CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage 2 Fersyk om ûntheffing wenplak-eask

Raadsvergadering 23 juni 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Benoeming en beëdiging nieuwe wethouders 2026214 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Betreft: fersyk om ûntheffing wenplak-eask Achte Rie, Koartlyn bin ik troch de FNP frege om my kandidaat te stellen as wethâlder foar de gemeente Opsterlân. Dat fielt foar my as in grutte eare. Ik haw der ek in oprjocht gefoel by dat ik graach myn ûnderfining en ynset brûke wol foar jimme gemeente, en dêr de kommende 4 jier mei oertsjûging en nocht oan wurkje te kinnen. Tagelyk spilet der by ús thús wat dat foar my swier waacht yn dizze ôfwaging. Us jongste dochter giet oankommende simmer foar it earst nei it fuortset ûnderwiis. Foar har brekt dêrmei in nije en spannende perioade oan, en wy fine it wichtich dat sy dat dwaan kin yn har eigen, fertroude omgong en omjouwing. Wy wolle har dy fêstichheid graach biede. Dêrom fielt it foar ús net goed om yn dizze faze nei Opsterlân ta te ferhúzjen. Om dochs de stap nimme te kinnen om my yn te setten foar jimme gemeente, freegje ik jo dêrom om my ûntheffing te jaan fan de wenplak-eask (ynsittende-eask). Sa kin ik, mocht it safier komme, mysels folslein jaan yn dizze funksje, sûnder dat it tefolle druk jout op ús húshâlding. Ik hoopje fan herte dat jo dêr begryp foar hawwe. Mei freonlike groetnis, Bert Koonstra Sweagerbosk

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/77bffc74-891c-47a1-bf03-9affb490956b?agendaItemId=6c5b2212-8c3a-43f1-b388-275783ff577c