YNLUTSEN Amindemint Taheakje artikel oangeande (lûds)hinder bisten - FNP-PvdA
Tekst van het document
Pp @
Opsterlân opserand
Amindemint Taheakje artikel oangeande (lûds)hinder bisten Dit amendemint heart by agindapunt 14 Algemeen Plaatselijke Verordening (APV) Opsterland 2025 fan de riedsgearkomste fan 30 juny 2025 Foarstel VWy freechje de ried om it foarstelde beslút te wizigjen troch oan beslispunt 1 ta te heakjen: “met dien verstande dat het volgende artikel wordt toegevoegd: Artikel 4:6b, luidende:
Degene die buiten een inrichting als bedoeld in de Wet milieubeheer de zorg heeft voor een dier, voorkomt dat dit dier ernstige en herhaaldelijke (geluids)hinder veroorzaakt voor omwonenden of anderen in de omgeving.”
Motivaasje Hieltitten mear lûden hearre wy fanút de mienskip fan boargers dy tsjin elkoar stean troch (lûds)hinder fan bisten, meastentiids komme minsken der mei-inoar út, dochs wurdt ek faaks in berop dien op bygelyks de gemeente, hanthavening as ek de plysje om as skiedsrjochter op te treden. Foar in soad minsken is it net mear as normaal dat jo mei-inoar yn petear gean by lûdsoerlêst, dochs binne der ek in ferskaat oan foarbylden yn elts doarp te nimmen wêr't konstante oerlêst ûnderfûn wurdt en wer
minsken der net yn reedlikheid útkomme. Mei it ûntbrekken fan in dúdlike paragraaf yn de APF mist de eskalaasjeljedder neffens de ynstjinner in needsaaklike trede. Yn de APF sels stiet ûnder artikel 2:79 in ferwizing nei in twangsom dy't de boargemaster oplizze kin by earnstige en weromkommende hinderfan bisten. Artikel 4.6b fan Eastellingwerf biedt op de eskalaasjeljedder in eardere trep: nammentlik troch eigners fan bisten te wizen op harren plicht om te foarkommen dat omwennende en omjouwing (lûds)hinder* ûnderfine fan harren bist(en). Hjirmei wurdt
neffens de yntsjinners de ferantwurdlikheid foarearst dellein by de eigner fan de bisten en de eigner fan it hûs/perseel wêr dizze holden wurdt. * Underlûdshinder wurdt juridysk ferstean: gevaar, schade of hinder als gevolg van met het menselijk oor waarneembare luchttrillingen (Wet geluidhinder).
Dit amindemint wurdt yntsjinne troch: Mirjam Bergsma Anja Wiersma
Yn te foljen troch de griffy: Dit amindemint is ynlutsen yn de riedsvergadering fan 30 juny 2025.
Alle riedsleden kinne in amindemint yntsjinje. Mei in amindemint kin de ried in foarsteld beslút oanpasse. Yn de riedsgearkomste stimme de riedsleden oer it amindemint. Stimt de mearderheid fan de ried foar it amindemint,
dan feroaret de tekst fan it oarspronklike beslút. Neidat der oer de amindeminten stimd is, stimme de riedsleden
foar of tsjin it oanpaste riedsfoarstel.