8-2 Ried fan de Fryske Beweging, Jierferslach 2023
Tekst van het document
JIERFERSLACH
YNHÂLD
Algemien Ynterne saken Bestjoer
4 4
Stipers en oansletten organisaasjes Politike kommisje (POK)
It paad nei de takomst
Grutte Ried: fan Ried nei Advysried
5
Wizigingsakte Ried Fryske Beweging ûndertekene PR-kommisje
Eksterne kontakten Fryske kontakten
6
(Ynter)nasjonale kontakten
Polityk
Ynbring nije BFTK
7
Steateferkiezingen 2023
Ryksoerheid ferjit fannijs it Frysk
Kontakten mei OCW en Ried fan Europa Petear mei nije deputearre foar Taal Ynbring rûnetafelpetear
Utjeften en media Bûsboekje
8
It Nijs
Oare websiden en stipersnijsbrief
Aktiviteiten
Fear yn ’e broek
10
Plombrief
Priisútrikking oersetwedstriid Fedde Schurerlêzing
Ta Beslút
11
4 - Jierferslach 2023
ALGEMIEN Algemien
Yn it jier 2023 hat de Ried fan de Fryske Beweging him wer mei tal fan saken dwaande holden de Fryske taal en kultuer oanbelangjend. It wie boppedat in wichtich jier foar de Ried as organisaasje. Yn in karbriefwiziging waard nammentlik nei in soarchfâldige proseduere in struktuerferoaring fêstlein. Ek waard al hurd wurke oan in fernijingsslach fan de Ried folgjend út dy struktuerwiziging. Dy nije útstrieling moat yn 2024 syn beslach krije. Dêroer en oer al dy saken op it mêd fan it Frysk lêze jimme mear yn dit jierferslach.
tydskrift DE NIJE dat spitigernôch nei fjouwer jier ein 2022 ophâlde moast te bestean. Nanne is ree om de kommende tiid noch yn de redaksje fan It Nijs te bliuwen en dêr syn saakkundige bydragen te leverjen. Jehannes as Nanne hawwe beide de maksimale sittingstermyn fan tolve jier fol makke. As nij bestjoerslid koene we yn april Pieter de Zwart út Damwâld wolkom hjitte. Nei Simen Hofman is
YNTERNE SAKEN Ynterne Saken Bestjoer
Gearstalling op 31 desimber 2023: - Reinder Reitsma (ynterim-foarsitter en Fedde Schurerlêzing) - Nynke Beetstra (skriuwer, Mediaried en Politike Kommisje) - Arjen J. Dijkstra (ponghâlder en PR-kommisje) - Simen Hofman (PR-kommisje) - Pieter de Zwart (It Nijs en PR-kommisje). Adviseur: Geeske Krol-Benedictus. Administratyf meiwurker: Baukje Westra-Keulen. It bestjoer hat yn 2023 alve kear byinoar west. As gasten binne Bruno Rummler, Geart Benedictus en Klaas Groen in kear by de bestjoersgearkomsten oanskood. We hiene 31 desimber noch twa fakatueres yn it bestjoer en in ynterim-foarsitter dy’t graach plakmeitsje wol foar in fêste foarsitter. Mutaasjes It bestjoer yn desimber ôfskied naam fan Jehannes Elzinga en Nanne Hoekstra. Beide hawwe wakker krewearre foar de sichtberens fan it Frysk en it stimulearjen fan it, benammen skriftlik, brûken fan dy taal. Fierders soarge Jehannes foar Plombrieven oan minsken en organisaasjes dy’t it goede foarbyld jouwe wat it brûken fan it Frysk oanbelanget. En foar lju dy’t har op dat mêd bûtengewoan ûnderskiede, fersoarge er it útrikken fan de Fear yn ’e broek. Nanne wie ferantwurdlik foar twa websiden dy’t as doel hawwe om it lêzen fan it Frysk te befoarderjen: ItNijs.frl en Startside.frl. Hy hat dêr in soad wurk foar ferset. Dêrneist wie er belutsen by it Frysktalige
Pieter de twadde tweintiger yn ús bestjoer. De ferjonging set troch. Pieter is dosint Smart Industry, Bedriuwskunde en Boargerskip oan de mbû-skoalle Firda yn Drachten en oersetter Frysk foar Waze. Hy is yn it bestjoer ferantwurdlik foar de websiden fan It Nijs en de Ried en hy sit yn de PR-kommisje.
