Bijlage 2 Partisipaasjeferslach Frysk Taalbelied
Tekst van het document
Partisipaasjeferslach Frysk taalbelied
Ynlieding Foar it opstellen fan nij Frysk taalbelied hat de gemeente ynwennerspartisipaasje ynset. Troch ynwennerspartisipaasje te organisearjen soargje wy derfoar dat it belied goed oanslút by wat der libbet yn de maatskippij. Mei de ynwennerspartisipaasje oangeande it nije Frysk taalbelied woe de gemeente it folgjende efterhelje: Hoe’t ynwenners it hjoeddeistige taalbelied ûnderfine, en wêr ferbetterpunten lizze. Hokker winsken en behoeften der binne foar de takomst: op hokker terreinen wolle
ynwenners it Frysk weromsjen? Hoe’t ynwenners de rol fan de gemeente sjogge by it stimulearjen fan de Fryske
taal. It doel fan it partisipaasjeproses wie om de kwaliteit en effektiviteit fan it nije belied te fersterkjen en om draachflak te kreëarjen. Troch ynwenners te rieplachtsjen kin de gemeente better ûnderboude karren meitsje dy't oanslute by wat der yn de mienskip libbet. Tagelyk soarget dy belutsenens der ek foar dat ynwenners har werkenne yn it úteinlike belied. Dêrom is keazen foar it partisipaasjenivo rieplachtsjen: ynwenners leverje weardefolle ynput, wylst de gemeenteried de úteinlike besluten nimt. Mei dit partisipaasjeferslach leit de gemeente fêst hoe’t it proses ferrûn is, hokker ynsichten it opsmiten hat en hoe’t dy brûkt binne by it opstellen fan it nije Fryske taalbelied. De folsleine resultaten fan de enkête binne te finen yn de taheakke.
Metoade It partisipaasjeproses bestie út ien ûnderdiel: in enkêteûndersyk ûnder alle ynwenners fan de gemeente Opsterlân. Dizze metoade is keazen omdat it leechdrompelich is en in brede groep minsken berikt. De enkête rjochte him op trije haadtema's: 1. Evaluaasje fan it foarige belied; 2. Prioritearring binnen de ferskate beliedsterreinen; 3. Diele fan ideeën en winsken. Om safolle mooglik ynwenners te berikken, is de enkête benammen digitaal útset. Fia ferskate platfoarms is de enkête ûnder de oandacht brocht, lykas de gemeentlike webside en sosjale mediakanalen. Foar ynwenners dy't minder digitaal feardich binne wie der in fysike ferzje fan de fragelist beskikber. Dy koe op fersyk ôfhelle wurde by de baly fan it gemeentehûs. Sa is soarge dat elkenien dy't dielnimme woe, dat ek echt koe. De enkête stie iepen fan 11 oant 28 novimber 2025. De doelgroep fan dit enkêteûndersyk bestie út alle ynwenners fan de gemeente Opsterlân. Op 1 jannewaris 2025 telde de gemeente 30.006 ynwenners. Op basis fan dit ynwennersoantal waard in nedige stekproefgrutte fan 380 persoanen berekkene, mei in foutmarzje fan 5%.
Resultaten Yn totaal follen 207 ynwenners de enkête yn. Mei dit oantal kinne gjin útspraken dien wurde oer de hiele doelgroep. Dochs biede de útkomsten fan de enkête rjochting by it opstellen fan nij Frysk taalbelied.
In grut part fan de respondinten (64%) jout oan wolris Frysk praat te hawwen mei in meiwurker fan de gemeente. Dêrneist jout 19% oan dat net te dwaan om't sy hjir gjin ferlet fan hawwe. Inkeld 3% hat noch nea Frysk praat mei in gemeentemeiwurker, mar soe dit wol graach wolle. De mearderheid (59%) ûnderfynt dan ek dat sy meastal oant altyd yn it Frysk telâne kinne by de gemeente. Der is lykwols ek in groep dy't oanjout meastal net (4%) of sels hielendal net (9%) maklik yn it Frysk kontakt hawwe te kinnen mei de gemeente. Wat taalstimulearring oanbelanget fynt 48% fan de respondinten dat de gemeente de Fryske taal hiele folle stimulearje moatte soe en 23% ridlik folle. In lytsere groep (11%) fynt dat de gemeente de taal hielendal net hoecht te stimulearjen, of mar in bytsje (6%). Neffens de respondinten moat de measte oandacht útgean nei Frysk yn it Underwiis. Dêrnei folgje de tema’s Iepenbiere Romte en Bestjoer, dêrnei Kultuer & Media en Soarch & Wolwêzen, wylst Bedriuwslibben & Toerisme it minst wichtich fûn wurde. Der binne ek ferskate stellingen oan de respondinten foarlein. De measte respondinten jouwe oan it (sterk) iens te wêzen mei dizze stellingen, wylst in lytsere groep it dêrmei ûniens is. De stellingen oer it Underwiis krije de measte stipe, wylst dy oer it Bedriuwslibben & Toerisme it minst ûnderskreaun wurde.
