10. amendement FNP, CDA, PvdA, NS, GBTL - taryfferheging fêste lisplakken
Tekst van het document
AMENDEMINT (kêst 27 RvO) Fan
:
Tsjerk Bouwhuis – FNP PvdA, CDA, Nieuw Sociaal, GBTL
Oan
:
De foarsitter fan de ried
Agindapunt
:
10
Ûnderwerp
:
Verordening op de heffing en invordering van lig- en staangeld 2025
Datum riedsgearkomste
:
19-12-2024
1. Foarnommen beslút as opnommen yn it riedsútstel Verordening op de heffing en invordering van lig- en staangeld 2025 vast te stellen. 2. Útsteld wurdt it foarnommen beslút neamd ûnder 1. oan te foljen mei: Verordening op de heffing en invordering van lig- en staangeld 2025 vast te stellen met dien verstande dat het tarief voor de vaste ligplaatsen op de A en B-locaties met maximaal het inflatiepercentage van 2,3% ipv 35% verhoogd wordt, en de pleziervaartuigen per nacht (passanten) wordt verhoogd met 39% in plaats van 35%. Taljochting: Yn sawol 2018 as 2019 is der in útstel dien om de tariven foar de fêste lisplakken op de B-lokaasjes flink te ferheegjen. Troch in soad opskuor út de mienskip hat de ried yn beide kearen in amendemint oannaam, sadat de ferheging beheind bleau ta 5% en it ynflaasjepersintaazje. By de behanneling fan de programmearbegrutting hat de FNP opnij oanjûn dat sy de taryfferheging foar de fêste lisplakken ek dit kear net heger oprinne litte wol as it ynflaasjepersintaazje. Ut de antwurden op de technyske fragen fan de FNP by de behanneling fan de programmearbegrutting die bliken dat it net mooglik is om in ûnderskied te meitsjen yn taryfferheging tusken fêste lisplakken op de A en B lokaasjes. Wol is it mooglik om ûnderskied te meitsjen tusken fêste lisplakken en passantenlisplakken.
Omdat de taryfferheging fan de lisplakken brûkt wurdt om it tekoart foar de brêgebetsjiningen te dekken, fine de yntsjinjende partijen dat dizze ferheging foaral lizze moat by de brûkers dy't dêr it measte gebrûk fan meitsje. Yn de regel binne dat mear passanten as de faak lytse, platte fiskersboatsjes op de fêste lisplakken yn de doarpen en stêden. Troch de taryfferheging foar de fêste lisplakken te beheinen ta it ynflaasjepersintaazje fan 2,3% yn plak fan de troch it kolleezje foarstelde 35%, sil der in tekoart ûntstean fan sa'n €35.000,-. Om dit tekoart op te fangen, wurdt in taryfferheging fan 39% by de passanten foarsteld yn plak fan de earder neamde 35%.
Dit amendemint is Oernommen Oannommen Fersmiten
……………………………………………… Griffier
Stimferhâlding PvdA Foar Tsjin
CDA
FNP
VVD
GBTL
D66
NIEUW SOCIAAL
PVV
GL
CU
FvD
Mooi SWF
TOTAAL