Stipers en oansletten organisaasjes
Op 31 desimber 2023 telde de Ried 276 beteljende stipers, fjouwer mear as it jier dêrfoar. De folgjende organisaasjes wiene yn 2023 by de Ried oansletten: - Feriening Frysk Ûnderwiis - Frysk Boun om Utens - Fryske Rie - Jongfryske Mienskip - St. Krúspunt Oekumenysk Platfoarm - St. Slach by Warns - Federaasje fan Fryske Studinteferienings - Feriening Iepen DoEk - Folkshegeskoalle Schylgeralân. Dizze organisaasjes binne allegear mei oergien nei de nije struktuer en binne no fertsjintwurdige yn de Advysried. Op 16 septimber wie de Ried fertsjintwurdige by it 100-jierrich bestean fan it FBoU yn Swol. In bysûnder en feestlik barren dêr’t it Boun troch kommissaris fan de Kening Arno Brok it predikaat keninklik útrikt krige. Fierders wiene der bestjoersleden fan de Ried
Jierferslach 2023 - 5
oanwêzich by de betinking fan de Slach by Warns, op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske studinteferienings yn Frjentsjer en yn maart op de ALG fan it FBoU yn Lelystêd.
Politike kommisje (POK)
De politike kommisje fan de Ried jout frege en net-frege advizen en funksjonearret as in skeakel tusken lanlike en provinsjale politisy mei as doel wach te wêzen op politike ûntjouwingen oangeande de posysje fan de Fryske taal en mooglikheden te benutten en te kreëarjen om dy posysje te fersterkjen. As gast is by de POK de nije deputearre foar it Frysk, Eke Folkerts, in kear oanskood. De POK hat yn 2023 trije kear oerlis hân. Oan de oarder hat ûnder oaren it ferslach fan it Europeeske Committee of Experts west mei dêryn it punt: Nim ‘taal’, ‘hûdskleur ’ en ‘etnyske komôf ’ yn de Wet Gelikense Behanneling op. Mei dit advys kin no besjoen wurde oft de line fan taaldiskriminaasje trochset wurde kin yn belied. Oare punten dêr’t de POK him oer bûgd hat: de nije BFTK, de mooglikheid om it draachflakbetingst te skrassen út de Wet op it Primêr Underwiis, Frysk yn de rjochtbank, wach wêze op de útfiering fan oannommen moasjes oer it Frysk yn de Twadde Keamer. Der sieten yn 2023 tolve minsken yn de POK: - Johannes Kramer, FNP, foarsitter - Sjirk Eildert Bruinsma, D66, skriuwer - Geart Benedictus, adviseur - Nynke Beetstra, RfdFB - Harry Bevers, VVD - Ynze de Boer, ChristenUnie - Menno Brouwer, PvdD - Hanneke Goede, SP - Maarten Goudzwaard, JA21 - Klaas Groen, Volt - Habtamu de Hoop, PvdA - Willem Verf, GrienLinks
DE TAKOMST It paad nei de takomst
Grutte Ried: fan Ried nei Advysried
De Grutte Ried, dat is de gearkomste fan it bestjoer mei oansletten selskippen en stipers, hat yn 2023 trije kear byinoar west. Op 15 maaie stie op de Grutte Ried yn Marsum de karbriefwiziging sintraal. Nei in lang en soarchfâldich trajekt fan oerlis mei de oansletten
selskippen wie it safier dat stimd wurde koe oer de útstelde wizigingen. Kearn fan de wizigingen wie om de rol fan de eardere Ried te feroarjen fan in foechhawwende Ried yn in Advysried. Foar in jildige stimming moast twatredde fan de Riedsleden oanwêzich wêze. Dat wie net it gefal. Dêrom moast der binnen fjouwer wike in nije gearkomste komme om op ’e nij te stimmen. Dan soe in gewoane mearderheid foldwaande wêze. Op 7 juny waard de ekstra gearkomste holden by Tresoar. It wie in koarte gearkomste mei eins mar ien punt op de wurklist: stimme oer de
karbriefwizigingen. Mei 8 foar en 1 tsjin waard de karbriefwiziging fêststeld. Op 9 novimber wie der wer in Grutte Ried yn Marsum. It wie de earste Grutte Ried yn de nije struktuer, de karbriefwiziging hie yntusken syn beslach krigen. Bûten de fêste oansletten selskippen wiene foar de nije Advysried al inkele potinsjele nije organisaasjes útnûge. Oan de oanwêzigen waard de fraach foarlein hokker ynstânsjes yn de beneaming komme moasten foar in sit yn dy Advysried. It bestjoer sil mei de útkomst fan dy diskusje fierder oan ’e slach. Nei it skoft prate Jelske Dijkstra ús by oer projekten fan Kennissintrum Mercator.
