CConstaterende datSmallingerland
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje FNP en GL - Hegewarren, dynamyk fan broeikasgasemissies en -fêstlizzing yn de tiid

Het Debat 19 april 2022, gemeente SmallingerlandBij agendapunt: Gebiedsontwikkeling Hegewarren420 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Moasje omtrint riedsútstel Hege Warren

De ried fan Smellingerlân, gear op tiisdei 19 april 2022, oerwaagjend itjinge dat yn de taljochting stiet, Beslút: Dat it kolleezje by de fierdere útwurking fan de fariant (of farianten) der foar soargje moat dat ek de dynamyk fan de broeikasgasemissies en -fêstlizzing yn de tiid goed yn byld brocht wurdt en yn byld hâlden wurdt, mei as doel om dêr by it meitsjen fan keuzes ek op stjoere te kinnen. En giet fierder mei de gearkomste. FNP, Durk Oosterhof

GroenLinks, Peter Lesterhuis

Taljochting De gebiedsûntjouwing Hege Warren is ûnderdiel fan it oplossen fan de feangreideproblematyk. Koartsein is de problematyk dat der by de ynklinking fan it fean (faak troch te lege grûnwetterpeilen) CO2 frijkomt. Dat der CO2 frijkomt hat der mei te krijen dat by lege wetterpeilen der mear soerstof yn de grûn komt, dat it boaiemlibben brûkt om de organyske stof yn de boaijem ôf te brekken. As de ôfbraak fan organysk materiaal plakfynt sûnder dat der soerstof oanwêzich is, dan kin methaan (CH4) ûntstean. Gniisgas (N2O) – in sterk broeikasgas - kin frijkomme by omsettingen fan stikstofhâldende stoffen yn de grûn. Yn it foarkaralternatyf ‘Open en Natuurlijk’is sprake fan in protte grûnferset. Op dit stuit is noch net goed bekend hoefolle broeikasgassen by dat ferset frijkomme sille. Omdat it plan is it fean ûndergrûns te fergraven, sil der dan nei ferwachting gjin of net safolle CO2 frijkomme. Wat allinnich noch net goed útsocht is, is wat it effekt wêze sil foar de methaanemissy yn dat trajekt en

faaks dat der ek noch wat ekstra gniisgas (N2O) foarme wurde sil. De lêste twa broeikasgassen hawwe likernôch 28 en 300 kear it effekt fan CO2. Foar it klimaat is it wichtich dat de emissie fan broeikasgassen sa gau mooglik beheind wurdt. De ried sil no beslute hokker fariant fierder útwurke wurde moat. Yn 2024 sil der dan besletten wurde hoe oft it fierder gean sil (it saneamde go-no go momint). De FNP fynt it wichtich dat itjinge dat de oanlieding is ta de gebiedsûntjouwing (de feangreideproblematyk, c.q. de broeikasgasemissies út de feangreiden) goed foar eagen hâlden wurdt. Mocht it sa wêze dat der troch it fergraven van it fean de broeikasgasemissies sterk tanimme, dan moat dat wol op tiid yn byld komme, sadat dêr op akteard wurde kin. En om dat te kinnen moat by it útwurkjen fan de plannen ek de dynamyk fan de útstjit en fêstlizzing fan broeikasgassen goed yn de tiid setten wurde, sadat dêr ek op akteard wurde kin.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/11418075/3