MoasjeFersetHerijking.doc
Tekst van het document
MOASJE (Artikel 34 Reglemint fan Oarder)
Ried d.d.:
1 maart 2021
Underwerp:
Moasje frjemd Mei-inoar in fûst te meitsjen foar in earlike ferdieling Gemeentefûns Underskreaune(n), lid fan de Ried fan de gemeente Opsterlân, heard hawwende de rieplachting; konstatearjende dat
Der in fikse koarting driget op de bydrage út it Gemeentefûns foar de measte Fryske gemeentes; It Gemeentefûns in belangryk part fan de begrutting foarmet; Yn de measte gemeenten yn Fryslân tusken 40-83 euro per ynwenner der op efterút buorkje;
oerwaagjend dat dêrtroch gemeentes it ferskuorjendste dreech hawwe de begrutting slutend te krijen; in kompinsaasje efternei – sa’t de ferantwurdlike Minister foarsteld – moster nei it miel is; in grut oantal gemeentes dit jier al in fikse ferheging fan de belestingen trochfierd hawwe om de begrutting slutend te krijen; in grut oantal gemeentes dit jier al besunige hawwe op saken as leefberens, kulturele ynstellingen, ferieningslibben en sport; dêrmei de ynwenners fan ús gemeente hurd troffen wurde; der in ferskraling fan de leefberens op de loer leit;
fersiket it kolleezje
har ôfkar út te sprekken oer de plannen plannen foar de herijking fan it Gemeentefûns; tegearre mei de VFG en de provinsje Fryslân sa gau as mooglik yn ferset te kommen tsjin dizze herferdieling.
en giet oer ta de oarder fan de dei. Namme en
Harm de Jong, FNP Opsterlân Roel Vogelzang, PVDA Wanda Geertsma, VVD Oebele van der Veen, Christenunie Willemijn Bruining, Opsterlands Belang René Koopmans, D66 Elske Beintema, GroenLinks - Opsterlanders Sjors Veenstra, CDA Klaas de Boer, BAS
Dizze moasje is ………………………….. yn de riedsgearkomste fan ...................................
.................................................................., griffier.