Konklúzje Respondinten dy't de enkête yn it Frysk ynfollen, binne oer it algemien positiver oer it Frysk as respondinten dy't de enkête yn it Nederlânsk ynfollen. Tagelyk lit de totale groep respondinten sjen dat de mearderheid posityf tsjinoer de Fryske taal en de stimulearjende rol fan de gemeente stiet. Inkeld in lytse minderheid is hjir gjin foarstanner fan. Dy ferskillen yn hâlding litte wol sjen dat ynwenners ferskillende ferwachtings hawwe. Yn it nije belied is rekken hâlden mei beide perspektiven op it Frysk. Wat de ûnderfiningen mei de gemeentlike tsjinstferliening oanbelanget, jout in romme mearderheid fan de respondinten oan dat sy maklik Frysk brûke kinne yn kontakt mei de gemeente. Mar in lyts part fielt dizze romte net of ûnderfynt drompels om it Frysk te brûken. De basis foar twatalige tsjinstferliening is seker oanwêzich. Yn it nije belied sil der omtinken bliuwe foar leechdrompelichheid en tagonklikens. It domein dêryn’t de gemeente de Fryske taal it meast stimulearje moatte soe, is neffens de respondinten it Underwiis. It meastepart sjocht ûnderwiis as it wichtichste domein: hjir falt neffens harren de measte winst te beheljen. Yn it nije belied sil it domein Underwiis hegere prioriteit krije. De resultaten fan it partisipaasjeproses binne meinaam yn it opstellen en rangskikken fan de beliedsprioriteiten binnen it nije Frysk taalbelied.
De tema’s dy't troch ynwenners as it wichtichst oanmurken binne, wurde troch de gemeente as earste oppakt. De ynput jout dêrtroch net allinnich ynsjoch yn ferlet en ferwachtingen fan ynwenners, mar is ek in ûnderboude basis om prioriteiten te stellen. Yn it nije belied is de prioritearring fan domeinen is dan ek ferwurke. As lêste is in wichtich punt fan omtinken it belang dat respondinten hechtsje oan kommunikaasje mei de gemeente yn harren foarkarstaal. Sawol dejingen dy't de enkête yn it Frysk ynfolle hawwe as dejingen dy't dit yn it Nederlânsk dien hawwe, fine it noflik dat de gemeente harren oansprekt yn de taal dêr't se har it meast komfortabel yn fiele. Yn it nije belied is de foarkarstaal fan de ynwenner in útgongspunt.
Taheakke: resultaten enkête 1. Wat is jo leeftiid?
