Profielschets burgemeester Opsterland - Frysk.pdf
Tekst van het document
OPSTERLANDERS SYKJE IN NIJE
BOARGEMASTER te is meen Us ge êrom D . lich twata lskets y f e pro is dizz r ysk en it yn it F lânsk r Nede ber. beskik
Wy sykje in nije troch de Kroan beneamde boargemaster foar de gemeente Opsterlân, want ús foarige boargemaster is nei acht fijne jierren nei in oare gemeente gien. Wy hawwe op dit stuit in waarnimmer.
In boargemaster is foar de ynwenners it gesicht fan de gemeente. Wy hawwe ús ynwenners frege hokker eigenskippen ús nije boargemaster hawwe moat. Sy hawwe by ús oanjûn dat hy/sy belutsen, diedkrêftich, op minsken rjochte en betrouber wêze moat. Wy binne bliid mei de goede respons en ynput dy’t wy fan harren krigen hawwe.
om earlik It is h n en e w bliu te fer n yn je r reëa te rek ús bosken s k bygely ngreide. en fea
Wy binne in prachtige autentyk Fryske plattelânsgemeente mei sechtsjin doarpen. It bysûndere romtlik karakter fan Opsterlân wurdt foarme troch de rykdom oan lânskippen en natuer yn de Fryske Wâlden en de karakteristyke histoaryske bûtenpleatsen.
Foar elkoar en mei-inoar
Natuer en lânskip
Wy hawwe in noflike doarpse mentaliteit wêrby
Wy libje yn in ôfwikselend lânskip, mei bosken,
wy each hawwe foar inoar. Wy witte wat der
greide, ikkers, feangreide, heidefjilden,
spilet, helpe inoar wêr nedich, stipje wêr dat
sânferstowingen en de Turfroute. It is moai om
moat, mar boppe alles fine we it wichtich dat
hjir te ferbliuwen en te rekreëaren. Us agrariërs
eltsenien mei dwaan kin. Us ferieningslibben is
hawwe fan âldsher in rol fan betsjutting, mei-
brûsjend, ús frijwilligers aktyf, de belutsenens yn
inoar ferkenne wy nije paden foar de lânbou.
de doarpen ferskaat, nei gelang de oanwêzichheid
Us bedriuwslibben en ús agraryske sektor
fan foarsjennings en de omfang fan de doarpen.
binne dynamysk en krêftich.
Us ynwenners en ús bestjoer hawwe hege ferwachtings en ambysjes dy’t bydrage oan ús
Wy sykje dy as ús boargemaster
wenwille, sa as it realisearjen fan foarsjennings
Mei de hjoeddeiske maatskiplike ûntjouwingen
en betelbere wenningbou.
sjogge wy út nei dy as boargemaster dy’t ús helpt
Midden yn de maatskippij
koers te bepalen en stânfêstich te wêzen. Do bist in ferbiner yn ieren en sinen. Do hast natuerlik gesach,
Wy fine it wichtich yn ús gemeente dat “wy it
bist sichtber en makkest dúdlike karren.
mei-inoar dogge en eltsenien der ta docht”. Fanút
Wy sjogge dy ek graach as relevante spiler yn de
dit gedachteguod ûntwikkelt de gemeentlike
regio. Koartsein, ús ambassadeur mei statuer.
organisaasje har. Dit freget in mienskiplike koers en fysje oer eignerskip en in heldere taak- en
Kompetinsjes
rolopfetting fan organisaasje, kolleezje, ried en
Fansels binne de fiif basiskondysjes dy’t foar eltse
ynwenners. Wy fine betrouwen, belutsenens
boargemaster jilde, ek foar dy fan tapassing:
en betrouberheid hjiryn fan wearde. De ried is
ynteger, werkenber, ûnôfhinklik, ferbinend en
konstruktyf, giet respektfol mei-inoar om, wurket
stress bestindich.
fanút it algemien belang, is jong en yntelligent. Us kolleezje is betûft en dreaun.
