8-1 Ried fan de Fryske Beweging, Nijsbrief juny 2024
Tekst van het document
Nijsbrief Achte lêzers,
Bûterhoeke 1 - Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert www.fryskebeweging.frl - ynfo@fryskebeweging.frl
Ljouwert, juny 2024
Hjirby de earste nijsbrief fan 2024 mei nijs oer de Ried fan de Fryske Beweging. Jimme krije dizze nijsbrief tagelyk mei it jierferslach oer 2023 en de útnûging foar de Bewegingsdei op 29 juny. De Bewegingsdei is nij en komt yn it plak fan de Grutte Ried dy’t we earder twa kear jiers holden mei ús stipers en oansletten selskippen. Yn dizze nijsbrief lêze jimme mear oer de fernijing fan de Ried dêr’t it lêste jier hurd oan wurke is. En fansels prate we jim by oer ús oare aktiviteiten.
Bestjoer Ried fan de Fryske Beweging
Nije beweging yn ’e Ried Ferline jier is op basis fan it projektplan ‘Nije beweging yn ’e Ried’ de PR-kommisje úteinset. Nei in wiidweidige analyze fan wêr’t de Ried fan de Fryske Beweging foar stiet en hoe’t wy ússels as organisaasje better op de kaart sette kinne, docht bliken dat ús wearden der noch altyd ta dogge. Dy wearden út 1945 steane noch as in hûs. Wy stride troch foar lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk. Wol soe ús profyl wat feroarje moatte om in grutter publyk oan te sprekken en de beweging libben te hâlden. De ideeën dêrfoar binne yn novimber foarlein oan in groepke Fryske bewegers, sa as twa âld-foarsitters en leden fan Fryske organisaasjes. Dy groep wie posityf oer de plannen, mar hie noed oer de organisaasje wat tiid, jild en minskkrêft oangiet. Dy punten hat de PR-groep fierder útwurke. Begjin jannewaris is in ‘second opinion’ frege. Der is in enkête holden ûnder leden fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en der hat in gearkomste west mei twa saakkundigen (Jitske de Hoop en Jannes van der Velde) om inkele dilemma’s te bepraten. Dat hat laat ta in tal wizigingen yn de plannen. Op basis fan foargeande stappen hat it bestjoer in posityf beslút naam oer de plannen fan de PRkommisje en is de kommisje fierder gien mei de útwurking. Dy binne bepraat mei de oanbelangjende redaksjeleden en in tal fêste skriuwers foar It Nijs.
Dêrnei binne der wurkôfspraken makke mei de redaksje en hawwe de praktyske saken har beslach krigen.
Itnijs.frl giet fierder as goeie.frl
Us nijsside itnijs.frl bestiet goed 15 jier. Yn dy tiid naam it ynternet in fierdere flecht en giene wy mei yn de nije ûntwikkelingen. Yn de earste jierren is it slagge om in lêzerspublyk oan te lûken fan likernôch
tsientûzen besikers yn it jier. Dêrnei is dat tal net mear groeid. De struktuer fan itnijs.frl is oer it generaal nea oanpast. Dêrtroch binne wy net mei de tiid meigien. Alle kranten publisearje digitaal. Mei ús beheinde kapasiteit slagget it dêrom net mear om in aktuele nijsside te wêzen. De namme itnijs.frl docht om dy reden net mear wat er seit. We hawwe dêrom besletten om de redaksjeformule te feroarjen. Under it motto ‘Foar de rykdom fan Fryslân’ bringe wy yn byld wat der op it stuit spilet op it mêd fan Fryslân, Friezen en it Frysk. Dêrby is it wichtich dat wy minsken aktivearje wolle om yn beweging te kommen en mei te dwaan. By dy nije formule hawwe wy in nije útstrieling keazen. Dat betsjut in folslein nije webside en ek in nije namme. Yntusken is op 17 maaie de nije side goeie.frl yn ’e loft gien. Minsken dy’t sykje op itnijs.frl wurde dêr automatysk hinne laat.