Jonger as 18 jier
18-24 jier
25-34 jier
45-54 jier
55-64 jier
Alder as 65 jier
35-44 jier
2. Ik wol dizze fragelist ynfolje yn it:
Frysk
Nederlânsk
3. Hawwe jo wolris Frysk praat mei in meiwurker fan de gemeente Opsterlân?
Ja, faak
Ja, sa no en dan
Ja, ien kear
Nee, mar ik soe dat wol wolle
Nee, en dat hoecht om my ek net
Net fan tapassing
4. Fine jo dat jo maklik Frysk brûke kinne by kontakt mei de gemeente?
Ja, altyd
Ja, meastal wol
Soms wol, soms net
Nee, meastal net
Nee, hielendal net
Net fan tapassing
5. Hoe bot fine jo dat de gemeente Opsterlân it brûken fan it Frysk stimulearje moat?
Hiele folle
Ridlik folle
Neutraal
In bytsje
Hielendal net
6. Wêr yn de gemeente soene jo it Frysk faker tsjinkomme wolle?
Gemeentlike organisaasje Iepenbiere Romte Net ien fan boppesteande
Underwiis Kultuer & Media
Soarch & Wolwêzen Bedriuwslibben & Toerisme
7. Wat soe neffens jo as earste barre moatte op it plak of yn de situaasje dêr't jo it Frysk it wichtichst fine? ….= Underwiis ….= Iepenbiere romte ….= Besjoer/Gemeentlike organisaasje ….= Gjin Frysk/Net stimulearje Fryske les De bern geef Frysk leare. De measten keare de tiidwurden om. dat it Frysk oanmoedige wurdt yn 'e basistaal Mear Frysk op skoalle. Hurde easken oan stelle Iepenbiere romte Frysk yn it ûnderwiis Frýsk akseptjerje De snelheid wêrmei't it Frysk sprutsen wurdt ferskilt fan doarp ta doarp yn Opsterlân. It wurdt rapper sprutsen op de Gordyk as yn Beetsersweachen. Miskien kin dit sichtberder makke wurde troch de kampanje "Prat mar Frysk"? It moat gewoan wêze dat jo minsken earst yn it Frysk oansprekke. It gesprek yn it Frysk begjinne. Mear Frysk yn it ûnderwiis en berne-opfang Frysk ferplichtsje op de basisskoalle Gemeente, baly Yn de iepenbiere romte frysktalige buorden Strjitnammen en plaknammen Meer frysk ien et underwiis Frysk oan de balie ien it gemeentehûs. Dat je gewoan yn it Frysk begjinne kenne sûnder dat jo eerst freegje moatte. Ûnderwiis en Gemeentelike organisaasje By de basis begjinne, soarchje foar in goeie basis fan de Fryske taal yn it basisûnderwiis. Yn it ûnderwiis, der mat de basis lein wurde. De Fryske taal still ta sink gean. Derom ophalde dermei Op skoalle, en foaral it basisûnderwiis de bern it Frysk machtig meitsje.
Frysk mot ien it basispakket sitte krekt as oare lessen. En ek op it foarset ûnderwiis MMear fryske tonielstikken, of meiwurkers bygelyks frysk sprekkend Dat de minsken yn t frysk hun ferhaal dwaan kinne T wurd better ferwurde foaral fiar de alderen. Foaral yn de soarch Ûnderwiis It ûnderwiis Underwiis Oansprekke yn it Frysk en as it echt net oars kin, dan oer nei it Hollansk In ‘t underwiis, bv foarleze fan Fryske boeken Nr 1 Troch Frysk te praten, giet de taal net ferlen. op skoalle en by oerheidsynstânsjes As earste taal it Frysk fiere yn tillefoantjes en oan de baly. Yn it ûnderwiis, der is t fan belang dat bern stimulearre wurde om de fryske taal te brûken. Derneist soe it moai eêze at t op meardere plakken ek skriftelik nei foaren komme kin. Dan wurdt elkenien der mear mei konfrontearre Plak Yn ieder gefal dat se it Frysk fersteane. Iepenbare romte Frysk moat op 1 Altyd De namme Opsterland yn Opsterlân feroarje yn de B.A.G. Iepenbiere romte en toerisme
It ûnderwiis is fierwei it wichtichste ûnderdiel foar it foartbestean fan it Frysk, benammen dat bern dy't it net fan de âlders fan hús út meikrije, it asnoch op skoalle leare praten. Lykas no bart mei it Ingelsk. De gemeente kin hjir miskien wat dreger op aktearje dan in provinsje as lannelike oerheid mar it soe goed wêze as it har ynset foar dat der standerd twatalich ûnderwiis jûn wurdt yn Opsterlân. Dus rekkenjen, skiednis en gym bygelyks yn it Frysk, en bygelyks stavering, begrypend lêzen en ierdrykskunde yn it Nederlânsk. Oangeande de iepenbiere romte fyn ik eins dat hast alle plaknammen yn it Frysk soenen moatte wêze. Bygelyks 'Tijnje' is gewoan ris betocht troch in kartograaf as Nederlânske stavering foar de Fryske namme fan it doarp mar soedest 150 jier tebek de ynwenners freegje dan hienen sy noch nea heard fan 'Tijnje'. It is in restant fan dominânsje fan it Nederlânsk yn oansjoch as taal fan de ôfrûne iuw en soe yn myn eigen om dizze histoarykse reden gjin besteanrjocht ha moatte. (Dit is miskien wat fel mar as net ien soks besykje wol dan kinne wy fuort wol ophâlde mei it taalbeliid want dan is it Frysk oer 100 jier noch mar in lyts dialekt fan it Nederlânsk. De gemeentenamme ferfryskje: Opsterlân yn plak fan Opsterland Dat eltsenien it Frysk verstiet, sadat minsken harren net ferbrekke hoeche Als ik bel met de gemeente. Mix fan Frysk sprekkers besjen.
