear ta lit troch min waar?
Antwurd: Yn de praktyk hawwe de ferienings dy't wol oer in keunstgersfjild beskikke faak in sadanich fol programma dat der net in soad romte oerbliuwt foar oare ferienings. Dat is der krekt de reden fan dat dizze ferienings wol oer keunstgers beskikke kinne. Trainings hoege net folslein te ferfallen as fjilden net beskikber binne.
3.
Yn it oersjoch op pagina 6 falt te lêzen by Boalsert dat 1 fjild goed is en de oare foldocht. dit lêste fjild giet wierskynlik oer it fjild by de iisbaan, dit is hielendal keal want der sit hast gjin spryt mear op. Neffens wa foldocht dit fjild? Antwurd: Mei it 2e keunstgersfjild yn Boalsert wurdt yndied it heale fjild yn de iisbaan bedoeld. Dit is in trainingsfjild. Dêr wurde oare easken oan steld as oan in wedstriidfjild. It fjild is foar 2010 realisearre wêrtroch 't offisjeel net keurd hoecht te wurden. Hoewol 't fjild der fersliten út sjocht hawwe wy oant no ta gjin fragen of klachten oer de kwaliteit fan it fjild krigen. Foar in trainingsfjild foldocht dit fjild noch.
4.
Op pagina 7 stiet de som 6x €15.000 = €105.000, dit moat fansels €90.000 wêze.
Antwurd: Tank foar jo skerpe blik; jo hawwe fansels gelyk. Dizze flater sil ferbettere wurde. Ien en oar hat fierder gjin konsekwinsjes foar de rest fan de Nota.