In oar jaske
Wy hawwe neitocht oer in nije útstrieling om de Fryske beweging út te wreidzjen mei nije minsken. Us útgongspunten steane noch altyd as in hûs,
mar it giet net allinnich om watst seist, mar ek om hoe’tst dy presintearrest. Wy feroarje fan ‘taalwacht’
nei ‘taalwach’. It profyl fan de Ried fan de Fryske Beweging like de lêste jierren hieltyd definsiver te wurden. Dat definsive slút eins net oan by alles wat wy – mei de oansletten organisaasjes – út ’e wei set hawwe. Want hoewol’t der noch in soad barre moat, binne ús resultaten hiel posityf. Wy wolle mear minsken berikke en sjen litte dat de Fryske Beweging, mei de Ried as in fasilitearjende organisaasje, derta docht. Dat dogge wy mei de nije redaksjeformule fan ús wichtichste ynternetside, mar ek mei in nije hússtyl. We kieze foar in nij logo mei in sweltsje deryn. It sweltsje stiet foar trou, it (hieltyd op ’e nij) bringen fan beweging, mar ek foar trou. Dat past folslein by wat wy as bewegers binne en wolle. Om’t it pompeblêd in symboal is foar Fryslân komt dat ek werom yn it nije logo. In oare feroaring dy’t wy trochfiere is ús ropnamme. De offisjele namme bliuwt bestean, mar is frij lang. Dy wurdt tenei: DeFryskeBeweging. De grûnslach foar ús stichting bliuwt it fasilitearjen fan Fryske bewegers en Frysksinnige organisaasjes. Dat dogge wy al sûnt 1945. Dêrom komt dat as ûndertitel by de namme te stean.
Fernijing yn stappen
Wy geane net yn ien stap fan de grûn nei de souder. Wy feroarje dêrom yn lytse stapkes. De earste stap wie it feroarjen fan it karbrief. Mids febrewaris hawwe wy in nije foarsitter beneamd. Dêr is yn maart wiidweidich oer kommunisearre yn ferskate Fryske media. Op 1 maaie is de webside goeie.frl yn ’e loft gien. Dêrnei is in promoasjekampanje foar goeie.frl úteinset. Op Pinkstermoandei en by de Slachtemaraton giene wy aktyf Fryslân yn. Dêrneist binne wy aktyf op sosjale mediakanalen. Yn juny feroarje we de lêste dinkjes yn it trochfieren fan de hússtyl. Tink dan oan it briefpapier, de websiden en de e-mails. Wat ynhâld oangiet geane we gewoan fierder mei saken dy’t we meastentiids al diene. Wol binne we fan de doel om mear de publisiteit te sykjen. Altyd fan in positive en aktivearjende grûnhâlding út, mar skerp as it nedich is.
Sjirk Eildert Bruinsma nije foarsitter fan de Ried De Ried fan de Fryske Beweging hat in nije foarsitter. De 24-jierrige Sjirk Eildert Bruinsma út Drachten hat op 15 febrewaris it roer fan de organisaasje oernommen fan ynterim-foarsitter Reinder Reitsma.
Mei in nije, positive koers hopet Bruinsma de Fryske beweging nij libben yn te blazen. “Us taal is ús rykdom. Dat moatte jo trochjaan oan nije generaasjes. Der moat mear ferjonging en fernijing komme om der beweging yn te hâlden”, neffens Bruinsma. “Dêr heart ek in oar ferhaal by.” Dat oare ferhaal, dy nije koers, wurdt nei in yntinsive en soarchfâldige tarieding no oan de bûtenwrâld presintearre, sa’t yn dizze Nijsbrief te lêzen is. Sjirk Eildert Bruinsma wurket by D66 Fryslân as beliedsmeiwurker en stie op it twadde plak by de ôfrûne provinsjale ferkiezingen. Yn de ôfrûne jierren luts er op mei Steateleden en Twadde Keamerleden om debatten te organisearjen oer de Fryske taal. In passy foar de Fryske taal krige de Drachtster mei de brijleppel ynjûn. Syn heit wie gemeentedichter yn Smellingerlân en pake Klaas Bruinsma makke oersettingen fan histoaryske literatuer. Sjirk wurdt der faak op oansprutsen. “In soad minsken yn it Fryske wrâldsje koene ús pake wol. Wêr’t hy in soad dwaande wie mei it ferline, fokusje ik my op de takomst. Ik ha goede hoop foar de takomst fan it Frysk!”
Tom Dykstra ferstoarn Op 24 jannewaris is Thomas Dijkstra fan Itens ferstoarn. Tom wie jierrenlang warber foar it Frysk, it Frysk ûnderwiis yn it bysûnder. Yn de tachtiger jierren kaam er yn it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. Faaks hat er lykwols bûten it bestjoer noch wol in wichtiger rol by de Ried spile. Hy koe dreech nee sizze en bleau sadwaande lang warber foar de Fryske beweging. Sa wie er dé man achter de Fryske Reklamepriis en yn de Ried fertsjintwurdiger fan de Feriening Frysk Underwiis en de Stifting Slach by Warns. Dêrneist wie er ien fan de meiskriuwers fan de skaad-BFTK 2018-2022. As bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging sille wy Tom syn saakkundige ynbring, syn goed trochtochte analyzes en wiidweidige ferhalen tige misse. foto: Willy Sybesma Fotografie
Petear mei deputearre Knol Nei’t it deistich bestjoer fan de Ried op 12 oktober 2023 in petear hie mei de nije deputearre foar de Fryske taal, Eke Folkerts, folge op 11 jannewaris 2024 in moeting mei de nije deputearre fan kultuer, Sijbe Knol. Earder sieten de Fryske taal en kultuer yn ien portefúlje. It wiene foaral petearen om neier yn ’e kunde te kommen en te fernimmen wat we foarinoar betsjutte kinne. Wy hawwe nochris wiisd op de needsaak
om betingsten oangeande it Frysk te stellen oan subsydzjes dy’t troch de provinsje jûn wurde oan ynstellingen lykas Keunstwurk en musea. En dêr dan ek op te hanthavenjen. Dat punt wurdt serieus oppakt troch it nije kolleezje en is opnommen yn it koalysje-akkoart. By it opnij iepenstellen fan it Iepen Mienskipsfûns waard it yn ’e praktyk brocht.
