Bijlage 1 Taalbeliedsplan Mei-inoar Frysk (nieuw)
Tekst van het document
Mei-inoar Frysk: Frysk foar elkenien
Inhoud Gearfetting 3 Samenvatting 4 1. Ynlieding 6 2. Wêr stean wy no? 7 3. Wetlike kaders 10 4. Wêr wolle wy hinne? 12 5. Wat dogge wy dêrfoar? 13 5.1 Underwiis 13 5.2 Bestjoer 14 5.3 Kultuer & Media 15 5.4 Soarch & Wolwêzen 16 5.5 Bedriuwslibben & Toerisme 17 6. Hoe boargje wy de oanpak? 19 7. Monitoaring en evaluaasje 20 8. Finânsjes 21
Gearfetting Foar in soad ynwenners fan de gemeente Opsterlân is it Frysk har memmetaal: de taal dy’t it meast fertroud fielt en dêr’t sy har it maklikst yn útdrukke. Dochs makket it Frysk yn it deistich libben en yn offisjele situaasjes faak plak foar it Nederlânsk. Dêrom wol de gemeente Opsterlân it brûken fan it Frysk fersterkje troch de taal sichtberder te meitsjen en it gebrûk yn ferskillende domeinen te stimulearjen. Hoewol’t maatskiplike ûntwikkelingen ynfloed hawwe op it taalgebrûk, bliuwt it Frysk yn de gemeente Opsterlân in soad brûkt. Undersyk toant oan dat ynwenners heech skoare op taalfeardigens (93,6% ferstiet Frysk goed oant tige goed), wat beklammet dat de taal in wichtich ûnderdiel foarmet fan de lokale identiteit. It ôfrinnen fan it foargeande taalbelied Romte foar taal (2021–2025) en it ûntstean fan nije ambysjes, biede oanlieding foar fernijing. Dizze nota is ta stân kommen mei ynwennerspartisipaasje en petearen mei partners. De útkomsten fan de ynwennerspartisipaasje jouwe rjochting oan de domeinen dêr’t wy it stimulearjen fan it Frysk as earste ynsette. It belied folget de yndieling fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en rjochtet him op fiif domeinen: Underwiis, Bestjoer, Kultuer & Media, Soarch & Wolwêzen en Bedriuwslibben & Toerisme.
Per domein is yn kaart brocht wat der al bart, hokker partners belutsen binne en hokker doelstellingen jilde. Ofhinklik fan de ynfloed fan de gemeente ferfolje wy ferskillende rollen: stypje, bewustwurding fergrutsje, stimulearje, fasilitearje en regissearje. Dizze rollen bepale it ambysjenivo. De fyzje fan it belied is it Frysk sichtber en fanselssprekkend te meitsjen yn de mienskip. It belied stribbet nei lykweardigens tusken Frysk en Nederlânsk, dêr’t ynwenners har frij by fiele om har foarkarstaal te brûken. De doelstelling is it kreëarjen fan rânebetingsten dy’t it brûken fan it Frysk yn alle domeinen stimulearje. Dêrby hantearret de gemeente fiif útgongspunten: lykweardigens, respekt foar foarkarstaal, aktive foarbyldfunksje, útnûgjende hâlding en bewuste karren foar twataligens. Om it Frysk struktureel te ferankerjen, set de gemeente yn op ynterne promoasje (bewustwurding, oplieding, praktyske stipe), gearwurking mei eksterne organisaasjes, kennisboarging en strukturele finansiering. Monitoaring wurdt dien fia ynterne gegevens en yn gearwurking mei partners lykas biblioteken, ûnderwiis- en soarchynstellingen. Mei dizze oanpak krijt it Frysk in fêst plak yn it deistich wurk fan de gemeente en har partners.