Do, as ús boargemaster, bist in omjouwingsbewuste bestjoerder: do bist treflik op’e hichte mei lokale, maatskiplike en polityke ûntjouwingen. Do setst dizze kennis effektyf yn. Do ûnderhâldst in goede relaasje mei ús buorgemeenten, ek omdat wy dêr in personiele gearwurking mei hawwe. Mei de grutte kearnen om ús hinne ûnderhâldst in tige goed kontakt, omdat ús ambitsjeuze plannen en dy fan oaren elkoar fertsterkje kinne. hast ynlibbingsfermogen, do lústerst en werkenst de gefoelens en it ferlet fan oaren. Do kinst dy yn oaren ferpleatse, do lústerst oandachtich en begrypfol en bist dy bewust fan de ynfloed fan eigen hanneljen. Do litst oaren yn harren wearde en dit litst ek blike. bist in fernijer: do sinjalearest en stimulearrest fernijings dy’t winsklik as needsaaklik binne, Do bist kundich yn it krijen fan ynstemming fan ferskate partijen. Do witst in breed draachflak te krijen. bist diedkrêftich en beslútfeardich: do sjochst kânsen en hannelst hjir ek nei. Do joust rjochting en stjoering oan de mooglikheden dy’t har foardogge. Do nimst sa no en dan it foartou. Witst sukkessen te beheljen yn oerlissitewaasjes en ferbynst belangen en stânpunten en komst ta oplossingen.
Us boargemaster is in oanjeier én ferbiner Do helpst fysje te ûntwikkeljen. Do bist in maklike en oangename petearpartner, noflik yn de omgong, in waarm minkse. Do krijst sakendien, bist ús smoaroalje, do bist in stevige en noflike ûnderhanneler, do helpst ús
bist doelfêst en koersfêst: do witst op in effektive wize de doelen en prioriteiten oan te jaan en setst dit om yn de nedige aksjes. Do joust rjochting, bist in boarne fan ynspiraasje, joust ideeën en rikst mooglikheden oan en komst mei in oanpak om it stelde te berikken. bist kommunikatyf: do witst op in noflike en tagonklike wize oaren mei te nimmen, boeist en bynst mei it wurd en hantearrest passende kommunikaasjemiddels.
takomstplannen foarelkoar te krijen. Do bist diedkrêftich en doelgericht, fernijingsgesind, hâldst koers en bist stânfêstich. Do spegelst en sinjalearst, do stipest en bringst oaren in harren rol en funksje. Do hakst knopen troch en bist kritysk at dat nedich is. Do setst dy yn om de organisaasjeûntwikkeling slagje te litten. Do hâldst it kolleezje yn harren krêft troch te coachen en te stypjen. Do biedst de ried transparânsje en ynsjoch. Do stimulearrest gearwurking en soargest dat belangen byinoar komme én byinoar bliuwe. Do bist sichtber en stietst midden tusken ús doarpsbewenners, do bist oansprekber, hest wille oan de doarpse aktiviteiten, draagst dêr aktyf oan by en genietest fan kultuur en de lanlike natuer.
Wy h
awwe in n doar oflike psme ntalit dêr ’t eit wy elkoa each foar r haw we.
Ta beslút Wy freegje in boargemaster
Us boargemaster krijt de portefuljes iepen-
•
Mei bestjoerlike ûnderfining yn it publike en/as
biere oarder en feiligens, kommunikaasje,
it semipublike domein;
yntegriteit en demokrasy en beneamt de
Dy’t de Fryske taal machtich is as de wil hat om
berneboargemaster.
•
de Fryske taal eigen te meitsjen; •
•
• •
Dy’t abstraheare kin en spegelje fanút in polityk neutrale rol en mei each foar de (ûn)
Proseduere
mooglikheden fan de amtlike organisaasje,
Dizze profylskets is troch de ried fan Opsterlân
kolleezje en ried;
fêststeld op 23 jannewaris 2023 yn bywêzen
Mei relativearringsfermogen en humor en in
fan de Kommissaris fan de Kening yn Fryslân,
romme blik op de wrâld, dy’t fierder sjocht dan
mr. A.A.M. Brok. Yn de moanne april fiert
de gemeentegrinzen;
de fertrouwenskommisje petearen mei de
Dy’t gearwurkingsrjochte is en de belangen fan
potensjele kandidaten. In assessment kin diel
Opsterlân goed wit te fertsjintwurdigjen;
útmeitsje fan de proseduere. Wy sjogge der nei
Mei each foar de kultuur en it eigene fan de
út om mei dy yn de kunde te kommen.
doarpen.