ING lûkt ferbod om Frysk te praten yn Nei gâns aksjes, petearen en publisiteit meie meiwurkers fan de ING Bank dochs Frysk prate mei klanten oan ’e telefoan. Earder wie dat net tastien. It taalbelied fan de bank kaam yn it nijs nei’t in meiwurker wegere hie om in klant, Fedde Dijkstra, yn it Frysk te wurd te stean, ek al koene se beide de taal wol prate. It Nijs publisearre it folsleine telefoanpetear fan Dijkstra mei de ING-meiwurker. Dêrnei stoarten provinsjale én lanlike media harren op it nijs. Dat late ta in stoarm fan protesten, ûnder oaren fan de Ried fan de Fryske Beweging. De bank sei dat meiwurkers allinnich Hollânsk en Ingelsk prate mochten, om’t petearen opnommen wurde om letter hifke te wurden. Nei oerlis mei de provinsje en ferskate aksjes kaam ING op 8 maaie ta in oar ynsjoch. Yn in ferklearring skreau de bank: Wy hawwe harke nei ynbring fan ús Fryske klanten en begripe de reaksjes. Graach wol ING syn minsklike kant sjen litte en respekt toane foar de twadde Rykstaal fan Nederlân, it Frysk. Wy hawwe besletten it mooglik te meitsjen dat Fryske klanten, as sy in Fryskpratende meiwurker oan ’e telefoan krije, yn it Frysk te wurd stien wurde kinne. Twa dagen earder waard troch Fryske studinten en Fryske Bewegers noch aksje fierd. Der waard manmachtich yn it Frysk mei de bank skille, om sa omtinken foar de Fryske taal te freegjen.
De bank liet doe al witte dat it taalbelied opnij besjoen wurde soe. Foarsitter fan de Ried Sjirk Eildert Bruinsma: “De aksjes fan de studinten en de deputearre hawwe fertuten dien. As Friezen yn beweging komme en har útsprekke oer it Frysk dan feroaret der echt wat.” De Ried fan de Fryske Beweging hat sels ek in rekken by de ING. “Wy tochten eefkes dat wy dy opsizze moasten. Dat blykt gelokkich net nedich te wêzen. Lit oaren in foarbyld nimme oan de ING!”
Nije presidint rjochtbank moat noed stean foar it Frysk De Ried fan de Fryske Beweging frege op 13 febrewaris yn in brief oan de Raad voor de Rechtspraak yn De Haach om by de beneaming fan in nije presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân rekken te hâlden mei de posysje fan it Frysk by dy rjochtbank. De foarige presidint, mr. A.R. van der Winkel hat mei yngong fan 1 maaie 2024 in funksje by de rjochtbank Oerisel krigen. De Raad voor de
Rechtspraak kediest oer de opfolging. De Ried hat de Raad voor de Rechtspraak yn de brief wiisd op de rjochten fan de Fryske taal yn de rjochtspraak, sa’t dy ek befêstige binne yn Europeeske ferdraggen en de Wet gebrûk Fryske taal. Dat hat fertuten dien. Op 16 april krigen we fan de Raad voor de Rechtspraak it funskjeprofyl foar de nije presidint tastjoerd. Dêryn is te lêzen dat de rjochtbank Noard-Nederlân in selsstannige rjochtbank mei in eigen identiteit wêze wol. De rjochtbank wol dat berikke troch ‘nij tinken en nij dwaan’. De nije presidint moat omtinken hawwe foar de fraachstikken dy’t yn it Noarden libje. Dêrby falt û.o. te tinken oan it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear. De Raad voor de Rechtspraak stelt ek easken oan it Frysk: de kandidaat behearsket de Fryske taal of is ree ta it folgjen fan in kursus Frysk ferstean en lêzen.