Ûnderwiis en iepenbiere romten Langer Fryske les yn it ûnderwiis Skoulle school De iepenbiere romte Fryske les far neije inwoners Der mar meer oandacht foar it Frysk komme op skoallen Ûnderwiis Soarch By de jeugd, dus op skoale! in de winkels Dat minsken stimulearre wurde om hokker kommunikaasje ek earst yn it Frysk te besykjen. Faak begjinne minsken no yn it Nederlânsk en dan giet dat sa troch. In soarte fan Praat mar Frysk 2.0 Yn brieven en op de webside Oerterp boppe oan op de boerden by de yngong fan it doarp en by it fourtgean ut it doarp. Mar ek alle dorpen yn Opsterlan. Yn de iepenbiere romte; foar eltsenien te sjen. It moat de noarm wèze om it frysk te brûken Dat ik yn it frysk een petear hawwe kin. Olle plaknammen ient frysk en olle nije dyken ek fryske nammen jaan. Dernêst mat de gemeente de skoallen 100% steune om de bern frysk op te voeden. Measken nog meer stimuleren 'Nijs ut Opsterlan' - der soe de gemeente ek in fryske ferzje fan oanbide kinne. Dan hawwe ynwenners in kar. Yn’e iepenbiere romte / horeka/ winkels / skoallen De mooglikhied dat jo in it Frysk te wurd stean wurde. Der soe oanjûn wurde moatte troch in buordsje of sa dat der Frysk praat wurde kin / mei. Underwiis Fryske plaknammen officieel meitsje De tillefoan opnimme in it frysk De gemeente- en plaknammen offisjeel fêststelle.
Ûnderwiis Frysk prate Sichtber meitsje dat Frysk de fiertaal is geen Fries aub Ik spreek Fries maar we wonen in Nederland. Dat is voor mij de eerste spreektaal en als tweede Fries. Gemeente en provinciale borden tweetalig Vragen of ik wel Fries wil spreken Nederlands als voertaal aanhouden in alle uitingen en elke situatie School Je moet mensen de kans geven om de friese taal in de gemeente kunnen volgen Plaats- en straatnaamborden, verder graag tweetalige communicatie want ik ben geen geboren Fries Thuis
Stoppen met fries Fries in het onderwijs is m.i. erg belangrijk Betere Friese les op de basisschool (daar heb ik vroeger niks van geleerd) Stoppen met het opdringen van Fries Je moet Fries niet sturen, maar laten gebeuren. Het is een spreektaal en niet echt een schrijftaal. Dat medewerkers Fries spreken. nergens ik vind het onzin Ik zou het mooi vinden om het fries meer op straat te zien. Dus bijv straatnaambordjes Niet van toepassing, ik vind het belangrijker dat de nederlandse taal overal te gebruiken blijft Ik vind fries niet nodig voor communicatie we leven in Nederland en spreken nederlands en het is fijn als er fries gesproken kan worden door inwoners van opsterland die daar behoefte aan hebben Ik heb geen specifieke situatie. Ik heb zelf fries gemist, op zowel het basisonderwijs, als het middelbare onderwijs. Ik vind dat wel belangrijk Geen idee. Ik ben een Limburger. Verkeersborden zoveel mogelijk in het Fries Binnen het publieke domein zou het niet verplicht mogen zijn om Fries te verstaan. Dit is een directe vorm van uitsluiting op basis van discriminatie. school Ik vind het Fries niet zo belangrijk nederlandse tekst bordjes vervangen of aanvullen met friese tekst overal bv in supermarkt enz Voer Fries bij gelegenheden die uitsluitend voor Friezen zijn bedoeld Als niet geboren Fries, vind ik dat de gemeente hier ook aandacht voor moet hebben.