Wizigingsakte Ried Fryske Beweging ûndertekene Op 14 septimber 2023 is op it kantoar fan Sekuer Notarissen yn Surhústerfean de wizigingsakte fan de Ried ûndertekene. Doel fan de wiziging is om as stichtingsbestjoer slachfeardiger wurkje te kinnen en dêrmei ek formeel oan te sluten by de praktyk sa’t de Ried al jierren funksjonearret. Neist de Advysried en de goedrinnende Politike
6 - Jierferslach 2023
kommisje, is it foarnimmen om in Mienskipskommisje yn te stellen om in better netwurk op te bouwen yn Fryslân. It bestjoer hat yntusken ek it Húshâldlik Reglemint oanpast oan de nije situaasje.
PR-kommisje
Yn de simmer fan 2023 is de PR-kommisje fan de Ried begûn mei it útwurkjen fan in kommunikaasjestrategy foar de kommende jierren. Om de fernijing fan de Ried, dêr’t yn 2022 mei úteinset is, op in goede wize stal te jaan, is profesjonele help ynhierd yn de persoan fan Douwe Gerlof Heeringa fan Rumspringa. De oare leden fan de kommisje binne de bestjoersleden Arjen J. Dijkstra, Simen Hofman en Pieter de Zwart. Fierder sit Klaas Groen yn de kommisje. Hy is ûnderwiiskundige en spesjalist op it mêd fan digitale learmiddels. In tal sesjes ha west om fêst te stellen wat de driuwfearren fan de Ried binne en hoe’t de achterban better berikt en fergrutte wurde kin. Op basis dêrfan wurdt in plan en strategy foar it fernijen fan de Ried makke. In Ried dy’t kwa útstrieling en toansetting mear minsken en ynstânsjes oansprekke sil mei as úteinlik resultaat in better en rjochtfeardiger plak foar it Frysk. De Ried sil fansels likegoed noed stean foar de rjochten fan it Frysk troch oanbelangjende organisaasjes en politisy by de les te hâlden. Yn de rin fan 2024 sil de fernijde Ried presintearre wurde.
KONTAKTEN Eksterne kontakten
It bestjoer fan de Ried hat yn 2023 mei ferskate minsken en ynstânsjes kontakt hân.
Fryske kontakten
Mediaried Út namme fan de Ried sit bestjoerslid Nynke Beetstra yn de Mediaried fan Omrop Fryslân. De Ried komt dêryn op foar de belangen fan de Fryske taal en kultuer. De Mediaried komt fjouwer kear jiers byinoar. EBLT Jehannes Elzinga siet foar de Ried yn it Algemien Bestjoer fan it EBLT, it Europeesk Buro foar Lytse Talen. It EBLT soarget foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn Nederlân, de Euorpeeske Uny en de Rie fan Europa. It EBLT bestiet út fertsjintwurdigers fan mear as tweintich organisaasjes dy’t har ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.
