CConstaterende datSmallingerland
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage 1 - Oanbiedingsbrief 'Meielkoar dogge wy mear'

Het Debat 12 juli 2022, gemeente SmallingerlandBij agendapunt: Debat coalitieakkoord en benoeming wethouders786 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Oan

leden fan de gemeenterie fan Smellingerlân

4 july 2022 Underwerp Oanbiedingsbrief 'Meielkoar dogge wy mear - akkoart Smellingerlân perioade 20222026'

Achte riedsleden, By de ferkiezings foar de gemeenterie op 16 maart kaam it CDA by ús as grutste foar it ljocht, krap folge troch de ChristenUnie, elts mei fiif sitten. Ynformateur Geart Benedictus (CDA) hat foarsteld om in koalysje te foarmjen, besteande út CDA, CU, VVD (3 sitten), GL (2 sitten) en de FNP (1 sit). De fiif partijen hawwe elts twa ûnderhannelers levere wêrmei’t se de koalysjeûnderhannelings fierd hawwe. Dit wienen foar it CDA Tjebbe van der Meer en Minke Voor-Veenstra, foar de CU Sebastiaan Roelofs en Klaas van Veelen, foar de VVD Marco Molhoek en Sipke Hoekstra, foar GL Lucienne Meinsma en Peter Lesterhuis en foar de FNP Durk Oosterhof en Reitze Jonkman (foarsitter FNP Smellingerlân). Sy waarden by gelegenheid ferfongen troch Douwe Hiemstra en Eeuwe van der Velde (CDA), Corrie Ponne (CU) en Jille Booi (GL). Op 26 april gie it los mei de formaasjefaze, mei Geart Benedictus en Gerben Huisman (CU) as formateurs. De formateurs waarden stipe troch Alan Slomp, Johannes Vlietstra, Peter Boomsma en Bianca Jousma. Winfried Bruinsma (Drachten, foarhinne gemeentedichter fan Smellingerlân) hat it akkoart oerset yn it Frysk. Hy fynt dat in hiele eare. Foarmjouwing is fersoarge troch Koert Posthumus fan it Drachtster bedriuw Level Communicatie. It gedicht Mienskip is makke troch ús notiidske gemeentedichter Katherine van der Velde.

Fanôf de úteinset hat de ynstek fan de formaasje west om een akkoart op te stellen op haadlinen mei in tal (kearn-) punten, dy’t sjoen wurde as de kearn fan de gearwurking, wêr’t dúdlike ôfspraken oer makke wurde. Op oare ûnderwerpen binne mei opsetsin gjin ôfspraken makke. Neist dit proses hawwe de formateurs yn petear west mei de net-formearjende partijen om it saneamde ‘parallel proses’ gear te stallen. Ophelle is hokker ûnderwerpen oft de net-formearjende partijen graach werom sjen wolle yn it akkoart. We tankje dizze partijen ek hertlik foar de iepen en noflike oerlizzen.

Correspondentie-adres: Postbus 10.000 9200 HA Drachten

Gauke Boelensstraat 2 9203 RM Drachten Telefoon (0512) 58 12 34

E-mail gemeente@smallingerland.nl Internet www.smallingerland.nl

GEMEENTE SMELLINGERLAN Us kenmerk

Datum 4 july 2022

Bladnr. 2

Op trije maaie binne de kearnpunten formulearre, dit binne: finânsjes, sosjaal domein, feiligens en de mienskip. Ek oer de planning en wurkwize fan de ûnderhannelings binne ôfspraken makke. De ûnderhannelers hawwe hun foarôfgeand oan de ûnderhannelings ynformeare litten troch partijen fan bûten, gearwurkingspartners en de amtlike organisaasje. Us tank oan elts dy’t op dizze wize jild yn it ponkje dien hat foar it formaasjeproses. Ek hawwe de ûnderhannelers te witten krigen fan de brieven dy’t fan mannich organisaasje ynstreamd binne. Fan 10 maaie oant en mei 10 juny binne de ynhâldlike gesprekken oer de kearnpunten fierd.

10 maaie Finânsjes 18 maaie Sosjaal Domein • Alex Bonnema (direkteur bestjoerder Caparis), Tjally Otter (direkteur bestjoerder Carins), Ineke Weernink (direkteur bestjoerder M.O.S.) 18 maaie Duorsumens 25 maaie Ekonomyske Saken • Douwe van Drogen (sintrummanager en nammens Ha&Ie), Geert Veenstra (foarsitter LTO Smellingerlân), Roelien Attema (bestjoerslid ICD) 25 maaie Wenjen • Elze Klinkhamer (direkteur-bestjoerder Accolade) 3 juny Sport/Kultuer • Evert-Jan Siderius (direkteur bestjoerder Sportbedriuw Drachten), Jeen Visser (foarsitter vv ONT), Karin Meijerman (direkteur bestjoerder de Bibleteek) 3 juny Fysyk Domein 3 juny Feiligens 10 juny Mienskip Under dizze perioade is de gemeenterie twa kear ynformearre oer it fuortskriden fan it proses middels in brief. Nei it klearmeitsjen fan de ynhâldlike gesprekken op 10 juny, hawwe de formearjende partijen op 17 en 24 juny de ôfrûnjende finansjele ûnderhannelings fierd. Hjirby is ek de portefúljeferdieling fêststeld. De fjouwer beëage âldermannen binne fanôf 17 juny oanheakke by de ûnderhannelings. Tidens de ûnderhannelings binne de kearnpunten fan de net-formearjende partijen, wêrmei’t op 18 en 19 maaie oerlizzen west binne, meiwoegen yn de ôfwagings. Op 21 juny is oerienkomstich de Gemeentewet it koalysjeakkoart foarlein oan boargemaster Jan Rijpstra, wêrby’t hy syn opfettings oer it akkoart te witten dien hat.

GEMEENTE SMELLINGERLAN Us kenmerk

Datum 4 july 2022

Bladnr. 3

Meielkoar dogge wy mear – akkoart Smellingerlân bestjoersperioade 2022-2026 wurdt op 5 july 2022 presintearre troch de formearjende partijen tidens in parsegearkomst op it terrein fan fuotbalferiening vv ONT yn De Pein. Op 12 july 2022 stiet it akkoart agindearre yn de gemeenterie fan Smellingerlân. Ut dy reden ûntfange jo it akkoart ûnder embargo oant tiisdei 5 july 17:00 oere. Ofslutend in tanksizzing oan Alan Slomp, Johannes Vlietstra en Peter Boomsma foar hun oanwêzigens, ferslachlizzing en beantwurding fan de stelde fragen tidens de formaasje. Nammens de formearjende partijen,

Geart Benedictus en Gerben Huisman

Bylagen: • Meielkoar dogge wy mear – Akkoart Smellingerlân perioade 2022-2026

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/11664629/1