Riedsfoarstel fêststellen taalbeliedsplan Romte foar Taal.docx
Tekst van het document
008667687
RIEDSFOARSTEL MEI BESLÚT
Riedsgearkomste
: 15 november 2021
Agindapunt
:
Underwerp
: Taalbeliedsplan "Romte foar Taal"
Portefuljehâlder
: Libbe de Vries
Beetstersweach, 12 oktober 2021
Foarstel 1. It taalbeliedsplan "Romte foar Taal" fêst te stellen. 2. De reaksjenota by "Romte foar Taal" fêst te stellen. 3. Kennis te nimmen fan it projektplan (ynkl. útfieringsplan) "Romte foar Taal"
Ynlieding It rinnende taalbelied fan de gemeente Opsterland (Actualisatie Fries taalbeleid Frysk en Fierder 2014 – 2018) is fêststeld yn 2013. De helberheidsdatum is foarby. Heech tiid en genôch redenen foar fernijing fan dat belied. Sûnt 2013 binne de kaders foar it Frysk taalbelied feroare. We sette de jildende kaders hjir op in rychje. Wet gebruik Friese taal (2014) Dizze wet is yn 2014 oannommen troch de Ryksoerheid. De Wet gebruik Friese taal leit it brûken fan de Fryske taal yn it mûnling en skriftlik ferkear mei bestjoersorganen fêst. Gemeenten moatte aktueel taalbelied en in taaloardering hawwe. Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019 – 2023 Ofspraken tusken Ryk en provinsje Fryslân oer de Fryske taal en kultuer. Foar de gemeenten giet it om aktueel taalbelied, in taaloardering en ymplemintaasje fan it belied. Lange termyn aginda Frysk Ofspraken tusken de provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten. It doel fan de ôfspraken is dat it Frysk yn 2030 mear en ek mear yn formele situaasjes brûkt wurdt as no. It giet dan om de kommunikaasje tusken bestjoersorganen (de gemeente) en ynwenners. Bestjoerders ha in foarbyldrol. Koalysjeakkoard ‘Brêge nei de takomst 2018 – 2022’ Yn it koalysjeakkoard ‘Brêge nei de takomst’ fan de gemeente Opsterland is de folgjende ambysje opnommen oer it Frysk: Us Fryske taal is foar de kultuer en identiteit fan de mienskip fan grutte wearde.
Brûk dy taal yn it iepenbier bestjoer sa folle as mooglik is. Taalbelied moatte jo net sjen as “papieren werklikheid” mar as “deistich yn praktyk bringe”. Boppesteande kaders jouwe oanlieding om as gemeente Opsterland aktyf mei taalbelied oan de slach te gean.
Bedoeld effekt en/as risseltaat Mei dit taalbeliedsplan wolle wy berikke: Dat Frysk ferstean it basisnivo foar ús meiwurkers wurdt Yn in gemeente dêr’t it Frysk sa dúdlik fiertaal is kin it net oars as fersteane de meiwurkers fan de gemeente allegear Frysk. Dat is it basisnivo. Dat yn ús organisaasje oansluten wurdt by de taal fan de klant Oanslute by de taal fan de klant makket diel út fan in goeie tsjinstferliening. De ambysje is hjir om aktive behearsking fan it Frysk nei te stribjen yn funksjes dêr’t taal yn it kontakt mei de klant it ferskil meitsje kin (bygelyks it gebietsteam). Dat wy útnûgjend binne om Frysk te brûken
1/4
008667687 Meiwurkers dy’t it Frysk machtich binne begjinne in petear yn it Frysk. Dit liket tsjinstridich oan ‘romte foar taal’. De erfaring is lykwols dat de fiertaal gau Nederlânsk wurdt, ek tusken Frysktaligen. Meiwurkers dy’t it Frysk praten net machtich binne jouwe oan dat de klant Frysk prate kin. Dat ús oanpak passet by Opsterland Passend by Opsterland betsjut dat de gemeente kiest foar in praktyske en kreative oanpak. It ferskil sit yn lytse aksjes, oanpassings en gewoan dwaan. Dat wy dit mei syn allen dwaan wolle en moatte Alle meiwurkers by de gemeente brûke taal. As gemeente bist dêrom ek mei syn allen ferantwurdlik foar it taalbelied en de praktyske útwurking dêrfan. En ‘mei syn allen’ is noch breder: it giet om it meielkoar oplûken as hiele mienskip fan Opsterland. Ynwenners, doarpsbelangen, bedriuwen en partnerorganisaasjes. As mienskip draachst sa mei syn allen de taal.
