Schriftelijke weergave van inspraak dhr. Hoekstra over útwreiding A7 Súd.docx
Tekst van het document
Goejûn achte gemeenteried , kolleezje fan boargemaster en wethâlders Ik stean hjir net op persoanlike titel mar yn de funksje fan foarsitter van buurtferieniging Selmien East en West. Foar wa ‘t net wit wêr Selmien leit… Selmien is in paradyslik ieuwenâld buorskip lizzend tusken Oerterp en Olterterp op trije plakken oankleid mei greide bosk en blauwe loft en oan ien side beheind troch yndustrie terrein A7 en de `mc `donalds. De sirka 100 bewenners haw in sterke ûnderlinge bân en stean foar inoar klear mocht dat nedich wêze.In gaadlik plak mei bysûndere minsken. Us buurtferieniging blomket dan ek dat it in merakel is. Hiel sportief Smellingerlân en Opsterlân komt der wolris. It is in kommen en gean fan joggers, dravers, en hurd fytsers en Selmien wurdt neffens my opnaam yn alle toertochten dy ’t ús Fryslân ryk is. Dochs hingje der tsjustere wolken boppe ús paradys. Der is opskuor ûntstean yn ús buorskip oer de útwreidingsplannen fan it yndustrie terrein A7 oan de linker en rjochterkant fan de rykswei Drachten-Easterwâlde. Oan beide kanten mei in totaal fan sirka 20 hektare.
Wy hawwe de stikken fan it riedsfoarstel útplúze en dêr kamen fragen út foart, hiel wat fragen! Ut it rapport fan de Antea groep waard ús dúdlik dat it yndustrie gebied untwikkele wurdt troch de ‘Gemienskiplike Regeling Exploitaasje Maatschappij Bedriuweterreinen Drachten’ Ik sil it fierder ôfkoartsje troch EBD. Wy ûntdutsen yn it rieds foarstel dat de gemeente Opsterlân op it punt stiet om de EBD it foech te jaan oer de al oankochte lânbougrûn en de ûntwikkeling dêrfan. Ien fan de earste juridyske stappen is dan ek dat It werkings gebiet útwreide wurde moat. Wy freegje ús ôf. Wat is de status fan it werkings gebiet en wêrom moat it EBD dêr ûndersyk nei dwaan wylst de gemeente Opsterlan dat ek prima sels dwaan kin? Mar fral wat binne de gefolgen fan it útwreidzjen fan it werkings gebiet en wat besjut dat foar de sizzenskip fan de gemeenteried en de fierdere planûntwikkeling as it foech ienmaal by it EBD út hannen jûn wurdt. Fierders hawwe wy noch in fraach oer kanttekening 1 (blz4) yn it rieds foarstel. Hokfoar ynformaasje wie der ein oktober 2022 noch net beskikber en no wol en hokfoar konsekwinsjes kinne jimme no better oersjen? Soe it de Lely-line wêze? Wy taaste yn it tsjuster. Ek stiet der yn’t riedsfoarstel al in oanbefeling fan de EBD om it yndustrie terrein rjochting Selmien út te wreidzjen.
It sil troch de bettere oansluting op it besteand yndustrie terrein wêze… mar is it net better om earst oerliz mei de bewenners fan Selmien West te hawwen mei de fraach wat de bewenners der fan fine. It liket er no op oft de hûd al ferkocht is foar’t dat de wolf sjitten is.. Kinne jimme in lykwichtige ôfweging garandearje, fan alle belangen sa as omwennenden en natoer as jimme it foech oerlangje oan de EBD ? Hoe sit it mei de stikstof ? Guon buurt bewenners tochten dat jimme al foarút rinne op alle boeren dy’t ophalde moatte mei harren bedriuwsfiering fanwegen dy stikstof. Bytsje dûbeld gefoel no? Hoe sit it mei it oansluten op it stroomnet fan nije bedriuwen? Dat sit dochs op slot. Yn Ljouwert hawwe guon bedriuwen al moannen in generator stean omdat it elektrisiteitsnet oerbeleste is en sy gjin oansluting krije kinne. Yn it bygliedend skriuwen fan it stik wurdt ek sprutsen oer in sinnepark yn it midden fan it nije yndustriegebiet. Ambisjeus hear mar wat foar ynfloed hat dat op de fugels en bisten dy ’t der yn dit gebiet libje Wat doch dat mei ús wengenot. Ek bin der twa oersichts kaarten taheakke oan it riedsfoarstel . Ien dy de liny fan de Wadro oanhâld en dat hâld yn in griene buffer fan 300 meter rûmte tusken Selmien en yndustry terrein A7 mar ek in kaart dy’t in ûntsluting op Selmien jout en de grins fan it yndustrie terrein tsjin de erf grinzenoan leit.
Wy as bewenners meitsje ús soargen en dat is net foar neat. Grutte frachtwein en in soad slúp ferkear denderje dagliks oer Selmien . Mei de komst fan Mc Donalds lizze de sleatten bitiden fol mei de oerbliuwselen fan Big macs, mac flurries en oare ferpakkings materialen. It fuotpad lans de dyk, dat wy krigen hawwe yn de jierren 90 omdat wy as buorskip net tsjin de komst fan it yndustrieterrein agearje soenen is ferwurden ta in soart fan moderne Fryske jungle in soarte fan knoffelpaad 2.0. Wy binne al trije jier mei Dykbehearder Dykstra yn de slach.. Dochs jouwe wy jimme as buorskip it foardiel fan de twifel.
Ik woe jimme mei klam freegje. Belûk ús derby ,it buorskip, de buurtferieniging de bisten en de natoer mar fral de minsken. Net allinich yn de úntwerp fase mar ek yn de beslútfoarming. Wy wolle graach mei de gemeente /EBD om de tafel om mei inoar oer ús belangen en ideeën fan gedachten te wekseljen. Oan ús sil it net lizze. Tinge tank foar jimme omtinken. Buorskip Selmien.
Foarsitter Sander Hoekstra