CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

M11 FNP Husfestingsferoardering FRL (FNP).doc

Raadsvergadering 8 november 2021, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Voorgenomen moties203 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE

(Artikel 34 Reglemint fan Oarder) Ried d.d.:

8 novimber 2021

Underwerp:

Húsfêstingsferoardering Underskreaune(n), lid fan de Ried fan de gemeente Opsterlân, heard hawwende de rieplachting; konstatearjende dat  De wenningmerk ûnder druk stiet.  Opsterlân gjin húsfêstingsferoardering hat.  In húsfêstingsferoardering in wetlik ynstrumint is om de wenningmerk te stjoeren. (Boarne VNG)  De hjoeddeiske ûntwikkelingen dúdlik meitsje dat wentebou in belangrike útdaging foar Opsterlân is, en der sadwaande ferlet is fan in húsfêstingsferoardering. oerwaagjend dat • Hjirmei de gemeente de hjoeddeiske krappe wenningmerk folle better stjoere kin • De gemeente hjirby maatwurk kin leverje op it mêd fan bygelyks tawizing hierwenningen en tawizing fan kavels. • De gemeente easken kin opstelle op it mêd fan bygelyks selsbewenning, opkeapbeskerming, besettingsnoarm, oan it opsplitsen fan wenromte en oan keamerferhier fan wenningen • De gemeente ek prestaasje-ôfspraken makket mei de wenningkorporaasjes. fersiket it kolleezje Om by it fêststellen fan de Aktualisaasje Wenfyzje ek in foarstel ta it gearstellen fan in húsfêstingsferoardering mei te nimmen en dizze ferfolgens meikoarten foar te lizzen oan de ried. En giet oer ta de oarder fan de dei.

Namme en partij

Harm de Jong, FNP Opsterlân Marco Veenstra, D66 Henk Hoen, Bas Johan Sieswerda, Groen-Links

Dizze moasje is ………………………….. yn de riedsgearkomste fan ...................................

.................................................................., griffier.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=8677f54e-b956-451e-ac38-692b32ea7dfa