Bijlage 1a Startnotysje Frysk taalbelied (FR)
Tekst van het document
STARTNOTYSJE Datum
: 3 novimber 2025
Oan
: Gemeenteried
Fan
: Kolleezje fan B&W
Underwerp
: Frysk taalbelied
Oanlieding check Yn gemeente Opsterlân spilet de Fryske taal in wichtige rol. Foar in soad ynwenners is it Frysk de ‘memmetaal’: de taal dy’t it tichtst by stiet en dêr’t men jin it maklikst yn útdrukt. It aktiver ynsetten fan it Frysk binnen de gemeente biedt dêrom kânsen. It hjoeddeistige Frysk Taalbelied Romte foar taal (2021-2025) rint ein dit jier ôf. Dit is in goed momint om it belied no op ’e nij te besjen. Ut it koälysje-akkoart ‘Mei-inoar foarút 2022-2026’ leit in bestjoerlike opdracht om it Frysk taalbelied mei faasje út te fieren. Hjiryn is de winsk útsprutsen om as gemeente foarop te rinnen en it Frysk mear te brûken. Mar ek om it Frysk yn Opsterlân sichtberder te meitsjen.
Eftergrûn Taalsituaasje gemeente Opsterlân Hast alle ynwenners fan de provinsje Fryslân kinne de Fryske taal frij aardich oant hiel goed ferstean (93,1%). Mar in lyts part (6,9%) fan de Friezen jout oan de Fryske taal mei muoite of hielendal net ferstean te kinnen (De Fryske Taalatlas, 2020). Yn Opsterlân leit it persintaazje fan ynwenners dy’t de taal ferstean kinne heger. 93,6% fan de ynwenners jout oan de taal goed oant hiel goed ferstean te kinnen (Dashboard Fryske taal, 2021). Wat it praten fan de taal oanbelanget, jout hast trijekwart fan de Friezen oan de taal frij aardich oant hiel goed prate te kinnen (De Fryske Taalatlas, 2020). Ek ditkear leit it persintaazje yn Opsterlân heger. 77,2% fan de ynwenners jout oan de Fryske taal goed oant hiel goed prate te kinnen. Mear as de helte (57,3%) fan de Fryske befolking hat Frysk as (mei) memmetaal (De Fryske Taalatlas, 2020). Yn de gemeente Opsterlân hat 71,5% fan de ynwenners de Fryske taal as memmetaal (Dashboard Fryske taal, 2021). Organisaasjes yn Opsterlân dy it Frysk stimulearje Skoallen en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân binne wetlik ferplichte om de Fryske taal te stimulearjen. Sa is it Frysk ferankere yn ferskillende ûnderwiiswetten (Provinsje Fryslân, s.d.). Dêrneist hawwe gemeenten in ferantwurdlikheid oangeande berne-opfang.
Yn de Wet Kinderopvang (2024) stiet dat bernedeiferbliuwen en pjutte-opfang de karfrijheid hawwe om it Frysk as fiertaal te brûken of in twatalich belied te fieren. Gemeenten wurdt troch de provinsje frege yn harren feroarderingen en subsydzjebetingsten op te nimmen dat oanbieders struktureel omtinken foar it Frysk hawwe yn harren deiprogramma (Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer [BFTK], 2024). Mei yngong fan de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (2024 -2028) (hjirnei: BFTK) sil de provinsje alle ynstellings dy’t hja finansjeel stipet, yn it bysûnder kulturele ynstellings, stimulearje om twatalich belied te ûntwikkeljen en út te fieren. Der wurde ek nije ôfspraken makke mei de biblioteken om in grutter tal Fryske titels yn de kolleksje op te nimmen. Wetlike ramten
Yn ferskate (ynternasjonale) ferdragen en wet- en regeljouwing is de posysje fan de Friezen en it Frysk as offisjele taal erkend. Hjirûnder steane de wichtichste: • Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden: Mei it Hânfêst hat Nederlân him ferplichte om it Frysk as twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn stân te hâlden. It Frysk hat it heechste nivo fan erkenning. • Wet gebrûk Fryske taal: Mei de ynfiering fan dizze wet binne de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlike ferkear fersterke. De wet bepaalt dat it Frysk en it Nederlânsk de offisjele talen fan de provinsje Fryslân binne. • Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer: Yn de BFTK lizze Ryk en Provinsje Fryslân fêst hoe’t sy wurkje oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Yn de BFTK steane ek ôfspraken oangeande it Frysk yn gemeenten. Sa is ôfpraat dat gemeenten aktyf belied fiere om it Frysk te fersterkjen en stipe wurde om it Frysk te yntegrearjen yn û.o. kommunikaasje, ûnderwiis, kultuer en it sosjaal domein.
