CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje Deltaplan (FNP, GL-OL, D66, BAS).doc

Raadsvergadering 5 juli 2021, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Motie 1 - Deltaplan217 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE (Artikel 34 Reglemint fan Oarder)

Ried d.d.:

5 july 2021

Underwerp:

Moasje: De Gemeenteried yn posysje bringe by it saneamde ‘Deltaplan voor het Noorden’. Underskreaune(n), lid fan de Ried fan de gemeente Opsterlân, heard hawwende de rieplachting; konstatearjende dat 

It Deltaplan Noard-Nederlân in grutte ynfloed ha kin op tal fan beleidsterreinen lykas: ynfrastruktuer en mobiliteit, wenjen, wurkjen, romtlike oardering, natuer en lânskip en de sosjaal-ekonomyske en sosjaal-kulturele struktuer fan ús gemeente;

Dizze aspekten om besprek, iepenbier debat en politike ôfwaging en beslútfoarming freegje fersiket it kolleezje

 

  Namme en

de Ried rom op ‘e tiid te ynformearjen oer de planning fan mooglike ferfolchstappen; de Ried foarôf te ynformearjen en te hifkjen oer alle grutte folgjende stappen, ûntwikkelingen of bestjoerlike besluten dy’t te krijen hawwe mei it ferfolch en ynhâldlik útwurkjen fan it Deltaplan-Noard Nederlân, sadat de Ried dêroer it iepenbiere debat fiere kin; ûnderdielen dy’t yn de ynhâldlike útwurking in politike kar fereaskje yn alle gefallen foar beslútfoarming oan de Ried foar te lizzen; dit yn alle gefallen te dwaan foardat it kolleezje op basis fan dy ynhâld fierder ûnderhannelje sil mei Provinsje en Ryk;

Harm de Jong, FNP Opsterlân Henk Hoen, BAS Elske Beintema, Groen-Links Opsterlanders René Koopmans, D66

Dizze moasje is ………………………….. yn de riedsgearkomste fan ................................... .................................................................., griffier.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=ba0499a0-5e40-4d5f-a1c6-ac5bf354bdde