Arjen J. Dijkstra folget Jehannes op by it EBLT. VanPlan VanPlan is it online eveneminteplatfoarm yn Fryslân. Elk kin syn evenemint pleatse op de aginda fan de VanPlan-webside. Dat kin ek yn it Frysk. De kaartferkeap-module wurdt by VanPlan allinnich yn it Hollânsk oanbean. De Ried stroffele deroer by de ferkeap fan de kaarten foar de Fedde Schurerlêzing en hat oanbean de tekst fan dy module yn it Frysk oer te setten. Dat waard ôfwiisd. Fertsjintwurdiging De Ried wie yn 2023 fertsjintwurdige by ferskate lêzingen en byienkomsten. By twa lêzingen fan DINGtiid: op 13 april yn De Haach oer ‘25 jier Europeesk Hânfêst’ en op 4 novimber yn it Ljouwerter Paleis fan Justysje oer ‘Taal en rjocht: de positive ympakt fan Frysk op de rjochtspraak’; op 18 maart by in gearkomste fan it Obe Postmaselskip mei as gastsprekker skriuwer Oek de Jong; op 22 septimber by de Streektaalkonferinsje yn Frjentsjer, organisearre troch St. Nederlandse Dialecten, de Nederlandse Taalunie, provinsje Fryslân en gemeente Waadhoeke: op 26 septimber by de ‘Europeeske dei fan de Talen’ fan it EBLT by Tresoar en op 5 novimber by de ‘Jonge Pioniers’ fan it Feitsmafûns yn it Steedhâlderlik Hôf yn Ljouwert. Dan hiene we noch ferskate politike kontakten, mar dy komme by it haadstik ‘Polityk’oan de oarder.
(Ynter)nasjonale kontakten
Manifest ‘Prachtich Plat’ Op 13 desimber waard it streektalemanifest ‘Prachtig Plat’ presintearre op it provinsjehûs fan Drinte. It manifest, in inisjatyf fan PerspectieF en BBB Jong, freget omtinken foar it behâld en it stimulearjen fan streektalen. Foar de Ried ûndertekene bestjoerslid Pieter de Zwart it manifest, hoewol’t dat net fuortdaliks foar de hân lei. Want, it Frysk is wol prachtich, mar net plat. Boppedat jilde de measte saken yn it manifest al foar it Frysk. Dochs stipet de Ried it inisjatyf.
Jierferslach 2023 - 7
Yn Fryslân wurde ek streektalen lykas it Bildtsk en it Stellingwerfsk sprutsen. De Ried fynt it wichtich dat elk him yn syn eigen dialekt of streektaal uterje kin. FUEN De Ried is oansletten by de FUEN, in grutte Europeeske organisaasje fan minderheden yn Europa. De eardere juridysk meiwurker fan de Ried, Frank de Boer, fertsjintwurdiget de Ried by de FUENgearkomsten. It jierlikse kongres wie yn septimber yn Súd-Hongarije. Der waarden ferskate resolúsjes oannaam dêr’t û.o. de oprop dien waard oan de EU en nasjonale oerheden om better rekken te hâlden mei minderheden. De Russyske agresje yn Oekraïne waar feroardiele, mei spesjale oandacht foar wat de oarloch foar de minderheden dêr betsjut. Op it kongres wiene sa’n 200 fertsjintwurdigers fan minderheden en politisy út hiel Europa. It fergelykjen en útwikseljen fan ûnderfiningen kin ynspiraasje biede foar Fryslân en is dêrom tige weardefol.
POLITYK Polityk
Ynbring nije BFTK
Oer de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t yn 2024 yngiet, hat de Ried tagelyk mei in tal oare Fryske organisaasjes yn jannewaris oerlis hân mei provinsjaal amtners dy’t de petearen dêroer tusken Provinsje en Ryk tariede. De Ried hat in tal punten nei foaren brocht dy’t neffens ús thús hearre yn dy nije BFTK. Wy neame hjir inkele: - It brûken fan it Frysk moat in subsydzjebetingst wêze as de provinsje subsydzje jout oan organisaasjes
yn (benammen) de kultuersektor. - Stribje nei 100% trijetalige skoallen yn it primêr ûnderwiis. Ast de talen jong oanlearst, hast in basis foar de rest fan dyn libben. - Soargje foar minder frijbliuwendheid fan de oerheid oangeande it Frysk. It Ryk en de provinsje hawwe in soarchplicht.