• Frysk yn de besteande ûnderwiiswetten: It Frysk is ferankere yn de folgjende ûnderwiiswetten: Wet op het Primair Onderwijs (hjirnei: WPO), Wet op het Voortgezet Onderwijs, Wet op de Expertise Centra, Wet op het Onderwijs Toezicht, Besluit vernieuwde kerndoelen WPO en Besluit kerndoelen onderbouw Voortgezet Onderwijs. • Romte foar taal: taalbelied Frysk: It hjoeddeistige taalbelied ‘Romte foar taal 2021-2025’ giet oer hoe’t it Frysk, njonken it Nederlânsk, in (noch) better en natuerliker plak ynnimme kin yn de gemeentlike organisaasje fan Opsterlân. • Taalferoardering gemeente Opsterlân: Neist it Frysk taalbelied moatte gemeenten de regels en ôfspraken út it belied fêststelle troch de wei fan in feroardering.
Fraachstelling Wêrom komt der nij taalbelied? It Frysk taalbelied fan gemeente Opsterlân rint dit jier ôf. Neffens de Wet gebrûk Fryske taal (2014) binne gemeenten yn Fryslân wetlik ferplichte om belied op te stellen foar it brûken fan de Fryske taal. It Frysk is stevich ferankere yn de identiteit en kultuer fan Opsterlân. Tagelyk is der sprake fan in bredere maatskiplike útdaging: it behâld en it stimulearjen fan de Frysk taal. Meartaligens wurdt dan ek hieltyd mear sjoen as in ferriking, dêr’t talen goed by neistinoar bestean kinne. Dêrom wol de gemeente aktiver ynsette op it gebrûk fan de Fryske taal. It giet hjir om sawol sprek- as skriuwtaal. Wêrom wurdt der minder Frysk sprutsen? Dat de Fryske taal yntern minder praat wurdt, kin ferskate oarsaken hawwe. Troch de krapte op de arbeidsmerk is it lestich om genôch personiel te finen. Om’t kollega's net altyd út Fryslân komme, prate of ferstean se de Fryske taal net. Dêrneist stiet de Fryske taal ek yn de mienskip ûnder druk. Dit hat meardere (mooglike) oarsaken. Tink bygelyks oan de migraasje fan Frysktaligen fan it plattelân nei de net-Frysksprekkende stêden en de ymmigraasje fan Nederlânsktaligen fan bûten de provinsje nei it Fryske plattelân.
Dêrtroch is it persintaazje ynwenners fan Fryslân dat it Frysk as hûstaal hantearre tusken de jierren 1950 en begjin jierren 1980 fan 71% ôfnommen nei 59% (Fase, Jaspaert & Kroon, 2013). Troch de wenningkrisis yn ús lân sjogge wy hieltyd mear Rânestêdbewenners nei it plattelân ferhúzjen (Rabobank, 2022). Lykas dat barde tusken de jierren 1950 en begjin jierren 1980, is it ek no wer oannimlik dat it brûken fan de Fryske taal dêrtroch ôfnimt. In oare mooglike oarsaak is it ôfnimmen fan generaasje-oerdracht. Ut ûndersyk fan taalwittenskipper Geert Driessen (2016) die bliken dat it persintaazje Frysksprekkers stadichoan ôfnaam tusken 1994 en 2014, yn it foardiel fan it Nederlânsk. Yn dy perioade rûn it oandiel Fryskpratende bern binnen it gesin werom fan 48% nei 32%. Undersyk fan Raoul Buurke (2025) toant oan dat likernôch 70% fan Fryskpratende âlden it Frysk trochjout. Dêrneist kin ek it (soms) beheinde oanbod fan it Frysk yn de (foar)skoalske perioade in oarsaak wêze. As bern thús net folle of gjin Frysk meikrije, wurdt de rol fan berne-opfang en ûnderwiis noch krúsjaler.
