Bijlage 4 Projektplan Romte foar Taal.docx
Tekst van het document
Projektplan Romte foar Taal – gemeente Opsterlân Ynlieding De gemeente Opsterlân hat nij Frysk Taalbeleid opstelt. De ambysjes foar de kommende jierren binne helder en iepen opstelt. Dat is mei opset sin dien, om elts yn de gemeente de romte te jaan om mei de Fryske taal (en oare talen) oan de slach te gean. Fanút de formulearre ambysjes en de útgongspunten dêrby, is in útfieringsprogramma makke foar de kommende jierren. Foar de konkrete aksjes út dit útfieringsprogramma wurdt in bydrage frege fan de Provinsje Fryslân op grûn fan de regeling”incidentele subsydzjes bestemming Fryslân 2021”. 1. Ambysje foar de kommende jierren De ambysje foar de kommende fjouwer jier fan de gemeente Opsterlân binne: Basis: tsjinstferlienende organisaasje De gemeente Opsterland is in tsjinstferlienende organisaasje dêr’t kwaliteit foarop stiet. In organisaasje dy’t der is foar de minsken fan Opsterlân en harren sa goed mooglik berikke wol. Dat betsjut wat foar de taal dy’t de gemeente sprekt. De taal dy’t meiwurkers en bestjoerders brûke yn it kontakt mei de ynwenners, mar ek wat je dêr as organisaasje oer útstrielje. Tema: romte foar taal Romte foar taal betsjut dat elke taal der wêze mei en brûkt wurde mei. En dat talen lykweardich binne, de ien net belangriker as de oar. Elk mei syn/har taal prate, as we elkoar mar ferstean kinne. Dat jildt foar ynwenners en meiwurkers.
Romte foar taal betsjut ek respekt foar elkoars taal en dy bewust wêze fan de gefoelens dy’t (it brûken fan) taal oproppe kinne. Hiel letterlik betsjut romte foar taal ek dat it besprekber is: it is ûnderwerp fan gesprek yn oerlizzen (kin elk syn eigen taal prate?) of in earste fraach oan de klant (hokker taal prate jo it leafst?). Ta beslút hat romte foar taal te krijen mei dat taal sichtber is. As je taal sjogge fiele je je útnûge en wolkom om it te brûken. Dy sichtberheid wurdt fersterke troch wat de gemeente dêr yn syn kommunikaasje oer útstrielet, dúdlik stânpunten en in foarbyldrol. 2. Utgongspunten Frysk ferstean as basisnivo Yn in gemeente dêr’t it Frysk sa dúdlik fiertaal is kin it net oars as fersteane de meiwurkers fan de gemeente allegear Frysk. Dat is it basisnivo. Oanslute by de taal fan de klant Oanslute by de taal fan de klant makket diel út fan in goeie tsjinstferliening. De ambysje is hjir om te stribjen nei aktive behearsking fan it Frysk foar meiwurkers mei publykstaken dêr’t taal yn it kontakt mei de klant it ferskil meitsje kin (bygelyks it gebietsteam). Utnûgjend Meiwurkers dy’t it Frysk machtich binne begjinne in petear yn it Frysk. Dit liket tsjinstridich oan ‘romte foar taal’. De erfaring is lykwols dat de fiertaal gau Nederlânsk wurdt, ek tusken Frysktaligen. Meiwurkers dy’t it Frysk praten net machtich binne jouwe oan dat de klant Frysk prate kin.
Passend by Opsterlân Passend by Opsterlân betsjut dat de gemeente kiest foar in praktyske en kreative oanpak. It ferskil sit yn lytse aksjes, oanpassings en gewoan dwaan.
Mei syn allen Alle meiwurkers by de gemeente brûke taal. As gemeente bist dêrom ek mei syn allen ferantwurdlik foar it taalbelied en de praktyske útwurking dêrfan. En ‘mei syn allen’ is noch breder: it giet om it meielkoar oplûken as hiele mienskip fan Opsterlân. Ynwenners, doarpsbelangen, bedriuwen en partnerorganisaasjes. As mienskip draachst sa mei syn allen de taal. Dizze útgongspunten slúte oan by de LTA 2030 fan de provinsje Fryslân: • Dûbeltalich kommunikaasjemateriaal • Persoanielsbelied • Underlinge bestjoerlike kommunikaasje • Frysktalige stikken • Frysk as bestjoerstaal • Sichtberens yntern gemeentehûzen • Sichtberens yn ‘e iepenbiere romte 3. Utfieringsprogramma Wat betsjut dy ambysje yn de praktyk? Yn it útfieringsprogramma is de ambysje fertaald nei aksjepunten. Realistysk, te behappen en betelber.
Brûk it Frysk! (prate) • Meiwurkers/bestjoerders by de gemeente dy’t it Frysk machtich binne begjinne in petear yn it Frysk; • Meiwurkers fan it Publykssintrum nimme de telefoan yn it Frysk op (oare meiwurkers kinne dit fansels ek dwaan); • Meitsje taal besprekber: standert begjint elk oerlis mei de fraach oft elk syn/har taal prate kin (oant it gewoan wurdt); • Frysktalige meiwurkers geane it ekspearimint oan om Frysk praten te bliuwen mei NL-talige kollega’s (ha it der oer, faak fine se it leuk en leare se der fan!); Brûk it Frysk! (skriuwe) • Brûk it Frysk yn parseberjochten, tawurkje nei in relevante ferdieling yn taal; • Brûk it Frysk op de webside en social media.
