Riedsfoarstel Startnotysje Frysk taalbelied
Tekst van het document
Saaknûmer: 0086230457 1/4
RIEDSFOARSTEL MEI BESLUT
Riedsgearkomste
: 03-11-2025
Agindapunt
: …
Underwerp
: Startnotysje Frysk taalbelied
Portefeuillehâlder
: Durk Durksz
Beetstersweach, 16-09-2025
Foarstel 1. De Startnotysje Frysk taalbelied fêst te stellen.
Ynlieding De hjoeddeistige Beliedsnotysje Frysk “Romte foar taal 2021-2025” rint ein 2025 ôf. Neffens de Wet gebrûk Fryske taal (2014) binne gemeenten yn Fryslân wetlik ferplichte om belied op te stellen foar it brûken fan de Fryske taal. Dêrom sil der yn 2026 in nij foarstel oan de gemeenteried foarlein wurde. Foarôfgeand oan it opstellen fan dit nije beliedsplan wurdt no in startnotysje oanbean. Dy is bedoeld om de gemeenteried op ’e tiid te ynformearjen oer de ambysje, prosesstappen en haadlinen fan it nije taalbelied.
Beëage effekt en/of resultaat Mei it fêststellen fan de startnotysje jout de ried ramten mei foar de haadlinen en it proses oangeande it opstellen fan it nije Fryske taalbelied. De ferwachting is dat de beliedsnota Frysk begjin 2026 oan de ried foarlein wurdt.
Arguminten 1.1. De startnotysje slút oan by de ynhâldlike ramten fan de BFTK De startnotysje slút oan by de ynhâldlike ramten fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) en folget de domeinyndieling fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. Binnen dizze struktuer wurde de ynhâldlike prioriteiten fierder bepaald op grûn fan ynput út ynwennerspartisipaasje. 1.2. De startnotysje hantearret de finansjele ramten fan it hjoeddeistige Frysk taalbelied De startnotysje slút oan by de besteande finansjele ramten fan it hjoeddeistige Frysk taalbelied. Dat betsjut dat de ûntwikkeling fan it nije belied foarmjûn wurdt binnen de beskikbere begruttingsromte. 1.3 De startnotysje hantearret in tiidskader mei beëage oplevering yn febrewaris 2026 De startnotysje jout ynsjoch yn hoe’t it proses oangeande it opstellen fan nij Frysk taalbelied ynrjochte wurdt: hokker stappen nommen wurde, hokker’t wannear behelle wurdt en hokker ramten en wetlike ferplichtingen jilde. Sa wit de ried wat sy wannear ferwachtsje kin en hoe't de beslútfoarming taret wurdt.
Kântekenings 1.1. Ynwenners kinne oare prioriteiten hantearje as de gemeenteried
Saaknûmer: 0086230457 2/4
Ynwenners jouwe fia ynwennerspartisipaasje in swierwagend advys oangeande de prioriteiten fan it Frysk Taalbelied. De ried hâldt de mooglikheid om mei har ynstruminten rjochting te jaan oan it belied, lykas moasjes, amendeminten of it bystellen fan finansjele ramten.
Middels It opstellen fan nij Frysk taalbelied wurdt yntern oppakt troch de beliedsadviseur Frysk. Dêrfoar binne gjin oanfoljende middels nedich. Der is struktureel €15.000,- beskikber yn de begrutting foar de útfiering fan it Frysk taalbelied. Dêrmei wurde eventuele kosten fan it ynwennerspartisipaasjeproses bekostige.
SDG’s It Frysk taalbelied sil bydrage oan de folgjende SDG’s: - SDG 10 ûngelikens ferminderje: gelikense kânsen foar Fryske taalsprekkers yn de tagong ta oerheidsynformaasje. - SDG 11 duorsume stêden en mienskippen: it behâld fan de identiteit fan de regio en it behâld fan ymmaterieel kultureel erfgoed.
Evaluaasje De ferfolchstap nei de startnotysje is it ûntwikkeljen fan nij Frysk taalbelied. Dêrfoar wurdt û.o. in ynwennerspartisipaasjetrajekt útfierd. Dêrneist sil binnen it belied sjoen wurde nei de mooglikheden ta evaluaasje nei it fêststellen en útfieren.
Taheakke 1. Startnotysje Frysk taalbelied
Saaknûmer: 0086230457 3/4
Boargemaster en wethâlders fan de Gemeente Opsterlân, De sekretaris,
De boargemaster,
Sandra van 't Hooge
Andries Bouwman
Team
: Untwikkeling Sosjaal Domein
Behanneljend amtner
: K. Rottiné
Telefoannûmer
:
Emailadres
: k.rottine@owo-gemeenten.nl
Untwerp riedsbeslút Riedsgearkomste
: 03-11-2025
Agindapunt
: ...
Underwerp
: Fêststellen startnotysje Frysk taalbelied
De ried fan de Gemeente Opsterlân, lêzen it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders d.d. 03 novimber 2025 beslút: 1. De startnotysje Frysk taalbelied 2025 fêst te stellen. Sa besleaten yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de Gemeente Opsterlân fan 03 -11-2025. De griffier,
De foarsitter,
Laura Meijer
Andries Bouwman