Samenvatting Voor veel inwoners van de gemeente Opsterland is het Fries hun ‘memmetaal’: de taal die het meest vertrouwd voelt en waarin zij zich het gemakkelijkst uitdrukken. Toch maakt het Fries in het dagelijks leven en in officiële situaties vaak plaats voor het Nederlands. Daarom wil de gemeente Opsterland het gebruik van het Fries versterken door de taal zichtbaarder te maken en het gebruik in verschillende domeinen te stimuleren. Hoewel maatschappelijke ontwikkelingen invloed hebben op het taalgebruik, blijft het Fries in de gemeente Opsterland veel gebruikt. Onderzoek toont aan dat inwoners hoog scoren op taalvaardigheid (93,6% verstaat Fries goed tot zeer goed), wat benadrukt dat de taal een belangrijk onderdeel van de lokale identiteit vormt. Het aflopen van het voorgaande taalbeleid Romte foar Taal (2021–2025) en het ontstaan van nieuwe ambities, bieden aanleiding voor vernieuwing. Deze nota is tot stand gekomen met inwonersparticipatie en gesprekken met partners. De uitkomsten van de inwonersparticipatie geven richting aan de domeinen waarop we het stimuleren van het Fries als eerste inzetten. Het beleid volgt de indeling van het Europees Handvest voor regionale en minderheidstalen en richt zich op vijf domeinen: Onderwijs, Bestuur, Cultuur & Media, Zorg & Welzijn en Bedrijfsleven & Toerisme.
Per domein is in kaart gebracht wat er al gebeurt, welke partners betrokken zijn en welke doelstellingen gelden. Afhankelijk van de invloed van de gemeente vervullen we verschillende rollen: ondersteunen, bewustwording vergroten, stimuleren, faciliteren en regisseren. Deze rollen bepalen het ambitieniveau. De visie van het beleid is het Fries zichtbaar en vanzelfsprekend maken in de samenleving. Het beleid streeft naar gelijkwaardigheid tussen Fries en Nederlands, waarbij inwoners zich vrij voelen om hun voorkeurstaal te gebruiken. De doelstelling is het creëren van randvoorwaarden die het gebruik van het Fries in alle domeinen stimuleren. Daarbij hanteert de gemeente vijf uitgangspunten: gelijkwaardigheid, respect voor voorkeurstaal, actieve voorbeeldfunctie, uitnodigende houding en bewuste keuzes voor tweetaligheid. Om het Fries structureel te verankeren, zet de gemeente in op interne promotie (bewustwording, scholing, praktische ondersteuning), samenwerking met externe organisaties, kennisborging en structurele financiering. Monitoring vindt plaats via interne gegevens en in samenwerking met partners zoals bibliotheken, onderwijs- en zorginstellingen. Met deze aanpak krijgt het Fries een vaste plek in het dagelijks werk van de gemeente en haar partners.
1. Ynlieding Yn de gemeente Opsterlân spilet de Fryske taal in wichtige rol. Foar in soad ynwenners is it Frysk de memmetaal, de taal dy’t it tichtste by stiet en dêr’tst dy it maklikst yn útdrukst. Fan in ôfspraak by de húsdokter dy’t yn it Frysk kin, oant Fryske les op skoalle, of Frysktalige strjitnammen yn it doarp: it binne alledeiske situaasjes dêr’t it Frysk hieltyd mear yn sichtber wurdt. Om dizze ûntwikkeling te fersterkjen, stimulearret de gemeente it brûken fan it Frysk yn ferskillende domeinen.
It sprekken fan de Fryske taal yn alledeiske situaasjes is net altyd fanselssprekkend. Yn it strjitbyld en yn deistich kontakt makket it Frysk gauris plak foar it Nederlânsk. Ek yn offisjele situaasjes, lykas by de gemeente of oare ynstânsjes, wurdt it Frysk noch beheind brûkt. Tagelyk sjogge wy de lêste jierren in ferskowing ûntstean: meartaligens wurdt hieltyd mear sjoen as in ferriking, wêrby’t talen goed neistinoar bestean kinne. It ôfrinnen fan it foargeande Frysk taalbelied Romte foar Taal (2021–2025) biedt in natuerlik momint om it belied op ’e nij te besjen en te aktualisearjen. De ôfrûne jierren binne der nije ynsichten en ambysjes ûntstien, op lokaal likegoed as op provinsjaal en lanlik nivo. Sa befettet de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (2024–2028) oanskerpe ôfspraken foar gemeenten, lykas it oanstellen fan in Meartaligenskoördinator en it fersterkjen fan it Frysk yn de berne-opfang en it ûnderwiis. Om dêrby oan te sluten is fernijing fan it gemeentlik belied nedich. As gemeente fine wy it wichtich om nij belied te basearjen op de deistige praktyk en de minsken dy’t dêryn wenje en wurkje. Dêrom is dizze nota ta stân kommen mei ynwennerspartisipaasje. Ynwenners koene fia in enkête har ideeën en ûnderfiningen diele.