Dat kin boartlik en kreatyf; Lear it Frysk! • De gemeente biedt meiwurkers dy’t Frysk ferstean/praten/skriuwen leare wolle in kursus oan; Wês útnûgjend! • Meiwurkers dy’t it Frysk net machtich binne, mar wol fersteane, nûgje harren gesprekspartner út om Frysk te praten; • De oanmeldzuil’: meitsje de peal sa dat minsken oanjaan kinne oft se yn it Frysk of Nederlânsk oansprutsen wurde wolle; • Meitsje yn de hal noch mear dúdlik dat minsken Frysk en Nederlânsk prate kinne; • Meitsje taal besprekber: yn teamoerlizzen is taal in punt op de aginda (erfarings útwikselje, wat is der nedich?); Draach it Frysk út! • Draach as gemeente de identiteit fan de gemeente op in entûsjaste wize út en ferbyn dat ek oan de tsjinstferliening fan de gemeente, fertel oer watst belangryk fynst en watst dochst oan en mei taal; • Meitsje fan taal in fêst agindapunt yn de oerlizzen mei partnerorganisaasjes; • Meitsje mei de ûnderwiis- en kultuerpartners in ûntwikkelaginda foar it Frysk om taal te ferbinen oan erfguod, omjouwing en kultuer. • Brûk Fryske teksten op it ridend materiaal fan de gemeente at dat oan ferfanging ta is.
Projektbegrutting Aksje: • •
2021
2022
De gemeente biedt meiwurkers dy’t Frysk ferstean/praten/skriuwen leare wolle in kursus oan; De gemeente biedt de workshop Psychology fan dyn taal (Afûk) oer it hoe en wêrom fan switchen fan taal en tips en trúks om dyn eigen taal te praten; 250,00 per workshop MT en per team.
Doelstelling: Brûk it Frysk! (prate) Brûk it Frysk! (skriuwe) Lear it Frysk! Lear mar Frysk – module 1 Begjinnerskursus foar minsken dy’t it Frysk ferstean en lêze wolle. (10 wikelize lessen) per jier 2 x 15 dielnimmers Kosten per kursus 15 x € 120,00 + 15,00 learmiddels 2.025,00 4.050,00 Praat mar Frysk - module 1 Foar wa’t Lear mar Frysk-module 2 folge hat of it Frysk al goed ferstean en lêze kin. Oan 'e ein fan de kursus kinne de dielnimmers in petear yn it Frysk hâlde. 2 x per jier 5 dielnimmers Kosten 2 x 5 x € 120,00+ 15,00 learmiddels 1.350,00 SkriuwmarFrysk - module 1 Begjinnerskursus om hiel praktysk it Frysk skriuwen te learen. Omtinken foar stavering, grammatika, tiidwurden, ensafh. per jier 10 dielnimmers Kosten 1.800,00 + € 43,50 learmiddels per kursist Opfryskkursus - 3 lessen Foar wa’t eartiids Frysk skriuwen leard hat en net mear presys wit hoe’t de (nije) stavering is. Koarte kursus foar dyjinge dy’t it Fryslân A-eksamen earder helle hat of SkriuwmarFrysk 1 en 2 folge hat. 2 opfryskkursussen per jier Kosten 750,00 1.500,00 • Brûk it Frysk op de webside en social media. Doelstelling: Brûk it Frysk! Oersetting webside nei it Frysk Oersetting fan 50.000 wurden Kosten 50.000 x € 0,13 per wurd
6.500,00
• Meitsje yn de hal noch mear dúdlik dat minsken Frysk en Nederlânsk prate kinne; Doelstelling: Wês útnûgjend! Materiaal twatalich meitsje Oanpassen oanmeld zuil Oanpassen buordsjes ensfh. yn de hal
1.000,00 1.000,00
Totaal kosten (=subsydzjeoanfraach) Aksje:
11.525,00
€ 10.950,00
2021
2022 e.f.
Eigen kosten LearmarFrysk – module 2 Ferfolchkursus fan module 1. It aksint leit op it de ferdjipping fan it ferstean en lêzen, útwreidzjen wurdskat en aktyf tapassen fan de wurdskat. In begjin meitsje mei it praten fan de taal. per jier 5 dielnimmers Kosten 1.800,00 SkriuwmarFrysk – module 2 Ferfolchkursus fan module 1. Sintraal stiet it skriuwen fan teksten, wurdskat en grammatika, en nijsgjirrige taalsaken. per jier 10 dielnimmers Kosten 1.800,00 Dielname eksamen Frysk A per jier 5 dielnimmers Kosten 5 x € 65,00 Wurkoeren yntern:
325,00 PM
Training meiwurkers Publykssintrum, gebietsteams en oare publyksfunksjes Oersetting parseberjochten Dielname meiwurkers oan kursussen Frysk Oanpassen funskje-easken oangeande it behearskjen fan it Frysk Fryske teksten op ridend materiaal Beetstersweach, oktober 2021 •
PM