Steateferkiezingen 2023
Op 15 maart wiene de Steateferkiezingen. De Ried hie de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidiene, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen hawwe we alle dagen op It Nijs sa’n bydrage publisearre. De partijen mei it measte omtinken foar it Frysk wiene D66 en de ChristenUnie. Fan de gruttere partijen hiene PvdA en VVD it minste plak ynromme foar it Frysk. It makke foar de kiezer blykber net folle út, al dy partijen ferlearen.
Ryksoerheid ferjit fannijs it Frysk
Yn de tiid fan de koroanapandemy waard dêr troch de oerheid yn in grut tal talen oer kommunisearre, mar net yn it Frysk. Nei klachten waard dêr lang om let yn foarsjoen. Doe’t lykwols yn de hjerst fan 2023 de kwetsbere minsken wer in oprop krigen om in koroanaprip te heljen, waard it Frysk fannijs fergetten. Yn de Nederlânsktalige brief waard yn it Ingelsk, Arabysk, Turksk, Poalsk en Oekraynsk nei in webside ferwiisd foar in oersetting yn dy talen, mar net yn it Frysk. De Ried rôp dêrom yn in brief de ministearjes fan Algemiene Saken en Folksûnens op om tenei by sokke wichtige kommunikaasje de twadde rykstaal net te ferjitten.
Kontakten mei OCW en Ried fan Europa
Yn 2022 hie de Ried in brief skreaun oan it Ekspertkomitee foar minderheden fan de Ried fan Europa. Yn dy brief fregen we om oandacht foar de diskriminearjende oanpak fan it Frysk binnen it Nederlânsk ûnderwiissysteem. Foar it fak Frysk wurdt nammentlik draachflak frege, foar oare fakken net. Dy brief wie yn ôfskrift nei it Ministearje fan OCW (ûnderwiis) gien. Begjin 2023 hat dat laat ta in petear mei amtners fan dat ministearje. Dat wie in posityf petear, mar in formele reaksje duorre oant yn augustus, om’t men wachte oant it fjirde rapport fan
8 - Jierferslach 2023
it Ekspertkomitee ferskynde. Koartsein komt it derop del, dat it Ministearje fan OCW dochs gjin stappen sette wol om de ûnderwiiswetten te ferbetterjen. Wol hawwe se de provinsje oansprutsen oer it belied fan ûntheffingen. In amtner fan de provinsje fertelde ús dat OCW harren dêr yndied op oansprutsen hie en sei dat se der alles oan dogge om de ûntheffingekultuer te trochbrekken. Der sil yn alle gefallen oandacht foar wêze yn de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. De Ried sil de kommende tiid trochstride op dit dossier!
Ek hat de Ried skriftlik syn fyzje ynbrocht. Keamerlid Caroline van der Plas hat der noch út sitearre yn it petear.Dêrneist wie de Ried fertsjintwurdige op de publike tribune. De byienkomst wie in grut sukses mei in opkomst fan Keamerleden út sân politike partijen dy’t wiidweidich ynformearre waarden oer de posysje fan it Frysk.
Petear mei nije deputearre foar Taal
Op 20 july 2023 waard yn it Proeflokaal Grutte Pier Brouwerij yn Bartlehiem it nije Bûsboekje presintearre. Oer dat plak wie goed neitocht: yn brune kafees en oer Grutte Pier wurde sterke ferhalen ferteld. En sterke ferhalen foarmje it tema fan it Bûsboekje 2024. It earste eksimplaar waard troch redaksjelid Piter Andringa oanbean oan teäterechtpear Jan Arendz en Marijke Geertsma. By de presintaasje songen, alhiel neffens it tema, Nanne Kalma en Ankie van der Meer in liet oer in sterk ferhaal.