Arguminten 1.1. Om oan te slúten by de hjhoeddeistige kaders is nij taalbelied nedich It taalbelied fan Opsterlân wie net mear aktueel. Om oan te sluten by de ambysje fan it kolleezjeprogramma, is as ambysje keazen foar: De gemeente Opsterland is in tsjinstferlienende organisaasje dêr’t kwaliteit foarop stiet. In organisaasje dy’t der is foar de minsken fan Opsterland en harren sa goed mooglik berikke wol. Dat betsjut wat foar de taal dy’t de gemeente sprekt. De taal dy’t meiwurkers en bestjoerders brûke yn it kontakt mei de ynwenners, mar ek wat je dêr as organisaasje oer útstrielje. Dizze ambysje is yn it taalbeleidsplan fierder útwurke yn útgongspunten, dy’t hjirfoar neamd binne as te heljen risseltaten. 2.1. Fan dielnimmers oan de gesprekken oer taalbelied binne reaksjes ûntfongen Oan de dielnimmers fan de ferskate gespreksronden is frege om te reagearjen op it nije taalbeliedsplan. Der binnne 5 reaksjes ûntfongen. Yn de reaksjenota binne dizze reaksjes yntegraal werjûn, lykas de antwurden op de reaksjes en in advys hoe mei de reaksjes om te gean. De reaksjes liede net ta in wiziging fan de talbeliedsnota. 3.1. Foar de útfiering fan it beliedsplan is in projektplan en útfieringsplan nedich It projektplan “Romte foar Taal”, weryn opnaam in útfieringsplan, is bedoeld om de útfiering van it taalbeliedsplan hannen en fuotten te jaan.
Hjirmei wolle wy dúdlik meitsje hokker konkrete aksjes wy ûndernimme wolle om it taalbelied te stimulearjen en it Frysk yn ús organisaasje in steviger posysje te jaan. It útfieringsplan is lykwols hiel praktysk ynstutsen. We wolle net fan de flier op de souder springe.
Kanttekeningen 2.1. Ien reaksje op de taalbeliedsnota stelt in aktievere ynstek foar Ien fan de reaksjes op de taalbeliedsnota stelt foar om fan amtners in aktive behearsking fan it Frysk te easkjen. It easkjen fan behearsking fan de Fryske taal is tige lestich yn in krappe arbeidsmerk. Boppedat hat dit rjochtsposisjonele gefolgen, wêr’t wy net oan foarby gean kinne. Foarsteld wurdt om dat net te dwaan, mar troch it stimulearjen fan de passive behearsking en middels it oanbieden fan kursussen te kommen ta in mear aktive behearsking fan it Frysk troch ús meiwurkers.
Middels Yn de gemeentebegrutting binne op dit stuit gjin middels oanwêzich om de útfiering fan it nije taalbeliedsplan op te pakken. By de provinsje Fryslân kinne wy lykwols in subsydzje oanfreegje om de útfiering fan it Frysk yn ús gemeente te stypjen. De eigen middels dy’t wy dêr tsjinoer sette moatte sille bestean út ynterne oeren en reguliere budzjetten.
SDG’s Ferminderje ûngelykheid (nû. 10) is foar in part fan tapassing: it brûken fan it Frysk lyk lûke mei it brûken fan it Nederlânsk.
Evaluaasje It taalbeliedsplan “Romte foar Taal” wurdt nei 3 jier evalueare.
2/4
008667687
Taheakke • • • •
Taalbeliedsplan “Romte foar Taal”-FR Taalbeleidsplan “Romte foar Taal”-NL Reaksjenota by taalbeliedsplan “Romte foar Taal” Projektplan “Romte foar Taal” (ynkl. útfieringsplan)
Fertrouwelijke stikken op besjen lein foar riedsleden Gjin Boargemaster en wethâlders fan de Gemeente Opsterlân, De sekretaris,
De boargemaster,
Marjan van der Weij
Ellen van Selm
Team
: Samen Werken
Behandelend amtner
: Jan Lutgendorff
Telefoonnûmer
: 06-30461605
Emailadres
: jan.lutgendorff@opsterland.nl
3/4
008667687
Untwerp riedsbeslút Riedsgearkomste
: 15 november 2021
Agindapunt
:
Underwerp
: Taalbeliedsplan "Romte foar Taal"
De ried fan de Gemeente Opsterlân, lêzen it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders d.d.12 oktober 2021,
beslút: 1. It taalbeliedsplan "Romte foar Taal" fêst te stellen. 2. De reaksjenota by "Romte foar Taal" fêst te stellen. 3. Kennis te nimmen fan it projektplan (ynkl. útfieringsplan) "Romte foar Taal" Aldus besletten yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de Gemeente Opsterlân fan 15 novimber 2021. De ynterim-griffier,
De foarsitter,
Afke Zijlstra
Ellen van Selm
4/4