Ek ha der petearen west binnen de gemeentlike organisaasje en mei eksterne partners oer de rol fan de Fryske taal binnen de ferskillende beliedsterreinen. Dizze ynformaasje foarmet de basis foar it fernijde
6
taalbelied, dat de stip op de hoarizon sketst: wêr wolle wy hinne? De konkrete aksjes dy’t dêrby hearre wurde útwurke yn in útfieringsplan dat ta beslútfoarming oan it kolleezje foarlein wurdt.
“Wy fiere it Frysk taalbelied mei faasje út. Wy fine dat de gemeente foaroprinne moat en it Frysk mear brûke moat, ek digitaal. Sa ûntstiet der in bettere balâns tusken it brûken fan it Nederlânsk en it Frysk. Nije projekten jouwe wy in Fryske namme. By ferfanging fan plaknammebuorden wurdt tenei de Fryske namme boppe de Nederlânske namme pleatst. Wy freegje oan organisaasjes dy ’t wy subsidiearje wat hja dogge om it Frysk sichtber te meitsjen en te brûken.” – Koalysje-akkoart: ‘Mei-inoar foarút 2022-2026’
Dizze nota is basearre op de yndieling fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en rjochtet him op fiif domeinen: Underwiis, Bestjoer, Kultuer & Media, Soarch & Wolwêzen, en Bedriuwslibben & Toerisme.
2. Wêr stean wy no? De Fryske taal is in wichtich ûnderdiel fan de identiteit fan in soad ynwenners fan de gemeente Opsterlân. Undersyk lit sjen dat it persintaazje sprekkers fan it Frysk reedlik stabyl bliuwt troch de jierren hinne¹ mar de taal wurdt noch altyd bedrige². Maatskiplike ûntwikkelingen beynfloedzje it gebrûk fan it Frysk.
Maatskiplike ûntwikkelingen
Ferskillende maatskiplike ûntwikkelingen hawwe ynfloed op it gebrûk fan de Fryske taal. Alderearst spilet leeftiid in rol. Ut ûndersyk fan de Fryske Akademy en Planburo Fryslân docht bliken dat âldere generaasjes oer it algemien in hegere Fryske taalfeardigens hawwe as jongere generaasjes. Minsken boppe de fyftich brûke de taal boppedat faker yn har direkte omjouwing, bygelyks mei har partner of buorlju. Tagelyk is ûnder jongerein sprake fan in groeiende solidêrens mei it Frysk. Sy ûnderfine ek mear frijheid om de taal te brûken yn kontakt mei profesjonals. In oare ûntwikkeling hâldt ferbân mei de trochsneed taalfeardigens yn it Frysk. Oer it generaal is de behearsking fan it Nederlânsk heger as dy fan it Frysk. Sels memmetaalsprekkers behearskje it Nederlânsk faak better, foaral as it giet om lêzen en skriuwen. De feardichheden sprekken en ferstean lykje stabyl te bliuwen, en foar lêzen en skriuwen binne de persintaazjes tanommen. Dit betsjut dat de lês- en skriuwfeardigens tanommen binne sûnt 1995, hoewol’t skriuwfeardigens noch altyd relatyf leech bliuwt. Dizze faktoaren drage deroan by dat it Frysk noch altyd as in kwetsbere taal beskôge wurdt. Ta beslút spylje digitalisearring en technologyske ûntwikkelingen in aloan gruttere rol yn de takomst fan it Frysk.
De provinsje Fryslân ynvestearret aktyf yn digitale taalhelpmiddels, lykas de staveringshifker en oersethelp Frysker. Dêrneist wurdt der wurke oan
Fryske spraaktechnology, sadat ynwenners yn de takomst ek yn it Frysk kommunisearje kinne mei har telefoan, smartspeaker of sels in soarchrobot.
