Moasje FNP - Herijking gemeentefonds
Tekst van het document
Moasje Herijking gemeentefonds
De gemeenteried gear op 16 febrewaris
Konstatearjende dat:
Der in fikse koarting driget op de bydrage út it Gemeentefûns foar de measte Fryske gemeenten; It Gemeentefûns in belangryk part fan de begrutting foarmet; Yn de measte gemeenten yn Fryslân tusken 40-83 euro per ynwenner der op efterút buorkje;
oerwaagjend dat: dêrtroch gemeenten it ferskuorjendste dreech hawwe de begrutting slutend te krijen; in kompensaasje efternei – sa’t Minister Ollongren foarsteld – moster nei it miel is; in grut oantal gemeenten dit jier al in fikse ferheging fan de belestingen trochfierd hawwe om de begrutting slutend te krijen; in grut oantal gemeenten dit jier al besunige hawwe op saken as leefberens, kulturele ynstellingen, ferieningslibben en sport; dêrmei de ynwenners fan ús gemeenten hurd troffen wurde; der in ferskraling fan de leefberens fan Fryslân op de loer leit;
Fersiket oan it kolleezje:
har ôfkar út te sprekken oer de plannen foar de herijking fan it Gemeentefûns; tegearre mei de VFG en de Fryske gemeentes sa gau as mooglik yn ferset te kommen tsjin dizze herferdieling.
En giet oer ta de oarder fan de dei.
FNP, Durk Oosterhof.