OANGENAAM, WY BINNE OPSTERLÂN Wenjen en wurkjen De gemeente Opsterlân hat 30.000 ynwenners. Opsterlân wol bouwe foar takomstige generaasjes. Troch ferjonging sil der dynamyk yn de mienskip bestean bliuwe. Ek foar dyjinge dy’t
Opsterlân yn it koart Opsterlân is in prachtige, sosjale en autentike Fryske plattelânsgemeente mei sechtsjin doarpen. It bysûndere romtlike karakter fan Opsterlân wurdt foarme troch de rykdom oan lânskippen en natuer yn de Fryske Wâlden. De gemeente is foar in part ûntstien út de feanûntginning en foar in part troch de oanlis fan bûtenpleatsen troch de begoedige boargerij. Dêrfan sjochst noch in tal pareltsjes as histoaryske momuminten stean. De lizzing tichtby Drachten en it Hearrenfean jout de mooglikheid om wat mear fan it stêdske foarsjenningennivo gebrûk te meitsjen. De krêft fan de eigen mienskip mei it lanlike, de rêst en it doarpse karakter foegje hjir noch in ekstra diminsje oan ta. De Gordyk biedt in boppelokale funksje wat winkeloanbod, wenjen en wurkgelegenheid oanbelanget. De omjouwingskwaliteit en it foarsjenningennivo drage sterk by oan it noflike wenjen en ferbliuwen yn Opsterlân.
wat âlder wurdt, wurdt in goed foarsjenningennivo oanbean, want eltsenien fertsjinnet it om sa lang mooglik thús wenjen te bliuwen. De wurkgelegenheid is ferskaat, de lânbou, handel, bou en soarch binne de wichtichste sektoren. De soarchsektor is relatyf grut troch de oanwêzigens fan in oantal grutte ynstellings. Grutskalige yndustry is festige yn De Gordyk en it bedriuwenpark Drachten-Azeven. Yn de saaklike tsjinstferliening binne in soad ûndernimers en selsstannigen aktyf. Opsterlân wol de lokale en regionale wurkgelegenheid stimulearje en de gearwurking mei it bedriuwslibben fierder befoarderje. In soad foarmen fan wurk binne minder bûn oan in kantoar- as bedriuwspân dan foarhinne. Hjir lizze kânsen om wurkjen en wenjen te kombinearjen. Troch de romme oanwêzigens fan snel ynternet kinne ûndernimmers, bedriuwen en ynstellings heechweardige tsjinsten ferliene.
Us lanlik gebiet Opsterlân hat in ôfwikseljend lânskip, mei bosken, greide, ikkers en feangreide, heide en sânferstowingen, wêr’t beekdallânskip It Keningsdjip en Natura 2000 gebieten ûnderdiel fan binne. De mooglikheden foar iepenloftrekreaasje binne rom oanwêzich en kinne fierder ûntwikkele wurde. Betingst is dat nije ûntjouwings pasje by it karakter fan it plattelân. It speerpunt fan rekreative ûntjouwing leit by Bakkefean en yn it feanpolderlânskip tichteby De Tynje en Ny Beets. It bûtengebiet fan Opsterlân is grut, farieard en hat sawol in ekonomyske as rekreative funksje. De lânbousektor is wichtich foar ús ekonomy, identiteit en lânskip. Wy gean mei boeren yn petear om by te dragen oan in takomstperspektyf. Wy gean lânskiplike “ferrommeling” tsjin en hawwe oandacht foar frijkommende agraryske bebouwing, kultuurhistoaryske wearden en funksjeferoaring.
Us doarpen De sechtsjin doarpen fan Opsterlân fariearre yn grutte en hawwe allegear in aktyf ferieningslibben. Eveneminten binne in teken fan ienheid en fersterkje de kulturele wearden. It histoaryske karakter en de byldkwaliteit fan de doarpen binne fan grut belang. De Gordyk is it grutste doarp en ferfolt in boppelokale funksje. Oerterp is it twadde doarp fan Opsterlân. Wy wolle wurkje oan de kwaliteit fan Oerterp as wenplak en markeare de lânskiplike struktuur en kultuurhistorysje eleminten. Beetstersweach is in oantreklik wenplak mei in sintrumfunksje en in hiel eigen karakter, breed foarsjenningenoanbod en in rike kultuurhistoary. Hjir stiet ek ús gemeentehûs. De oare tretjin lytsere doarpen binne like prachtich as ferskaat.
Taal en kultuur Fryslân is twatalich, de gemeente Opsterlân is dat ek. It Frysk nimt in wichtige rol yn, yn de gemeenteried wurdt regelmjittich yn it Frysk debatearre. Us ynwenners brûke it Frysk of it Nederlânsk as fiertaal en ek yn de amtlike organisaasje binne beide talen te hearren. Keunst, kultuur en kreativiteit ferykje it libben en de mienskip, at it no in muzykfestival as in tentoanstelling is. Opsterlân hat meardere musea en eveneminten. Yn de mienskip ûntstean moaie ideeën foar kulturele aktiviteiten. De gemeente spilet in fasilitearende rol, bygelyks troch subsydzje as help by in evenemintefergunning.
