FERSMITEN Moasje Sinnepanielen op dakken - FNP
Tekst van het document
Gp Nn
Opsterlân
Moasje Moasje Sinnepanielen op dakken, foar sinnefjilden Dizze moasje heart by agindapunt 14 “Grondaankoop voor de uitbreiding van het Bedrijvenpark
Drachten Azeven Zuid” fan de riedsgearkomste fan 26 maaie 2025
Foarstel Wy freegje de ried om: -__útte sprekken dat de oankochte grûn dy't búten it wurkingsgebiet fan “Bedrijvenpark Drachten Azeven Zuid” leit yn de takomst foarearst net ynsetten wurdt foar it realisearje fan sinnefjilden
wylst de potinsje fan sinnedaken net optimaal brûkt wurdt op it neistlizzen yndustriegebiet Asân. _ Wy freegjeit kolleezje om: der op oan te trunen dat by de realisaasje fan nije bedriuwen op it yndustrieterrein ynset wurdt op sinnepanielen op dakken en op syn minst te easkjen dat dizze dakken en konstruksjes skikt makke wurde om yn de takomst it gebiet (bygelyks as weromleverje of enerzjy-opslach
wol mooglik is) fan genôch sinnepanielen te foarsjen.
Motivaasje De enerzjy-opjefte wurdt hieltyd mear knipend; -_ lt sels opwekken fan stroom wurdt hieltyd wichtiger, wêrby ek eigen opslach ta de mooglikheden beheart; -_Ús lânskip feroaret mear en mear yn in enerzjylânskip; -_ Dit wylst de potinsje fan dakken lang net folslein benut wurdt. Om lân, lykas it gebiet bûten it wurkgebiet sa lang mooglik iepen te hâlden, en geskikt foar bygelyks lânbou en natuer moat de prioriteit earst lizze by it, wêr mooglik, optimaal brûken fan de dakken. Dizze moasje wurdt yntsjinne troch: Harm de Jong.
Yn te foljen troch de griffy: Dizze moasje is fersmiten yn de riedsgearkomste fan 26 maaie 2025 Foar stimden: FNP (2 stimmen) Tsjin stimden: Opsterlands Belang, PvdA, CDA, ChristenUnie, GroenLinks, VVD, D66 (18 stimmen)
De foarsitter,
Laura Mäijer
Andries Bouwman
In moasje is meastentiids in fersyk oan it kolleezje. Alle riedsleden kinne in moasje yntsjinje yn de riedsgearkomste. Yn dy riedsgearkomste stimme de riedsleden oer de moasje, dan wurdt hy oannaam (de mearderheid stimt foar de moasje) of fersmiten (de mearderheid stimt tsjin de moasje).