Op 12 oktober hie it deistich bestjoer fan de Ried in petear mei de nije deputearre foar Taal, Eke Folkerts. Wy hiene in oantal te bepraten ûnderwerpen op ús listje, mar it wie foaral in yn ’e kunde kommen. We hawwe û.o. wer wiisd op de needsaak om easken te stellen oangeande it brûken fan it Frysk oan ynstellingen dy’t subsydzje fan de provinsje krije. En dêr dan ek op te hanthavenjen. Soks docht fertuten: ûnderwilens wurde by guon subsydzjes al easken steld oan de Fryske taal. De portefúljes Taal en Kultuer binne skieden yn it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Mei de deputearre fan Kultuer, Sijbe Knol, ha we letter noch in petear.
PUBLISITEIT Utjeften en media Bûsboekje 2024
It Bûsboekje wurdt al 49 jier makke troch in frijwilligersredaksje. Alle jierren wurde der sa’n 3.000 stiks fan ferkocht yn winkels rûnom yn Fryslân. Foar mear ynformaasje sjoch www.busboekje.frl.
Ynbring rûnetafelpetear
Op inisjatyf fan it Fryske D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong organisearre de fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken op 12 oktober in unyk rûnetafelpetear oer de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Dêr wie in beheind tal Fryske pommeranten út fjouwer sektoaren foar útnûge: Rjochtspraak, Kultuer-wittenskip-media, Bestjoer en Underwiis. De Ried wie net streekrjocht útnûge oan tafel, mar wie fia POK-leden wol yndirekt oanwêzich.
It Nijs
Foar it fjirtjinde folsleine kalinderjier hat It Nijs yn 2023 alle dagen nijs yn it Frysk brocht. Der is fansels in protte feroare sûnt de start fan It Nijs yn augustus 2009. It ynternet bea doe de kâns om it medialânskip te ferrykjen mei in Frysktalige krante. Nijs wurdt troch
Jierferslach 2023 - 9
profesjonele redaksjes de hiele dei troch oer de snoadfoans ferspraat. Om’t soks foar in lytse redaksje net by te hâlden is, hat It Nijs him stadichwei mear op eftergrûnen en it lytsere nijs rjochte en wurdt in protte fan it grutte nijs dat al yn alle oare media komt, alhiel net mear opnaam.
wol op peil bleaun. It oanbod bleau ek breed, sadat der foar elk wat nijsgjirrichs te lêzen wie. Nei alle gedachten is it de konkurrinsje mei it ôfgryslik grutte oanbod fan aktualiteiten en ferdivedaasje fia de massamedia en de sosjale media, dy’t It Nijs parten spilet. Geregeldwei docht bliken dat it bestean fan It Nijs net rûnom bekend is. En guon minsken dy’t it wol kenne, binne harren der net sa bewust fan dat der alle dagen farsk nijs op de side komt.
Hoewol’t It Nijs altyd in krante bleaun is, wurdt dy wol opgnist mei filmkes. Mar dat blykt op himsels allegearre net genôch om grutte kloften lêzers oan te lûken. It Nijs bliuwt in medium foar Frysksinnigen, wylst it bedoeld wie foar elkenien dy’t it Frysk machtich is. De oantallen unike weromkearende besikers, dy’t we yn de ôfrûne jierren folgen, binne technysk net mear beskikber. Dêrom moatte wy no oare sifers brûke. Dat binne simpelwei de besikers. Neidiel is dat besikers by eltse besite op ‘e nij teld wurd. Der binne lykwols gjin bewurkingen op útfierd dy’t it byld fertekenje kinne.