Taalsituaasje yn de mienskip
De provinsje Fryslân publisearret elke fjouwer jier de Fryske Taalatlas. Dizze taalatlas jout in oersjoch fan it behearskingsnivo en it gebrûk fan de Fryske taal. It meast resinte rapport is fan 2020 en is basearre op sifers út 2019. Dit rapport jout ynsjoch yn it gebrûk en de ûntwikkeling fan de Fryske taal binnen de gemeente Opsterlân. Ut de Taalatlas blykt dat 93,1% fan de Friezen it Frysk frij aardich oant hiel goed ferstean kin. Yn de gemeente Opsterlân leit dit persintaazje justjes heger, mei 93,6% fan de ynwenners dy’t sels oanjouwe de taal goed oant hiel goed ferstean te kinnen. Ek yn sprekfeardigens skoart Opsterlân boppe it provinsjale gemiddelde: 77,2% fan de ynwenners sprekt it Frysk goed oant hiel goed. Wat de Fryske taal as memmetaal oanbelanget, jout 57,3% fan de Friezen oan it Frysk as (mei-) memmetaal te hawwen. Yn Opsterlân leit dat oandeel heger, nammentlik op 71,5%.
Taalsituaasje yn de gemeentlike organisaasje
Yn 2022 hat de provinsje Fryslân in ûndersyk útfierd nei de behearsking fan it Frysk en de taalhâlding
¹ Buurke, 2025; Gorter e.d., 1984; Gorter & Jonkman, 1995; Klinkenberg e.a., 2018 ² Kuipers & Zandberg & Kircher, 2020; UNESCO, 2010
7
Opsterlân
Fryslân
Hiel goed / goed
Frij aardich
Mei muoite / hielendal net
Hiel goed / goed
Frij aardich
Mei muoite / hielendal niet
Ferstean
93,6%
4,7%
1,6%
84,1%
9,0%
6,9%
Sprekke
77,2%
6,4%
16,4%
64,1%
9,2%
26,8%
Lêze
58,2%
25,3%
16,5%
52,4%
25,1%
22,6%
Skriuwe
18,2%
25,9%
55,9%
15,9%
21,6%
62,6%
binnen gemeentlike organisaasjes. Yn totaal hawwe 34 meiwurkers fan de gemeente Opsterlân oan dit ûndersyk meidien. De útkomsten binne net represintatyf, mar jouwe wol in ympresje fan de taalsituaasje yn de gemeentlike organisaasje. Ut dit ûndersyk blykt dat 93% fan de respondinten it Frysk goed oant hiel goed ferstean kinne. De aktive taalfeardigens leit leger: 50% sprekt goed oant hiel goed Frysk, en 58% kin it goed oant hiel goed lêze. Skriuwen blykt it lestichst:mar 21% skriuwt goed oant hiel goed Frysk. De helte fan de respondinten jout oan dat sy faak mûnling Frysk kontakt hawwe mei kollega’s. Yn gruttere ynterne oerlizzen wurdt lykwols faker Nederlânsk praat. Skriftlik komt it Frysk amper foar. De respondinten is ek frege oft sy it de ferantwurdlikens fan de gemeente fine, yn oparbeidzjen mei de provinsje en it Ryk, om de Fryske taal te beskermjen. In romme mearderheid (74%) is it hjirmei iens. Dêrneist fynt 82% it wichtich dat meiwurkers fan Fryske gemeenten it Frysk ferstean kinne. Oare taalfeardichheden, lykas sprekken, lêzen en skriuwen, wurde as minder wichtich sjoen. Mar 18% is it iens mei de stelling dat gemeentemeiwurkers it goede foarbyld jaan moatte yn it gebrûk fan it Frysk.
8
9
3. Wetlike kaders De Fryske taal en kultuer wurde beskerme en befoardere troch ferskillende wetten en ferdraggen op Europeesk, nasjonaal, provinsjaal en lokaal nivo. Dizze kaders jouwe rjochting oan de ynspanningen fan de gemeente by de ûntwikkeling fan it nije Frysk taalbelied.
