Riedsfoarstel Taalbeliedsplan Mei-inoar Frysk
Tekst van het document
Saaknûmer: 0086230457 1/4
RIEDSFOARSTEL MEI BESLUT
Riedsgearkomste
: 02-03-2026
Agindapunt
:
Underwerp
: Taalbeliedsplan “Mei-inoar Frysk”
Portefeuillehâlder
: Durk Durksz
Beetstersweach, 20-01-2026
Foarstel 1. It Taalbeliedsplan “Mei-inoar Frysk” fêst te stellen.
Ynlieding It eardere taalbelied “Romte foar Taal” jilde foar de perioade 2021-2025. Omdat dy termyn ferrûn is, is der nij Frysk taalbelied opsteld. In wichtich útgongspunt yn it nije taalbelied is dat ynwenners harren frij en wolkom fiele moatte om harren foarkarstaal te brûken yn kontakt mei de gemeente, wêrby’t lykweardigens tusken Frysk en Nederlânsk sintraal stiet. Om dizze balâns te realisearjen stimulearret de gemeente it brûken fan it Frysk. Dit slút oan by it koälysje-akkoart 2022-2026, dêr't yn stiet dat de gemeente it Frysk mear brûke moat om in bettere balâns tusken Nederlânsk en Frysk te berikken. Dêrmei beskôgje wy de moasjes “Berne opfang” en “Goed foarbyld docht goed folgjen” as ôfdien.
Beëage effekt en/of resultaat It kreëarjen fan rânebetingsten foar it stimulearjen fan de Fryske taal, sadat it gebrûk fan de taal yn ferskillende domeinen fan de Opsterlânske mienskip natuerliker en fanselssprekkender is.
Arguminten 1.1. It nije Frysk taalbelied biedt in dúdlike koers om it Frysk yn ferskate domeinen te stimulearjen It nije Frysk taalbelied garandearret sawol de wetlike ramten as de lokale ambysjes fan de gemeente. It Frysk foarmet in wichtich ûnderdiel fan de identiteit en kultuer fan Opsterlân en dit belied slút dêrop oan. Mei dizze koers wol de gemeente it gebrûk en de sichtberens fan it Frysk yn ferskate domeinen fersterkje, sadat it in fanselssprekkend ûnderdiel bliuwt fan it deistich libben foar ynwenners en organisaasjes. 1.2. De winsken en betinkingen fan de ried binne meinaam yn it nije Frysk taalbelied Op fersyk fan de ried binne njonken de wetlike ramten ek de útgongspunten út de moasje “Goed foarbyld docht goed folgjen” opnommen yn it nije taalbelied. Dêrneist binne punt 1 en 3 út de moasje “Berne-opfang” ferwurke yn de doelstellings fan haadstik 5.1, wêryn’t omtinken jûn wurdt oan it stimulearjen fan it Frysk binnen de berne-opfang en it ûndersykjen fan in bettere sprieding fan twatalige opfanglokaasjes. Ofhinklik fan de útkomsten fan it foarstelde ûndersyk wurdt besjoen oft útfiering fan punt 2 noch needsaaklik is, wêryn't foarsteld wurdt om yn oerlis mei GGD Fryslân te ferkennen oft de gemeente ynformaasje- of kennissesjes oanbiede kin oer de foardielen en effekten fan twataligens en it brûken fan it Frysk yn de berne-opfang. 1.3.
Tasizzing ‘fan Opsterland nei Opsterlân’ is meinommen Nei oanlieding fan de ynkommen brief ‘fan Opsterland nei Opsterlân’ hat wethâlder Durksz 15 desimber 2025 yn de riedsgearkomste de tasizzing (ID 95) dien om yn it nije Frysk taalbelied dizze brief mei te nimmen. Wy hawwe dêrom as ien fan de aksjes opnommen yn it nije taalbelied
Saaknûmer: 0086230457 2/4
it dwaan fan in helberensûndersyk nei in nammewiziging fan ‘Opsterland’ nei ‘Opsterlân’. Hjirmei is de tasizzing ôfdien. 1.4. It nije Frysk taalbelied is ta stân kommen yn gearspraak mei ynwenners Omdat taalbelied fuort rekket oan hoe’t ynwenners taal belibje en brûke, is fia partisipaasje ynput ophelle dy't yn dit taalbelied ferwurke is. Dy gearwurking fergruttet it draachflak en soarget derfoar dat it belied oanslút by de winsken fan ús mienskip. Ut de reaksjes docht bliken dat 71% fan de respondinten fynt dat de gemeente it Frysk stimulearje moat, wêrby't ûnderwiis as wichtichste domein neamd wurdt. 1.5. It foargeande Frysk taalbelied ferget aktualisaasje It foargeande taalbelied Romte foar Taal (2021-2025) wie ta oan aktualisaasje. Nije ôfspraken en ferwachtingen út de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (2024-2028) en in heger ambysjenivo freegje om in feroaring fan ús belied. Yn it nije Frysk taalbelied wurkje wy mei fiif domeinen: Underwiis, Bestjoer, Kultuer & Media, Soarch & Wolwêzen en Bedriuwslibben & Toerisme. Dêrneist binne de doelstellings en útgongspunten konkreter en ambisjeuzer, sadat it gebrûk en de sichtberens fan it Frysk sterker befoardere wurde. 1.6.