In oersjoch fan de bêst lêzen artikels is hjirre te finen: https://www.itnijs.frl/?s=nijsoersjoch+2023. Dêr docht út bliken dat nijs oer it Frysk it bêste skoart en dat opinystikken – ynklusyf kollums, ek fan de nije kollumnisten – it goed dogge. It is oannimlik dat it lêzerspublyk fan It Nijs beheind bliuwt ta de efterban fan de Fryske Beweging. In protte lêzers komme fia in tal oanfierkanalen op de side. Dat binne yn haadsaak nijsbrieven (Wykblêd It Nijs, Deiblêd It Nijs, de moanlikse nijsbrief fan de Fryske Beweging) en sosjale media. Oantallen folgers op sosjale media en abonnees van nijsbrieven binne yn grutte halen gelyk bleaun. Der binne gjin ekstra publisiteitsaksjes dien omreden fan te min kapasiteit en yn ôfwachting fan nije plannen en ideeën fan de PR-kommisje. In plan foar in app op de telefoan is yn ôfwachting dêrfan útsteld. Aardich om te fermelden is noch dat yn july 2023 troch de Stichting Cito tastimming frege is om inkele artikels te brûken foar it sintraal eksamen yn it middelber ûnderwiis. Wy ha dy tastimming fansels ferliend. It giet om dizze publikaasjes: https://www.itnijs.frl/2022/09/eksklusyf-fraachpetearmei-steven-de-jong-oer-de-film-grutte-pier/ https://www.itnijs.frl/2023/03/sjoernaliste-frysk-en-itferfal-fan-de-skriuwtaal-in-foarbyld/
Yn grutte halen folgje de sifers dy’t no brûkt binne itselde patroan as de eardere, mei in oanwaaks fan besikers yn de begjinjierren fan de side en in pyk healwei it foarige desennium, dêrnei in delgong folge troch fannijs in opgong yn 2020 en 2021. Yn 2022 wie it tal besikers wer justjes leger en it docht no bliken dat dy nije delgong yn 2023 trochset is. It oantal lêzers wie yn 2023 sels it leechste fan de lêste 10 jier. It Nijs is yn it begjin fan it jier ien fan de twa fêste betelle meiwurkers kwytrekke; dat kin mei de delgong te krijen hawwe. Wol hat de oerbleaune fêste meiwurker der oeren bykrigen. En fierders binne der nije betelle kollumnisten oanlutsen. Mar dat hat dus te min fertuten dien om it lêzerspublyk fêst te hâlden. It oanbod fan minimaal in hânfol berjochten deis is
Oare websiden en stipersnijsbrief
It nijs fan It Nijs ferskynt ek automatysk op www. startside.frl, mei Frysktalich nijs fan oare websiden. Fierders ferskine berjochten fan It Nijs dy’t spesjaal nijsgjirrich binne foar de efterban fan de Fryske Beweging automatysk op de webside www. fryskebeweging.frl. Abonnees op it wykblêd fan It Nijs krije dat nijs nochris ien kear yn ’e moanne fia in digitale nijsbrief oer de mail. Stipers, organisaasjes en parse binne op de hichte brocht fan de aktiviteiten fan de Ried troch ús (papieren) Nijsbrief dy’t yn 2023 twa kear tastjoerd is.
10 - Jierferslach 2023
AKTIVITEITEN Aktiviteiten Fear yn ’e Broek
belofte fan ferbûnens yn it Frysk út te sprekken. Har aksje hat derta laat dat út ‘De Haach’ wei dúdlik waard dat sa’n eed of belofte ek inkeld yn it Frysk útsprutsen wurde mei. Dêrmei hat se in foarbyldrol ferfolle foar bûtenlanners dy’t har yn Fryslân fêstigje. Boppedat spilet se as lektor meartaligens in wichtige rol yn it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk yn it heger ûnderwiis yn Fryslân.
Priisútrikking oersetwedstriid
Alle jierren rikt de Ried fan de Fryske Beweging de Fear yn ’e Broek út oan in persoan of ynstânsje dy’t him ynset foar de Fryske taal en kultuer. Op 3 july 2023 hat in delegaasje fan de Ried by Hindrik en Beitske van der Meer yn Fûns ûnder Jorwert del west om Hindrik de Fear oan te bieden mei byhearrende oarkonde. Foarsitter Reinder Reitsma fan de Ried spruts nochris it grutte belang fan Hindrik syn krewearjen út foar de muzykwrâld yn Fryslân en foar de Fryske taal. Ien en oar stiet ek beskreaun yn de oarkonde.