Europeesk
Wet gebrûk Fryske taal (2014) Mei de ynfiering fan de Wet gebrûk Fryske taal binne de mooglikheden foar it gebrûk fan it Frysk yn it rjochtsferkear en it bestjoerlik ferkear fersterke. De wet bepaalt dat it Frysk en it Nederlânsk de offisjele talen fan de provinsje Fryslân binne en boarget hjirmei de gelikense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk.
Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (1998) Mei it Europeesk Hânfêst hat de Ryksoerheid him ferplichte om it Frysk yn de provinsje Fryslân te beskermjen en te befoarderjen. It Frysk is erkend ûnder Diel II én III fan dit Hânfêst en hat dêrmei it heechste nivo fan erkenning. Yn dit Hânfêst binne ferskate maatregels útwurke dy’t ferbân hâlde mei sân tema’s: ûnderwiis, rjochterlike autoriteiten, bestjoerlike autoriteiten & iepenbiere tsjinsten, media, kulturele aktiviteiten & foarsjenningen, ekonomysk & sosjaal libben en grinsoerskriedende útwikselingen.
Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (20242028) Yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (hjirnei: BFTK) lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t sy de kommende jierren wurkje sille oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. De BFTK is in útwurking fan de ferdrachsferplichtingen foar de Fryske taal en kultuer dy’t fuortkomme út de ynternasjonale ferdraggen en de Wet gebrûk Fryske taal. Ek de BFTK rjochtet him op de ferskillende domeinen lykas it Underwiis, Bestjoer, Kultuer & Media en Soarch & Wolwêzen, mar ek op Frysk yn it rjochtsferkear en útwikseling oer de grinzen hinne.
As lidsteat fan de Rie fan Europa hat Nederlân him kommittearre oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal. In kearntaak fan de Rie fan Europa is it beskermjen en befoarderjen fan de rykdom en it ferskaat fan it talich en kultureel erfgoed yn de Europeeske Uny.
Lanlik
Ek op lanlik nivo is de posysje fan it Frysk as offisjele taal erkend. Tanksij it rapport fan de Commissie Friese Taalpolitiek (1970), hat Nederlân de Fryske taal as offisjele taal op ’e nij befêstige. Dit rapport lei de basis foar it hjoeddeistige lanlike belied. Dizze lanlike wetten binne foaral bedoeld foar beskerming en befoardering fan de Fryske taal.
10
Provinsjaal
De provinsje Fryslân hat in wichtige rol yn it behâlden en befoarderjen fan de Fryske taal. Sa makket de provinsje har eigen belieds- en útfieringsplannen dy’t basearre binne op en yn oerienstimming binne mei Europeeske en nasjonale ferdragen en wetten. Dêrneist ferfollet sy de rol fan Taalskipper, wêrby’t it de belutsen
organisaasjes op it Fryske taaldossier koördinearret, ferbynt en ynspirearret. De provinsje sit de bestjoerlike oerlizzen oangeande it Frysk foar, ynspirearret en bewekket makke ôfspraken. Taalnota Fansels Frysk (2025-2028) Mei de taalnota Fansels Frysk presintearret de provinsje har ambysjes op it mêd fan Frysk taalbelied. Yn de taalnota is omtinken foar it Frysk yn de thússituaasje, yn it ûnderwiis, op it wurk, yn de frije tiid en yn de iepenbiere romte. Ek is der omtinken foar it Frysk by de oerheid, de rjochtbank en yn de soarch. Wittenskiplik ûndersyk is de basis fan dizze taalnota.
Lokaal
Ek de Fryske gemeenten hawwe wet- en regeljouwing oangeande de Fryske taal. De yntinsiteit en de ambysje derfan ferskilt per gemeente. De gemeente Opsterlân besteget yn de ûndersteande dokuminten spesifyk omtinken oan de Fryske taal. Taalbelied Frysk gemeente Opsterlân De Fryske gemeenten dy’t ûnder de Wet gebrûk Fryske taal falle binne ferplichte om Frysk taalbelied te formulearjen. It âlde taalbelied ‘Romte foar taal’ komt út 2021 en is dêrmei ferâldere. De nota dy’t no foar jo leit jildt as fernijde beliedsnota. Feroardering Frysk yn it bestjoerlik ferkear Opsterlân 2017 Neist it Frysk taalbelied moatte gemeenten de regels en ôfspraken út it belied fêststelle troch de wei fan in feroardering. De feroardering befettet regels oer Frysk yn it bestjoerlik ferkear.