In Meartaligenskoördinator is needsaaklik om it nije Frysk taalbelied út te fieren De Meartaligenskoördinator fersterket de rol fan de beliedsadviseur Frysk troch harren te rjochtsjen op praktyske útfiering, netwurkfoarming en it stimulearjen fan it gebrûk en de sichtberens fan it Frysk. Dêrneist hat de Meartaligenskoördinator in brêgefunksje tusken de gemeente en eksterne partners, en soarget yntern foar bewustwurding en stipe by meartaligens. Sûnder dy koördinator is it realisearjen fan projekten en it beheljen fan de beliedsdoelen net helber.
Kântekenings 1.1 Net elkenien yn de gemeente Opsterlân fielt him ferbûn mei de Fryske taal Ut de ynwennerspartisipaasje kamen ek krityske lûden oer it Frysk taalbelied. Guon ynwenners fiele harren bûtensletten omdat sy de taal net behearskje en fine it stimulearjen fan it Frysk troch de gemeente net nedich. Dy soargen nimme wy serieus. Yn de lokale ynklusy aginda hawwe wy mei-inoar ôfpraat dat wy barriêres fuortnimme, sadat elkenien meidwaan kin oan de mienskip. De ambysje fan it nije belied is dan ek ynklusiviteit en lykweardigens tusken de talen. Hjirtroch moatte ynwenners harren frij en útnûge fiele om harren foarkarstaal te brûken yn kontakt mei de gemeente.
Middels De measte aktiviteiten dy’t neamd steane yn it taalbelied wurde betelle út it besteande budzjet. Dit budzjet fan €15.000,- stiet struktureel yn 'e begrutting (kosteplak 6550000). Dêrneist is foar de ynset fan in Meartaligenskoördinator budzjet nedich om de ekstra projekten yn de ferskillende domeinen út te fieren. Troch de provinsje Fryslân is út de subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal foar jier 2026 in subsydzjebedrach fan €27.900,- beskikber steld foar de ynset fan in Meartaligenskoördinator. Dat bedrach sil yn de earstfolgjende technyske begruttingswiziging ferwurke wurde. Foar jier 2026 binne der foldwaande middels om it folsleine Frysk taalbelied út te fieren. Sa't it no liket kin der ek yn 2027 en 2028 in part fan de subsydzje oanfrege wurde by de provinsje, mar dat is noch ûnwis. Mocht foar it jier 2027 gjin (folsleine) subsydzje beskikber stelt wurde fanút de provinsje, dan freegje wy de ried fia de perspektyfbrief om de middels dy’t nedich binne beskikber te stellen. Foar 2028 hantearje wy deselde wurkwize.
Saaknûmer: 0086230457 3/4
SDG’s It Frysk taalbelied sil bydrage oan de folgjende SDG’s: - SDG 10 ûngelikens ferminderje: gelikense kânsen foar Fryske taalsprekkers yn de tagong ta oerheidsynformaasje. - SDG 11 duorsume stêden en mienskippen: it behâld fan de identiteit fan de regio en it behâld fan ymmaterieel kultureel erfgoed.
Evaluaasje De útfiering fan it Frysk taalbelied wurdt folge fia ynterne registraasjes en troch it monitoarjen fan projekten. Oanfoljend leverje ek útfieringsorganisaasjes en ûndersyksburo's ynsjoch yn taalûntwikkeling. Oan ’e ein fan de beliedstermyn wurde alle ynterne en eksterne gegevens gearfoege om it belied yntegraal te evaluearjen en wêr nedich by te stjoeren.
Taheakke 1. Taalbeliedsplan “Mei-inoar Frysk” 2. Partisipaasjeferslach Frysk taalbelied
Boargemaster en wethâlders fan de Gemeente Opsterlân, De sekretaris,
De boargemaster,
Sandra van 't Hooge
Andries Bouwman
Team
: Untwikkeling Sosjaal Domein
Behanneljend amtner
: K. Rottiné
Telefoannûmer
: 06 57854540
Emailadres
: k.rottine@owo-gemeenten.nl
Untwerp riedsbeslút Riedsgearkomste
: 02-03-2026
Agindapunt
:
Underwerp
: Fêststellen Taalbeliedsplan “Mei-inoar Frysk”
De ried fan de Gemeente Opsterlân, lêzen it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders d.d. 20 jannewaris 2026 beslút: 1. It Taalbeliedsplan “Mei-inoar Frysk” fêst te stellen. Sa besleaten yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de Gemeente Opsterlân fan 02-03-2026. De griffier,
De foarsitter,
Laura Meijer
Andries Bouwman