Natuurlijk mag de Fries trots zijn op zijn eigen taal. Maar stimuleer dan voor de niet Fries dat zij de taal ook eigen gaan/kunnen maken. Bovenstaande vraag vind ik al te kort door de bocht of teveel op een hoop. Ik vind het plezierig dat ik Fries kan spreken maar overige communicatie vind ik in het Nederlands fijner. Het hangt ook af van de doelgroep. Ik kan me voorstellen dat het voor ouderen belangrijker is, vooral het spreken, dan jongeren Luisteren naar de reactie. Als ik in Nederlands antwoord geef reageer dan ajb ook in het Nederlands terug voor mij is fries niet het belangrijkst, heb lang buiten de provincie doorgebracht maar spreek het wel. De gemeente start het gesprek in het Nederlands. Gewoon Nederlands praten niet iedereen is Fries Als de mensen Fries tegen u praat kan u Fries terug praten Nvt. mensen kunnen onderling die Friese taal spreken, maar die taal niet opdringen aan de overheid en de rest van Nederland In de winkels nergens Friese taal op school
8. Stellingen oer Besjoer: De gemeente moat har meiwurkers aktyf stimulearje om Frysk te brûken yn kontakt mei ynwenners.
De gemeente moat standert twatalige kommunikaasje brûke yn brieven, op de webside en oan de baalje. 0% 10% 20% 30% 40% 50% 60% 70% 80% 90%100% Bot mei iens
Iens
Neutraal
Uniens
Bot mei ûniens
9. Stellingen oer Underwiis: De gemeente moat inisjativen oanmoedigje dy't de Fryske taal en kultuer op skoalle befoarderje.
De gemeente moat skoallen oanmoedigje om mear Frysk te brûken. 0% 10% 20% 30% 40% 50% 60% 70% 80% 90%100% Bot mei iens
Iens
Neutraal
Uniens
Bot mei ûniens
10. Stellingen oer Soarch & Wolwêzen: De gemeente moet zorgverleners ondersteunen bij het gebruik van het Fries, bijvoorbeeld met trainingen of hulpmiddelen.
De gemeente moat soarchoanbieders oanmoedigje om (mear) Frysk te brûken. 0% 10% 20% 30% 40% 50% 60% 70% 80% 90%100% Bot mei iens
Iens
Neutraal
Uniens
Bot mei ûniens
11. Stellingen oer Iepenbiere Romte: De gemeente moat mear Frysk sichtber meitsje op iepenbiere gebouwen en plakken.
De gemeente moat mear Fryske strjitnambuorden en bewegwizering pleatse. 0% 10% 20% 30% 40% 50% 60% 70% 80% 90%100% Bot mei iens
Iens
Neutraal
Uniens
Bot mei ûniens
12. Stellingen oer Kultuer & Media: De gemeente moat kulturele eveneminten dêr't it Frysk yn brûkt wurdt stypje.
De gemeente moat lokale media oanmoedigje om mear Frysk te brûken. 0% 10% 20% 30% 40% 50% 60% 70% 80% 90% 100% Bot mei iens
Iens
Neutraal
Uniens
Bot mei ûniens
13. Stellingen oer Bedriuwslibben & Toerisme: De gemeente moat ûndernimmers oanmoedigje om (mear) Frysk te brûken.
De gemeente moat toeristyske ynformaasje en beweiwizering ek yn it Frysk beskikber stelle. 0% 10% 20% 30% 40% 50% 60% 70% 80% 90%100% Bot mei iens
Iens
Neutraal
Uniens
Bot mei ûniens
14. Hawwe jo noch ideeën oer hoe't de gemeente it brûken fan it Frysk fierder stimulearje kin? geen fries aub Nee. Ik wil niet dat de gemeente hier tijd en geld in steekt Op manieren waarmee amper kosten gemoeid gaan, want het gewenste effect van veel maatregelen, denk aan plaatsnaamborden, is minimaal en zonde van het geld. 2 talige sociale media posts Wel het Fries aanleren op school, maar de niet-Friezen niet gedwongen het Fries in de communicatie aanbieden. Moeilijk te zeggen ben zelf geen Fries,onze kinderen zijn tweetalig Nederlands en Fries. Niet doen. We leven in Nederland. Zorg eerst maar eens dat het Nederlands beter beheerst wordt. Ik vind Fries een prachtige taal, maar vindt wel dat mensen buiten Friesland zich ook welkom moeten voelen. Bijv een bord we wurkje an de dyk, mijn moeder snapte t niet en zei er is hier toch geen dijk? Dit vind ik gevaarlijk omdat niet iedereen t bord begrijpt. Maar op scholen cultuur prima! Ik vind het belangrijk dat het Fries niet wordt gepresenteerd of wordt opgedrongen maar dat het op een uitnodigende manier binnen onze provincie wordt gepresenteerd. Touristen moeten niet verdwalen maar mogen op een leuke wijze ‘ontvangen’ worden met het gevoel dat ze in een ‘stukje buitenland’ van Nederland zijn. nee want ik praat heel soms fries Friese taallessen aanbieden aan nieuwe inwoners Niet stimuleren. Laat dit over aan de provincie.