11
4. Wêr wolle wy hinne? Yn dit haadstik wurdt de fyzje oangeande it Frysk taalbelied út de doeken dien. Wy beskriuwe de ambysjes dy’t wy neistribje, de doelstelling dy’t dêrút fuortkomt, en de útgongspunten. Dizze eleminten foarmje mei-inoar it kompas foar it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal.
Ambysje
De gemeente Opsterlân wol foaroprinne yn it sichtber meitsjen en brûken fan it Frysk. Taal is mear as in kommunikaasjemiddel: it is ûnderdiel fan identiteit, it ferbynt ús en foarmet ús mienskip. Dêrom fiere wy in ynklusyf taalbelied dêr’t lykweardigens tusken Frysk en Nederlânsk yn sintraal stiet. Ynwenners moatte har frij en útnûge fiele om har foarkarstaal te brûken yn kontakt mei de gemeente.
Doelstelling
It Frysk taalbelied draacht by oan de folgjende doelstelling: It kreëarjen fan rânebetingsten foar it stimulearjen fan de Fryske taal, sadat it gebrûk fan de taal yn ferskillende domeinen fan de Opsterlânske mienskip natuerliker en fanselssprekkender is.
Utgongspunten:
By it realisearjen fan boppesteande doelstelling stean de folgjende útgongspunten sintraal: Lykweardigens: de gemeente stribbet nei lykweardigens tusken it Frysk en it Nederlânsk. Omdat it Frysk yn de praktyk noch net altyd deselde posysjes ynnimt, sette wy ús yn om dy posysje te fersterkjen.
12
Foarkarstaal: de gemeente kreëarret in omjouwing wêryn’t elkenien – ynwenners, amtners en bestjoerders – syn as har foarkarstaal brûke kin, mei wjersidich respekt foar inoars kar. Foarbyldfunksje: de gemeente hat in foarbyldfunksje en brûkt en stimulearret it Frysk aktyf. Utnûgjend: de gemeente draacht it Frysk sichtber út en nûget ynwenners út om de taal te brûken. Twataligens: de gemeente makket bewust in kar foar óf it Frysk óf it Nederlânsk, ôfhinklik fan de situaasje. Wy kieze derfoar om beide talen soms te kombinearjen: yn stee fan standert beide talen te brûken, ferwurkje wy it Frysk yn ús Nederlânske teksten en it Nederlânsk yn ús Fryske teksten.
Wat is it ferskil tusken dûbeltalich en twatalich? By dûbeltalich wurdt én it Nederlânsk én it Frysk brûkt: de tekst moat folslein yn beide talen oanlevere wurde. By twatalich wurdt óf it Nederlânsk óf it Frysk brûkt: de tekst hoecht mar yn ien taal oanlevere te wurden en it is mooglik om Fryske wurden, sinnen of sitaten ta te heakjen oan in Nederlânske tekst, en Nederlânske wurden, sinnen of sitaten oan in Fryske tekst.
5. Wat dogge wy dêrfoar? Dizze nota rjochtet him op fiif domeinen: Underwiis, Bestjoer, Kultuer & Media, Soarch & Wolwêzen, en Bedriuwslibben & Toerisme. Yn de kommende jierren sette wy ús yn om it Frysk binnen dy domeinen te fersterkjen. Elk jier leit de fokus op ien domein; wy stribje der dus net nei alle beliedsdoelen tagelyk te realisearjen, mar bepale jierliks hokker domein ús prioriteit hat. Mei tank oan ynwennerspartisipaasje witte wy hokker domeinen as it meast wichtich ûnderfûn wurde. Dizze prioritearring bepaalt ek de folchoarder fan dit haadstik. Per domein is yn kaart brocht wat der al bart en hokker rol eksterne partners spylje.