Betide bleatstelling oan it Frysk, sawol thús as yn de berne-opfang en op skoalle, leit in stevige basis foar meartalige bern en fersterket de posysje fan it Frysk yn de mienskip (DINGtiid, 2023). Ut ferskate advizen docht bliken dat betide en strukturele oandacht foar it Frysk essinsjeel is om taalferlies tsjin te gean en in basis te lizzen foar meartaligens. Belutsen partijen It stimulearjen fan de Fryske taal wurdt troch ferskate partijen dield. Alderearst binne ús ynwenners direkte belanghawwers. In grut part sprekt de taal en brûkt dy yn it deistich libben. Mar tink ek oan ûnderwiisynstellings, maatskiplike en kulturele ynstellings en lokale ûndernimmers as belanghawwers. Dêrneist is Provinsje Fryslân in wichtige partij. De Provinsje spilet in wichtige rol yn it behâlden en befoarderjen fan de Fryske taal. De Provinsje fiert de Wet gebrûk Fryske taal en de BFTK út, en koördinearret, ferbynt en ynspirearret de belutsen organisaasjes. Ek de Afûk set him aktyf yn foar it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer en biedt stipe oan gemeenten op it mêd fan taalpromoasje, skoalling en kommunikaasje. Dêrneist biede sy ek kursussen oan. Aktyf ynsetten fan it Frysk as in kâns Hoewol't in soad ynwenners fan gemeente Opsterlân Frysk prate, bart dat binnen ús amtlike organisaasje noch mar in bytsje.
Dêrtroch slute wy yn ús kommunikaasje en tsjinstferliening net altyd goed oan by de taalbelibbing fan ús ynwenners. Troch better oan te sluten by de taalfoarkar fan ús ynwenners, fersterkje wy de tagonklikheid fan de oerheid en it betrouwen tusken ynwenner en gemeente. It aktiver ynsetten fan it Frysk as gemeentlike taal biedt dúdlike kânsen. Taal is net allinnich in kommunikaasjemiddel, mar ek in brêge nei bettere tsjinstferliening. Wa’t de taal fan de ynwenner sprekt, slút makliker oan by harren ferlet en leefomjouwing. Dat fersterket de ûnderlinge bân en draacht by oan in ynklusive en werkenbere oerheid. It opstellen fan nij Frysk taalbelied is dêrom in wichtige stap om dizze positive ûntwikkeling te stypjen. Dêrneist kin de gemeente foar de perioade fan 2020 - 2028 in subsydzje oanfreegje foar it ynhieren fan in meartaligenskoördinator. Dat biedt mooglikheden om it Fryske taalbelied mei mear faasje út te fieren. De meartaligenskoördinator fungearret as eksterne ferbiner, ynterne ambassadeur & ferbiner en as stiper fan belied.
Doelstellings It Frysk taalbelied draacht by oan de folgjende doelstelling: • It kreëarjen fan rânebetingsten foar it stimulearjen fan de Fryske taal.
Resultaten • •
Startnotysje Beliedsnotysje Frysk Taalbelied 2026.
Snijflakken mei oare ûnderwerpen It nije Fryske taalbelied is in werikering fan it besteande belied. It rekket meardere beliedsfjilden dêr't de kommende tiid mei gearwurke wurdt. Beliedsterrein Kultuer Tsjinstferliening Underwiis Kommunikaasje
Taljochting De Fryske taal is nau ferbûn mei de Fryske kultuer. Dêrom krijt de taal in plak binnen it kultuerbelied. It is belangryk dat ynwenners de gemeente ek yn it Frysk benaderje kinne. Team Tsjinstferliening hâldt hjir rekken mei. De posysje fan it Frysk is fêstlein yn ferskate ûnderwiiswetten en wurdt boarge binnen it ûnderwiisbelied. Team Kommunikaasje is ferantwurdlik foar de ynterne en eksterne kommunikaasje, dy’t ek (foar in part) yn it Frysk dien wurde kin.
Iepenbiere Romte HR Soarch & Gebiedsteam
De sichtberens fan it Frysk komt ta utering yn de iepenbiere romte, bygelyks fia twatalige ferkearsbuorden. By de oanwerving fan nije meiwurkers kin omtinken jûn wurde oan behearsking fan of affiniteit mei de Fryske taal. Mar ek it oanbieden fan taalkursussen Frysk oan meiwurkers. Yn de soarch en fia gebietsteams is it winsklik dat ynwenners ek yn it Frysk holpen wurde kinne.