Europeeske kommisje freget Ried om reaksje De Ried fan de Fryske Beweging is fan miening dat de oerheid it brûken fan it Frysk yn bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken te min stimulearret. De Ried wol dat de Wet Kinderopvang oanpast wurdt om dat te ferbetterjen. Dat is te lêzen yn in wiidweidige refleksje fan de Ried op de reaksje fan de Nederlânske autoriteiten op it 7e evaluaasjerapport fan de Kommisje fan Saakkundigen foar Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. It Komitee hie de Ried frege om te reagearjen op de reaksje fan it Ryk. De Ried hat noed oer it tempo fan it Taalplan Frysk 2030. It taalplan stelt dat yn 2030 alle skoallen foldogge oan de ûnderwiiseasken foar it Frysk. Ut sifers fan de provinsje Fryslân docht bliken dat soks net te heljen is. Benammen yn it primêr ûnderwiis giet it op ’e kop ferkeard. Dat komt neffens de Ried troch it systeem fan ûntheffingen. Mooglik dat de nije bestjoersôfspraken foar de Fryske taal en kultuer dy feroaring ynsette, mar in soad fertrouwen hat de Ried dêr blykber net yn. De ôfstimming fan de oerheid mei it fjild hie better kind en der is noch in lange wei te gean, is de konklúzje fan de Ried. It Komitee fan Saakkundigen trunet der yn syn evaluaasjerapport by it Ryk op oan om mear aksje te ûndernimmen om it Frysk better te beskermjen.
Ofskied adviseur Geeske Krol-Benedictus Nei tal fan jierren aktive belutsenens by de Ried fan
de Fryske Beweging hat Geeske KrolBenedictus in punt set achter har funksje fan adviseur fan de Ried. Tritich jier lang, ûnder mar leafst fiif foarsitters, hat de Ried profitearje kind fan Geeske har saakkundigens en advizen op it mêd fan plannen, misstannen, kontakten, regels en ferdraggen oangeande de Fryske taal. Yn 1994 kaam Geeske yn it deistich bestjoer fan de Ried. Doe’t har maksimale termyn fan tolve jier om wie, koe en woe it bestjoer har noch net misse en krige se de funksje fan adviseur. Yn dy nije rol koe se dochs noch har weardefolle bydragen leverje. Geeske is no 92, se folget it nijs noch sekuer, mar om jûns nei de bestjoersgearkomsten ta wurdt te beswierlik. Lykwols, as we nochris goeried nedich hawwe, dan witte we inoar te finen. Geeske, tige, tige tank foar dyn ynset en saakkundige bydragen al dy jierren lang!
Plombrief foar Poppoadium Iduna De Ried stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har ynsette foar it Frysk. Op 23 april gie der sa’n Plombrief nei Poppoadium Iduna yn Drachten. Iduna hat fêststeld dat it Frysk foar syn organisaasje in kearnwearde is en is dêr aktyf mei oan ’e slach gien. Iduna set himsels del as poppoadium (yn stee fan poppodium) en hat in hússtyl ûntwikkele mei it Frysk op de foargrûn. Sa sjogge besikers dat it Frysk oeral brûkt wurde kin. Benammen troch syn doelgroep stimulearret Iduna dêrmei it brûken fan Frysk yn de takomst. Besjoch hjir de útlis fan Iduna: https://youtube/ lk6j2qE608s.
Ynbring nij regear
De RIed fan de Fryske Beweging hat al in skoft in brief foar it nije regear klearlizzen mei oandachtspunten oangeande it Frysk. Sadree’t de nije ministers dy’t oer it Frysk geane bekend binne, sille we ús winsken datoangeande kenber meitsje. Miskien is dat yntusken bard as dizze Nijsbrief by de printer leit.
Publisiteit De Ried hat de ôfrûne tiid ferskate kearen de publisiteit socht. Oer guon fan boppesteande ûnderwerpen binne parseberjochten ferstjoerd, dy’t ek altyd op ús eigen digitale nijskrante It Nijs publisearre binne. Dêrneist ha we it earste fearnsjier fan 2024 trije kear yn in Te Gast yn de Ljouwerter krante ús fyzje jûn. De earste kear waard in posityf boadskip ôfjûn wêrby’t foaral wiisd waard nei de Fryske wyn dy’t op dit stuit troch de Twadde Keamer waait mei tal fan oannommen moasjes oer it Frysk. Fansels waard ek oanjûn dat der noch genôch is om foar te striden. De twadde kear gie it om in kritysk stik oer de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer. De tredde Te Gast wie skreaun yn ’e mande mei it Steatekomitee Frysk en gie oer de diskriminearjende opmerkingen fan Johan Derksen oan it adres fan it Fryske Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA.
Fedde Schurerlêzing Fansels komt der dit jier ek wer in Fedde Schurerlêzing. Datum en plak binne al bekend, mar it ûnderwerp en de sprekkers wurdt noch oer redendield. De lêzing is dit jier presiis op de datum fan Kneppelfreed, 16 novimber. Plak: Tresoar. Mear nijs folget.