As gemeente ferfolje wy binnen elk domein in oare rol. Dit is ôfhinklik fan de mjitte fan ynfloed dy’t de gemeente dêr hat. Dy ferskillen yn ynfloed bepale ek it ambysjenivo per domein. Binnen it Frysk taalbelied kinne wy as gemeente de folgjende rollen op ús nimme:
De gemeente hat binnen dit domein mar in beheinde ynfloed; wy ferfolje foaral in stimulearjende rol en, dêr’t dat mooglik is, in fasilitearjende rol.
Stypje: de gemeente begeliedt organisaasjes by it lizzen fan kontakt mei de juste oanbieders, dêr’t organisaasjes sels it inisjatyf by nimme om de gemeente oan te sprekken.
Pjutte- en berne-opfang • De gemeente subsidiearret it Tomke-projekt, in lês- en taalbefoarderingsprogramma foar bern fan 2 oant 5 jier. It projekt rjochtet him op it stimulearjen fan de taal- en lêsûntwikkeling fan jonge bern. • Pjutte- en berne-opfanglokaasjes kinne ûndersteuning krije fan it kennissintrum Sintrum Fryske Berne Opfang (SFBO) by it beheljen fan in meartaligenssertifisearring. Meidwaan is frijwillich, mar lokaasjes wurde aktyf oansprutsen. Yn 2025 binne yn de gemeente Opsterlân 18 fan de 23 opfanglokaasjes sertifisearre as meartalich.
Bewustwurding fergrutsje: de gemeente wiist organisaasjes op de wearde fan it Frysk en leit de klam op de foardielen fan gebrûk. Stimulearje: de gemeente moediget organisaasjes aktyf oan om it Frysk te brûken en te befoarderjen. Fasilitearje: de gemeente stipet organisaasjes mei middels, foarsjenningen en advys om it Frysk ta te passen. Regissearje: de gemeente nimt folslein de rezjy oer hoe’t it Frysk tapast wurdt en stjoert aktyf op it brûken derfan.
5.1 Underwiis
Underwiis yn it Frysk spilet in wichtige rol yn it behâld en de oerdracht fan de taal. It ferplichte Frysk yn it basisûnderwiis foarmet dêrby in essinsjele pylder. Nettsjinsteande dizze ferplichting bliuwt de kwaliteit en útfiering fan it Fryske taalûnderwiis in oandachtspunt.
Wat dogge wy al?
Primêr ûnderwiis • Alle basisskoallen yn de gemeente wurkje oan Taalplan 2030, dat as doel hat it Frysk in struktureel plak yn it ûnderwiis te jaan. Dêrby krije sy ûndersteuning fan adviseurs fan Cedin. De ambysje fan provinsje en ryk is dat op syn lêst yn 2030 alles skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis it fak Frysk op foldwaande nivo oanbiede, neffens it saneamde A-profyl. • Op alle basisskoallen binnen de gemeente is in Taalstiper oanwêzich, Dizze stipet learkrêften fan groep 3 ôf by it staljaan fan it fak Frysk en by it gebrûk fan Frysk as fiertaal yn oare fakken.
13
Fuortset ûnderwiis • Skoallen foar fuortset ûnderwiis kinne der frijwillich foar kieze om Frysk as ynstruksjetaal te brûken. Yn de earste klassen is Frysk ferplichte. Dêrneist hawwe skoallen de mooglikheid om Frysk as eksamenfak oan te bieden.
Wistest dat... meartaligens goed is foar de taalûntwikkeling, sosjale feardichheden én yntellektuele ûntwikkeling fan bern? Bern dy’t meartalich opgroeie binne faak taalgefoeliger, skeakelje makliker tusken talen, leare earder lêzen én kinne letter makliker oare talen leare3.