Gemeente heeft wel andere zaken te doen. Beseft de gemeente wel dat door het fries nog meer 'stimuleren', zelfs bij winkels (hoezo klantvriendelijk) en zorgverleners, niet-friezen nog meer worden uitgesloten. Het gebeurt mij steeds vaker dat friezen fries blijven
praten, zelfs als ik kenbaar maak dat ik geen fries kan. Ze zeggen dan dat fries ook een taal is dus de ander moet zich maar aanpassen. Hartstikke leuk voor als je hier bent opgegroeid, maar uiterst asociaal voor een ieder die hier later is komen wonen, wil winkelen of naar het ziekenhuis moet. Je wordt zo het Frankrijk van Nederland, een mooie plek om te zijn maar jammer van de mentaliteit van de bewoners. Prima dat je mensen de kans wil geven om ook in het fries te kunnen communiceren, sla daar nou niet in door. En als je een enquete maakt, maak het dan niet sturend. Dus niet, 'hoe kan de gemeente het fries nog meer stimuleren', maar 'moet de gemeente het fries nog meer stimuleren'... Nederlands als hoofdtaal. Fries alleen als de ander het ook spreekt. Het is asociaal om te beginnen in het Fries als iemand anders het niet spreekt Fijn dat jullie er naar kijken! Altijd nederlands en fries In een samenleving die steeds meer gemengd is, wordt het gebruik van streektalen steeds meer een obstakel om elkaar goed te kunnen begrijpen. Het werkt de vorming van eilandjes binnen een samenleving in de hand. En dat is in de huidige gepolariseerde samenleving absoluut niet wenselijk. Om samen te kunnen werken aan een inclusieve samenleving is het belangrijk dat iedereen elkaar begrijpt en verstaat.
Wees er bewust van dat niet iedereen het fries machtig is en hou ook daar rekening mee en schakel over naar nederlands Dit dient niet gestimuleerd maar op basis van rechtsgelijkheid in informatievoorziening juist beteugeld. Normaal doen zo dat iedereen begrijpt waar je het over hebt Ik vindt het gebruik van Fries prima voor wie dit wil. Zwaar opleggen en met plaatsnaamborden stelt internationale bedrijven achterop. Iedereen moet in het Nederlands vindbaar blijven. Fries moet echter niet verloren gaan. Nee. Ik vind dat de gemeente het Fries niet hoeft te stimuleren. Ik vind de vraagstelling sturend richting het Fries en bij bijvoorbeeld het onderwijs vind ik dat de gemeente zich daar niet mee moet bemoeien. Niet doen vraag mij af of verder stimuleren door de gemeente zinvol is, laat het vrijblijvend zijn. Stop met stimuleren van de Friese taal Fries is voor mij vooral een cultuur ding. En cultuur mag gestimuleerd worden. In het dagelijks leven ben ik van mening dat Nederlands toegankelijker is voor de diversiteit van onze inwoners. Organiseer bijeenkomsten en evenementen voor de liefhebbers maar dring aan de rest van de bewoners de Friese taal niet op. Gewoon doorgaan zoals nu gebeurt, is prima zo.
zorgen dat de mensen eerst in het Nederlands worden aangesproken, niet iedereen is Fries Stritnammen, plaatsnamen int frysk, skwallen stimuleren om fyrske les te jaan omdot de fryske taal onder de jongere bearn hiel bot verdwient en dot is echt skonde va use moaie taal Taaltraining voor medewerkers, samenwerking met Afûk voor taalprogramma’s, subsidies voor theater, muziek in het Fries, tik tok challenges in het Fries Continue blijven stimuleren By oare gemeenten sjen. afûk benaderje Wat is dit in geweldige enkête. knap dien! De gemeente ambtenaren moesten de inwoners eerst in het Fries aanspreken. Fryske minsken oan nimme,in it gemeente hûs en net lju fân bûten Útfine of de 'Praat mar Frysk' kampanje trochsetten wurd? mMiskien yn de doarpen/ doarpshûzen kursussen Frysk oanbiede foar minsken dy't de taal net machtich binne en graach leare wolle. En foar minsken dy't graach Frysk skriuwen leare wolle. Dit ek oan de eigen amtners oanbiede. Mei de keunst- en kultuercoach sjen nei it oanbod oangeande Fryske keunst en kulteur foar de basisskoallen. Wat is der en wat kin oars. Frysk as 1e taal Hollansk as 2e. Us nije boargemaster kin wol Frysk, mar ik hear it net sa faak. Dus dat mei wol wat mear! Foarop rinne yn it gebrûk fan Frysk Mear oandacht foar Frysk op skoallen, d’r wurd te min dien oan Frysk yn t ûnderwies.
