CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

OANNAAM Wizige amendemint Gjin Lelyline - FNP

Raadsvergadering 2 juni 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Regioplan NPVR Zuidoost-Fryslân 2045 (B)449 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Alle riedsleden kinne in amendemint yntsjinje. Mei in amendemint kin de ried in foarsteld beslút oanpasse. Yn de riedsgearkomste stimme de riedsleden oer it amendemint. Stimt de mearderheid fan de ried foar it amendemint, dan feroaret de tekst fan it oarspronklike beslút. Neidat der oer de amendeminten stimd is, stimme de riedsleden foar of tsjin it oanpaste riedsfoarstel. WIZIGE AMENDEMINT Gjin Lelyline Dit amendemint heart by agindapunt 16 Regioplan NPVR Zuidoost-Fryslân 2045 fan ‘e riedsgearkomste fan 2 juny 2026. FOARSTEL Wy freegje de ried om it foarstelde beslút te wizigjen troch: beslispunt 1 te wizigjen yn: 1. Het volgende als bedenking te uiten op het Regioplan Nationaal Programma Vitale Regio’s (NVPR) Zuidoost-Fryslân 2045: De Lelyline komt foar Opsterlân net yn harren ynnovative dream foar, de dream oer duorsume mobiliteit. Foar Opsterlân is it wichtich dat yn in takomstdream basisfoarsjennings op oarder binne en bliuwe en dat der sjoen wurdt nei alternative oplossings foar mear berikberheid lykas in útwreiding fan busferbiningen en oansluting op rapper en direkter busferkear oer de A-Sân. Hjir profiteare alle gemeenten yn Súd-East-Fryslân fan troch in helber, betelber ferkearsplan dy’t net in grutte ympakt hat op it lânskip. MOTIVAASJE Underhâld fan brêgen en diken lit hieltiten mear te winskjen oer ha wy heard yn berjochtjouwing fan de parse.

Grutte útjeften moatte op koarte termyn foarkomme dat parten fan it lân op slot gean. It is hiel ûnwis as dit jild beskikber stelt wurdt troch it regear. It útsprekken foar de dream fan in takomst mei de Lelyline spilet de lobbygroep Lelyline yn de kaart. Earder al rôp de kommissaris fan de kening fan Grins dat it noarden klear is om mei te beteljen oas de sparpot dy’t foar de Lelyline delsetten wur dt by gemeenten en provinsjes. Mei it opnimmen fan de Lelyline yn in dream oer de takomst fan de regio bin jo net fier fan it stopjen fan de earste sparsinten yn dit projekt. In goed berikbere regio ken ek realisearre wurde sûnder in Lelyline. Mei it each op in dream mei goede en duorsume ferbining is it dochs ek nedich om realistysk te bliuwen en te harkjen nei de ûndernimmers en de minsken dy’t no net sparje wolle foar de Lelyline, mar aksje wolle op koarte termyn om yn ús ferfiers -lân de basis fan ús ynfrastruktuer op oarder te ha. Dit amendemint wurdt yntsjinne troch: Harm de Jong Yn te foljen troch de griffy: Dit wizige amendemint is oannaam yn de riedsvergadering fan 2 juny 2026. Foar stimden: de fraksjes Opsterlands Belang, ChristenUnie, FNP, PRO, CDA en D66 (19 stimmen). Tsjin stimden: VVD (1 stim). De griffier, De foarsitter, Laura Meijer Andries Bouwman

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/9970bbb5-ea4e-4f55-9b45-98a81320b74b?agendaItemId=21fb2dbe-d11f-458f-9ad2-6d22dc912eee