Us minsken
Us bestjoer
Neist de kwaliteit fan de leefomjouwing wurdt de leefberens
De ried komt gear neffens in systeem wêrby de byldfoarming
fan ús doarpen bepaald troch de ynwenners. Wy hechtsje
plak fynt yn de oriëntearende riedsgearkomste (ORG) en it
oan harren wolwêzen en wolle dat alle ynwenners mei dwaan
debat en de beslútfoarming yn de riesdgearkomste. Beide
kinne. De ynset fan frijwilligers is grut en wurdt hieltyd
gearkomsten fine eltse moanne plak. Tuskentiids lit de
wichtiger. De ferienings fan pleatslike belangen spylje in
ried him ynformearje oer wat der spilet yn de gemeente.
wichtige rol. It gemeentebestjoer fiert jierliks oerlis mei
Ynwenners, belangstellenden en organisaasjes kinne
dizze ferienings. De doarpswethâlders hâlde nau kontakt mei
ynsprekke tidens de ORG. De boargemaster is foarsitter fan
de ynwenners fan harren doarpen. Eltse fjouwer jier bringe
de agindakommisje en it presidium. De ried hâldt oandacht
wy fia Doarpsspegels yn byld hoe’t de ynwenners harren
foar fierdere trochûntwikkeling. Fan de boargemaster wurdt
wenomjouwing belibje. Elts doarp hat in eigen doarpsbudzjet
in ynspirearende en konstruktive ynbring ferwachte foar dy
om in ympuls te jaan oan ûntjouwingen en aktiviteiten.
trochûntwikkeling.
Wy wolle in mienskip wêze wêr’t eltsenien meidocht. De
It kolleezje bestiet út de boargemaster en fjouwer wethâlders.
fersoargingssteat transformearret nei in mienskip wêroan elts
It kolleezje hat wykliks gearkomsten ûnder foarsitterskip fan
syn/har bydrage levert en wêr’t de oerheid gaadlike rollen hat.
de boargemaster.
It is oan de ynwenner om de rezjy oer syn libben te hâlden en oan de professional – fan de gemeente en de ketenpartners – om de ynwenner dêryn sa nedich te fasilitearjen, te stypjen as te stimulearjen. Wy rochtsje ús op it foarkommen en beheinen fan swierrichheden fan ynwenners. Hoe’t dizze feroaring yn en oan de mienskip tusken gemeente en har ynwenners der krekt út komt te sjen, freget in weryking fan de rol fan de gemeente. De takomst fan Opsterlân is mei ôfhinklik fan de talinten fan ús jongerein. Wy wolle dat elts bern syn as har yndividuele talinten folslein ûntwikkelje kin. De gearwurking mei de basisskoallen is wichtich, omdat wy ús rjochtsje op in trochgeande learline. Dêrneist is gearwurking mei it bedriuwslibben en maatskiplike organisaasjes fan gewicht om fraach en oanbod op de arbeidsmerk opinoar ôf te stimmen.
Us organisaasje De amtlike organisaasje wurdt laat troch in twakoppige direksje mei dêrûnder acht teams en 190 fte (225 meiwurkers). Opsterlân wurket gear mei West- en Eaststellingwerf yn OWO-ferbân. Dit is in personiele gearwurking wêr’t in oantal tsjinsten útbestege binne oer de trije gemeenten. Wy binne de wurkjouwer fan ien fan de trije OWO-ôfdielingen, de ôfdieling Fergunningferliening, tasicht en hânhavening (sa. 41 fte, 49 meiwurkers) húsfeste yn in njonkenfestiging yn De Gordyk. Oare útfierende tsjinsten sa as de personiele- en finansjele administraasje, backoffice sosjaal domein, belestingen en I&A binne útbestege by de oare twa gemeenten. Yn 2020 is in trajekt foar organisaasjeûntwikkeling starten, sadat de gemeente har rol yn de netwurkmienskip better útfiere kin. Dêrtroch slút sy better oan by de ynisjativen fan ynwenners, bedriuwen, maatskiplikke organisaasjes en oare oerheden, lokaal en regionaal. In trochûntwikkeling nei in gearwurking mei in passende ynset en belutsenens fan ynwenners is de folgjende stap.