Ofbeakening It inisjatyf rjochtet him op it skriuwen fan nij Frysk taalbelied. It útfieringsplan wurdt letter skreaun. De beliedsadviseur Frysk is ferantwurdlik foar it opstellen fan nij Frysk taalbelied. De beliedsadviseur Kultuer is ferantwurdlik foar de ymplemintaasje dêrfan. Nei ferwachting sil yn 2026 in meartaligenskoördinator oansteld wurde om de útfiering fan it belied fierder te koördinearjen. De startnotysje slút oan by de ynhâldlike ramten fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) en folget de domeinyndieling fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. Dat rjochtet him op de folgjende fiif domeinen: bestjoer, ûnderwiis, soarch & wolwêzen, kultuer & media, en bedriuwslibben & toerisme. Binnen dizze struktuer wurde de ynhâldlike prioriteiten fierder bepaald op grûn fan ynput út ynwennerspartisipaasje.
Middels Foar it formulearjen fan it taalbelied Frysk wurdt in berop dien op meiûntwikkelders. Dy meiûntwikkelders partisipearje yn 1 op 1 petearen mei de beliedsadviseur Frysk en toane eigenerskip as it giet om Frysk taalbelied.
Finânsjes Foar de ûntwikkeling fan it beliedsstik wurdt personiele ynset frege. Op dit stuit is der struktureel €15.000,- beskikber yn de begrutting foar de útfiering fan it Frysk taalbelied. Foar it opsetten fan in ynwennerspartisipaasjetrajekt wurdt gebrûk makke fan dit besteande budzjet.
Mjitte fan partisipaasje Foar it opstellen fan effektyf Frysk taalbelied, wurde petearen fierd mei ferskate eksterne partners. Alderearst mei Provinsje Fryslân en Afûk. Dizze twa organisaasjes advisearje oer de Fryske taal en hoe’t wy dit it bêste meinimme kinne yn belied. Dêrneist wurde ek ynwenners belutsen. Troch partisipaasje te organisearjen wol de gemeente derfoar soargje dat it belied goed oanslút by wat der libbet yn de mienskip. Fia in enkête kinne ynwenners harren ûnderfiningen, mieningen en ideeën diele oer it gebrûk fan de Fryske taal yn de gemeente. Dizze ynput wurdt brûkt om prioritearring yn it belied oan te bringen. De úteinlike beliedskarren wurde troch de gemeenteried makke.
Globale oanpak en tiidpad Datum 16 septimber ’25 23 septimber ’25 6 oktober ’25 3 novimber ’25 5-28 novimber ’25 6 jannewaris ’26 13 jannewaris ’26 19 jannewaris ’26 2 febrewaris ’26
Activiteit Startnotysje yn B&W-gearkomste Startnotysje yn agindakommisje Startnotysje yn oriïntearjende riedsgearkomste Startnotysje yn riedsgearkomste Partisipaasjeproses ynwenners Beliedsnotysje yn B&W-gearkomste (1e besprekking) Beliedsnotysje yn B&W-gearkomste (2e besprekking) Beliedsnotysje yn agindakommisje Beliedsnotysje yn oriïntearjende riedsgearkomste
16 febrewaris ’26
Beliedsnotysje yn riedsgearkomste
Mandaten • •
It kolleezje fan B&W leit de stikken oan de ried foar. De gemeenteried stelt it nij Frysk taalbelied fêst.
Opdrachtjouwer-opdrachtnimmerôfspraken Bestjoerlik opdrachtjouwer: wethâlder Durk Durksz Amtlik opdrachtjouwer: Teammanager Untwikkeling Sosjaal Domein Amtlik opdrachtnimmer: Beliedsadviseur Frysk Sparringpartners: Beliedsadviseur Kultuer en Strateech Sosjaal Domein
Monitoaring en evaluaasje It Frysk taalbelied wurdt yn de perioade 2022 -2030 aktyf monitoard. De beliedsadviseur Kultuer en de meartaligenskoördinator binne ferantwurdlik foar de monitoaring hjirfan. Foar de algemiene doelstelling binne dêrby hearrende kearnyndikatoaren en passende mjitynstruminten fêststeld om te monitoarjen. Doel It kreëarjen fan rânebetingsten foar it stimulearjen fan de Fryske taal, sadat de Fryske taal sichtberder wurdt yn de iepenbiere romte.
