CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

Technyske fragen Frysk Taalbelied - 1

Raadsvergadering 2 maart 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Taalbelied 'Mei-inoar Frysk' (B)924 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SkriftlikeTechnyske fragen Frysk taalbelied - 2 Wat binne no de konkrete doelen? It dokumint is ramtstellend fan aard en foarmet in referinsjeramt foar de fierdere beliedsûntwikkeling. It haaddoel is it kreëarjen fan rânebetingsten foar it stimulearjen fan de Fryske taal, sadat it gebrûk fan de taal yn ferskate domeinen fan de Opsterlânske mienskip natuerliker en fanselssprekkender is. Hoe kontrolearret de gemeente oft skoallen it Frysk echt brûke en net allinnich as fak? It kontrolearjen fan it brûken fan de Fryske taal op skoallen is in taak fan it Ryk (en dus net fan de gemeente). De gemeentlike ynset rjochtet him op it fasilitearjen en stimulearjen fan inisjativen dy ’t it brûken fan it Frysk op skoalle fersterkje. Wêrom binne 5 fan de 23 opfanglokaasjes noch net meartalich sertifisearre? Wat is it plan om dat op te lossen? Dat is gjin taak fan de gemeente. Ut de BFTK wei stribbet de Provinsje dernei om 80% fan de berne-opfang meartalich te sertifisearjen. Mei 18 fan de 23 berne-opfanglokaasjes sit Opsterlân op 78,26% meartalige opfanglokaasjes. Berne-opfanglokaasjes kinne op frijwillige basis in sertifisearring helje lykas beskreaun yn de wet berne-opfang ûnder kêst 1.55 lid 1: ‘Bij kinderopvang in een kindercentrum of in een voorziening voor gastouderopvang wordt de Nederlandse taal als voertaal gebruikt.

Daar waar naast de Nederlandse taal, de Friese taal of een streektaal in levend gebruik is, kan de Friese taal of de streektaal mede als voertaal worden gebruikt.’ Berne-opfanglokaasjes kinne help krije fan it kenniscentrum meartaligens jonge bern (SFBO) om de sertifisearring te beheljen. As gemeente nimme wy ús ferantwurdlikheid en sille wy aktyf oanmoedigje, motivearje en aktyf trochferwize nei it SFBO. Hoe wurdt it Frysk keppele oan VVE? Mar 12 fan de 23 berne-opfanglokaasjes falle ûnder de VVE subsydzjeregeling. It oanpassen fan de regeling hat dus mar effekt op in lyts part fan de berne-opfanglokaasjes. Boppedat is fan de 12 lokaasjes dy't wol ûnder de regeling falle, der mar ien net twatalich. In keppeling oan VVE foar ien lokaasje is net doelmjittich. Hokker% fan meiwurkers kin al mûnling Frysk brûke yn klantkontakt? Op dit stuit is it net mooglik om eksakt ynsjoch te jaan yn it persintaazje meiwurkers dat Frysk prate kin yn klantkontakt. Dit komt ûnder oare troch reguliere personielswiksels en de foarm fan klantkontakt net altyd ynsichtlik is. De measte meiwurkers fan bygelyks it KCC kinne de Fryske taal yn alle gefallen ferstean (passive Fryske taalbehearsking). Yn de praktyk binne der in soad kollega's dy't it Frysk mûnling behearskje.

Dêrneist lit de Fryske taal him net altyd juridysk ûndûbelsinnich oersette, wêrtroch ’t yn formele of juridysk relevante situaasjes it Nederlânsk nedich wêze kin om rjochtswissichheid te garandearjen.

Wat betsjut “ foar safier mooglik reagearje wy yn deselde taal ”? Mei “ foar safier mooglik reagearje wy yn deselde taal ” wurdt bedoeld dat de gemeente dernei stribbet om te reagearjen yn de taal dy ’t in ynwenner brûkt. Dit kin ûnder oare Frysk wêze. It giet derom dat de ynwenner safolle mooglik yn petear kin mei de taal dy't er by foarkar brûkt. Hoe wurdt it € 15.000 budzjet ferdield oer skoallen, kultuer, soarch en publikaasje? Foar de útfiering fan de basis fan it Frysk taalbelied is binnen de gemeentlike begrutting € 15.000, - beskikber. Dat bedrach wurdt ynset foar ûnder mear: It ynkeapjen fan taalkursussen by de Afûk;, It organisearjen fan Fryske aktiviteiten en kommunikaasjemiddels. It giet dus om saken dy ’t alle jierren wer werom komme. Wat der no krekt nei alle domeinen ta giet is noch net bekend om't de utfiering noch utskreaun wurde moat. Foar ekstra saken sa as projekten freegje wy subzydzje oan by de Provinsje Fryslân. Wêr giet it budzjet spesifyk nei ta? Sjoch foargeande fraach. Hoe wurdt de foarkarstaal fan kliïnten registrearre? Dat útgongspunt stiet net neamd as doel yn de beliedsnota. Fjidder is it net tastien om de foarkarstaal fan klanten te registrearjen. Dit mei net fan de AVG. Yn stee fan dy registraasje freegje wy by kontakt mei de ynwenner hokker taal syn foarkar hat. Op dy wize slute we hjir direkt op oan.

Sa bliuwe wy op'e klant rjochte, hâlde wy ús oan de privacywetjouwing en wurkje wy etysk ferantwurde. Hoe't jimme no ynsichtelik hoe ’t der wurd omgean mei memmetaal yn ‘ sysoarch ’? It is gjin taak fan de gemeente om dit ynsichtlik te krijen. De demintenssoarch stiet as yllustraasje neamd yn in de beliedsnota. Gemeenten kinne rieplachte wurde foar advys en trochferwizing as soarchoanbieders fragen hawwe oer it brûken fan de memmetaal yn demintenssoarch. Dêrneist kinne gemeenten soarchoanbieders paadwiis meitsje yn de mooglikheden om de Fryske taal yn te setten. De ferantwurdlikheid foar de útfiering leit by de soarchoanbieders. Hoe wurdt it Frysk belêst by subsydzjeregelingen? Is it yn wei-kritearium of allinnich in fraach? Wy hawwe as gemeente in grut tal en tige útinoar rinnende subsydzjeregelingen. De ynset fan it Frysk is net by elke subsydzje relevant. It is echt per subsydzje in ôfwaging oft it hifkjen op de ynset fan it Frysk fan mearwearde is of net. In foarbyld fan in subsydzjeregeling dêr't wy it Frysk wol tapasse as toetsingskritearium is de subsydzjeregeling Kultuereveneminten Opsterlân. Yn dy subsydzjeregeling moatte oanfragen foldwaan oan trije fan de fiif toetsingskritearia, wêrfan ’t ien betrekking hat op it gebrûk of de promoasje fan de Fryske taal. Dat betsjut dat net alle oanfragen automatysk oan dit kritearium foldogge.

Hokker% fan gemeentlik stipe kulturele projekten hat no in sichtbere Fryske komponint? It is op dit stuit net ynsichtlik hoefolle fan de oanfragen hjiroan foldocht.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=629753c5-e6c9-46c3-8157-827740b6de33