Plombrief
De Ried stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har ynsette foar de Fryske taal. Op 6 april gie sa’n Plombrief nei Joana Duarte. De Ried wurdearret it stribjen fan Joana Duarte tige om har warberens foar it Frysk yn it algemien en yn it bysûnder om har Fryske identiteit fêst te lizzen troch by de ynboargeringseremoanje op 18 jannewaris ll. de
Yn 2022 hie de Ried yn gearwurking mei magazine DE NIJE noch in oersetwedstriid organisearre. DE NIJE bestiet yntusken net mear, mar der moast noch al in priisútrikking komme. Dy wie op sneintemiddei 19 maart 2023 yn kafee Stania State yn Oentsjerk. De opjefte wie om in oersetting te meitsjen fan nei kar ‘Sail Away’, ‘Birmingham’ of ‘Old Kentucky Home’, alle trije Randy Newman-lieten. In grut part fan de mear as tritich dielnimmers wie nei Stania State kaam om de útslach fan de wedstriid te hearren, te sjongen en te harkjen nei sjonger Adri de Boer, dy’t mei Giny Bastiaans en Kees Tholen de sjuery foarme. De organisaasje en lieding dy middei wie yn hannen fan âld-foarsitter Pier Bergsma, dy’t dêrmei syn lêste put foar de Ried op in treflike wize ôfsleat. Op de foto f.l.n.r. Sybrig Bethlehem (3e priis), Frits Feddema (earfolle fermelding), Hein Jaap Hilarides (2e priis), Adri de Boer (sjuery), Kees Tholen (sjuery) en Pier Bergsma. De earste priiswinner Peter Miedema koe spitigernôch net oanwêzich wêze.
Jierferslach 2023 - 11
Fedde Schurerlêzing
Sûnt 2010 wurdt yn it lêst fan novimber yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing holden, , organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn ‘e mande mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Ljouwerter krante. Yn 2023 wie de lêzing op 25 novimber by Tresoar. It tema: Frede mei alle geweld? Of is pasifisme ek in opsje? Oan ’e râne fan Europa is it oarloch, al twa jier yn Oekraïne en sûnt oktober 2023 ek yn Israel/Palestina. Dêrom stie de lêzing yn 2023 yn it teken fan de fraach oft pasifisme noch in opsje wêze kin om de frede yn ’e wrâld te bewarjen of te krijen. Is it driigjen mei en byneed brûken fan militêr geweld needsaaklik of kin it ek sûnder? Fedde Schurer (1898-1968), dichter/sjoernalist/ politikus, wie pasifist. As sadanich hat er lid west fan ‘Kerk en Vrede’. Der wiene dizze kear twa sprekkers útnûge, ien út de pasifistyske hoeke en ien dy’t as militêr nei de problematyk sjocht: Harry Pals, teolooch en lid fan ‘Kerk en Vrede’ en Hans van den Brink, luitenant-kolonel b.d., eartiids haad fan de ‘Nationale Operaties van de Luchtmobiele Brigade’. Nanne Kalma en Ankie van der Meer songen lieten fan Fedde Schurer.
TA BESLÚT Ta beslút
It jier 2023 wie in wichtich jier foar de Ried fan de Fryske Beweging. Nei in lang trajekt fan tarieding en oerlis waard in karbriefwiziging offisjeel notarieel fêstlein. Yn 2024 sil it oergean fan de eardere Ried yn in Advysried fierder foarmjûn wurde. Ek sil, oanslutend op dy nije struktuer, in fernijing fan it gesicht en de útstrieling fan de Ried presintearre wurde. In oansprekkende Ried fan de Fryske Beweging dêr’t minsken graach by hearre wolle om mei-inoar foar de rjochten en belangen fan it Frysk op te kommen.