Kearnyndikator Tal organisaasjes (ekstern) en ôfdielingen (yntern) mei fêstleine Fryske taal (belieds)maatregels. Mjitte wêryn't ynwenners de ynset fan it Frysk troch de gemeente werkenne en wurdearje.
Mjitynstrumint - Yntern wurdt byhâlden wat der mei it Frysk dien wurdt; - Evaluaasjepetearen mei útfieringsorganisaajes; - Dashboard Fryske taal; - Panel ‘Stim fan Opsterlân’.
Risiko’s Risiko 1. Der is beheinde tiid beskikber. De beliedsnota moat foar de gemeenteriedsferkiezings yn maart troch de ried fêststeld wurde. 2. It Frysk taalbelied is in yntegraal tema dat freget om stipe binnen de organisaasje. Op dit stuit is it noch ûndúdlik oft der foldwaande draachflak is om it belied effektyf út te fieren.
Behearsmaatregel 1. Der wurdt wurke mei in planning dêr't alle wichtige mylpeallen yn opnaam binne. Dizze planning wurdt aktyf monitoard. 2. Der wurde petearen fierd mei kollega's fan ferskillende ôfdielingen. Dizze petearen ferkenne hoe't it Frysk binnen dat wurkfjild ynbêde wurde kin.
Boarnen Afûk (z.d.). Gemeenten en Frysk » Sosjaal domein. https://gemeentenenfrysk.nl/themas/sosjaal-domein/ Besluit kerndoelen onderbouw. (2012). https://wetten.overheid.nl/BWBR0019945/2012-12-01 Besluit vernieuwde kerndoelen WPO. (2012). https://wetten.overheid.nl/BWBR0018844/2012-12-01 Buurke, R. (2025). Frisian and Low Saxon in flux. Friese taal wordt beter doorgegeven dan het Nedersaksisch | Nieuws | Rijksuniversiteit Groningen Driessen, G, (2016). Friese taal met uitsterven bedreigd? Friese taal met uitsterven bedreigd? DINGtiid. (2023). Advies: “Versterk het Fries in het voorschools onderwijs”. Advies: "Versterk het Fries in het voorschools onderwijs” - Dingtiid
Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden. (1998). wetten.nl - Regeling - Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden - BWBV0001223 Fase, Jaspaert & Kroon. (2013). The State of Minority Languages . International Perspectives on Survival and Decline. The State of Minority Languages - Google Boeken Gemeente Opsterland. (2021). Ruimte voor taal: Taalbeleid Fries Gemeente Opsterland. https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/View/81aadb30-4fe5-4d4b-bc71-918aa44e026c Gemeente Opsterland. (2017). Verordening Fries in het bestuurlijk verkeer Opsterland. Lokale Wet- En Regelgeving. https://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR482324/1 Provincie Fryslân. (2024). Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer. https://cuatro.simcdn.nl/fryslan/uploads/1379_bftk_met_omslag.pdf?cb=fxHEhc-2 Provincie Fryslân. (2025). Bescherming van de Friese taal. https://www.fryslan.frl/bescherming-van-de-friese-taal Provincie Fryslân. (2021). Dashboard Friese Taal. https://staat-vanfryslan.hub.arcgis.com/pages/1a7f31ce531548778f06a97e12b0be0e Provincie Fryslân. (2020). De Fryske Taalatlas 2020. https://www.fryslan.frl/_flysystem/media/Fryske%20Taalatlas%202020%20%28Nederlands%29.pdf Rabobank. (2022). Waarom lukt het maar niet om genoeg huizen te bouwen? RaboResearch.
Waarom lukt het maar niet om genoeg huizen te bouwen? - Rabo &Co - Rabo &Co Wet op de expertisecentra. (2017). Overheid.nl. https://wetten.overheid.nl/BWBR0003549/2017-02-24 Wet op het primair onderwijs. (2017). Overheid.nl. https://wetten.overheid.nl/BWBR0003420/2017-01-01 Wet op het voortgezet onderwijs. (2017). Overheid.nl. https://wetten.overheid.nl/BWBR0002399/2017-01-01 Wet gebruik Friese taal. (2014). Overheid.nl https://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/2014-01-01 Wet kinderopvang. (2024). Overheid.nl https://wetten.overheid.nl/BWBR0017017/2024-12-11 Wet op het onderwijstoezicht. (2016). Overheid.nl https://wetten.overheid.nl/BWBR0013800/2016-08-01