Gewoan net dwaan Lesmateriaal oanbiede op skoallen Troch ut Frysk mear sichtber te meitsjen yn ut dagelijks libben, wurdt us kultuer better fielt. It motto "sa grutsk as in Fries" moat de gemeente ek utdrage. In goed foarbyld docht folgjen. De jongerein sit in protte op sociale media Lukas Instagram en TikTok. Om hun te bedrukken, bin ik foarstanner fan dot de gemeente disse fideo's yn
ut Frysk op nimt, of oars mei Fryske ûndertiteling. It praten fan de taal moat stimulearre wurde. Sa wurdt de jeugd ek stimulearre om grutske te wêzen op alles wat de Fryske kultuer te bieden hat. Mei nammen belied op lange termijn meitsje hjiroer. Sekers ynsette by bern en alderein. It is in wichtiche taal en ús erfguod en moate der grutsk op wêze Flavour communicatie (oerterp) inhiere foar echt goeie ideeën rjochtsje op 'e jeugd, lear harren de Friese taal en tradysje op skoalle, dat is de basis. At it mar stimuleart wurdt, dat is al hiel wichtig. Frysk sichtber meitsje yn de praktyk om eltensien hinne. Ik soe graach in fergese les Frysk sjen wolle foar Nederlanners dy’t hjirhinne ferhúzje. It soe skande wêze as de Frieske taal ferdwine soe. Meitsje it leuk, mei in spulformaat dêr’t sawol Friese as Nederlânske taken jûn wurde. Of bied bygelyks Friese kookworkshops oan dêr’t de Nederlanners de resepten yn it Frysk meitsje kinne. Presentearje it mei humor en ferbinding. Meitsje it net allinnich wat foar de Nederlanners, maar ek foar de Friezen; leer fan elkoar. Nee fjirder net Ik bin bliid dat in meiwurker fan de gemeente my yn t Frysk te wurd stean kin en mei. As in meiwurker gjin frys kin skeakelje ik oer yn Nederlâns. Fyn ik net in probleem. Dus wêr't kin moai. Mar gjin needsaak.
Organisearje fergees skriuw kursussen yn De Skâns of de Wier Wyte buordjes ûnder as boppe de komboerden mei 'Wolkom yn'. Lyts detail mar it set de toan oer wat de measte minsken harren memmetaal is yn dat plak. Via sociaal media, breng het bij de nieuwe generatie onder de aandacht op een prikkelende manier Minsken mei in publieke functie en ek frysk prate, yn it frysk communicere litte. As je it net verstean kin min altied op it hollansk oer gean. yn alle gefallen soene minsken fan it gemeentehûs besykje moatte Frysk aktyf te brûken. Der binne no in hiel soad wurknimmers dy 't dat net dogge. Lit jim meiwurkers in kursus Frysk dwaan by de Afuk Konsekwint weze yn it oan gean fan in petear, en allinne yn it Nederlansk as it nedig is mar begjin yn it "geef" frysk Neffens my docht us gemeente it goed op ut mêd fan it frysk; bêst genôch De foarkar foar frysk sprekkende wurknimmers Dat de meiwurkers frysk prate , dat jouwt fertrouwen oan de minsken. Troch ik ien ûs gemeente net oantrekkelijk te meitsjen far hollanders. De campagne; Praat mar Frysk of dergelijke Wes in fryske gemeente, mei respekt foar it hollansk Aktyf it frysk brûke yn kontakten mei de mienskip Is in e fragen al tot uting kaam fryske plaknammen de officiële plaknamme meitsje Ferieningen stimulearje it Frysk eknskriftlik te brûken. We binne in Fryske plattelâns gemeente.
Dat moatte we útsrale een sjen litte Verplichten op basisscholen.