Wat wolle wy berikke? Yn it domein Underwiis wolle wy oan de folgjende doelstellingen wurkje: • Alle bern yn de gemeente – Frysktalige bern likegoed as Nederlânsktalige en oarstalige – krije de kâns om it Frysk te learen. • Bern yn de gemeente reitsje fertroud mei de taal fan de mienskip en leare de kultuer en it erfgoed fan de regio kennen. • It Frysk wurdt as ûnderwiistaal fersterke binnen de berne-opfang en it ûnderwiis. Om oan dizze doelstellingen te wurkjen, hantearje wy de folgjende oanpak: • Wy stimulearje skoallen en berneopfanglokaasjes om it Frysk struktureel en yn mear fasetten te brûken. Hjirby stypje wy har mei passend materiaal en begelieding. • Wy wolle it Frysk útdrukliker keppelje oan kultueredukaasje. • Wy ûndersykje hoe’t de sprieding fan twatalige berne-opfanglokaasjes ferbettere wurde kin en hoe’t gastâlden hjirby ek belutsen wurde kinne.
5.2 Bestjoer
Gemeenten kinne de status en it maatskiplik oansjen fan it Frysk fersterkje troch bewust in Frysktalige útstrieling oan te nimmen. Dit kin op ferskate wizen, bygelyks troch it Frysk faker yn kommunikaasje en tsjinstferliening te brûken, mar ek troch it gebrûk fan de taal yntern te stimulearjen. As gemeente sette wy ús no al op ferskate wizen yn foar it behâld en de befoardering fan it Frysk. Dêrom ferfolje wy binnen dit domein in regissearjende rol. Wat dogge wy al? Yntern • Us taalbelied wurdt elke fjouwer jier evaluearre. Wy beoardielje it aktuele belied en passe it oan dêr’t dat nedich is. Dêrby hâlde wy ek rekkening mei mooglike nije wetlike foarskriften, sadat ús belied aktueel bliuwt. • Yn gemeenteriedsgearkomsten wurdt likegoed Nederlânsk as Frysk praat troch riedsleden. De beslutelisten wurde meastal yn it Nederlânsk opsteld. • Meiwurkers en riedsleden hawwe de mooglikheid om de eed of de belofte yn it Frysk ôf te lizzen. • Wy biede ús meiwurkers kursussen Frysk oan om de taalfeardigens te befoarderjen. Kontakt mei ynwenners • Ynwenners meie de gemeente skriftlik likegoed as mûnling yn it Frysk oansprekke. Meiwurkers reagearje, foar safier mooglik, yn deselde taal. As ynwenners ús yn it Frysk oanskriuwe, beäntwurdzje wy har ek yn it Frysk.
• Yn de oanklaaiïng fan it gemeentehûs binne al ferskate Fryske eleminten oanwêzich, lykas de nûmering fan de baaljes, buordsjes mei ‘Praat mar Frysk’ en de tekst op de húskes. • Op grûn fan de Wet gebrûk Fryske taal wurde akten fan de boargerlike stân likegoed yn it Frysk as yn it Nederlânsk opsteld. Dit jildt bygelyks foar trouakten, berte-akten en akten fan ferstjerren. • Ynwenners dy’t yn ús gemeente trouwe, kinne derfoar kieze om it Frysk te brûken by de seremoanje. • By de oanjefte fan de berte fan in bern krije âlden
³ û.o. basearre op ûndersiken fan Bialystok E; Baker C; Cummins J; Woudmans E; Surmont J; Struys E & Duyck W
14
fan de gemeente it Taalkado as stimulâns foar it gebrûk fan it Frysk. Gemeentlike kommunikaasje • Alle beliedsstikken en projekten krije in Fryske titel om de sichtberens fan de taal te fergrutsjen. • Berjochten op ús sosjale mediakanalen (LinkedIn, Instagram, Facebook en X) binne faak in mjuks fan Frysk en Nederlânsk. Sitaten yn it Frysk wurde ek yn it Frysk werjûn. • Ek nijsberjochten fan de gemeente befetsje meastal in kombinaasje fan Frysk en Nederlânsk, sadat beide talen sichtber bliuwe. • By ferfanging fan plak- en strjitnammebuorden wurdt it Frysk boppe it Nederlânsk pleatst, neffens ús hússtyl. • Op de klean fan de bûtentsjinst stiet de Fryske tekst ‘Foar de mienskip’. Wistest dat... 54% fan de Friezen de Fryske taal praat mei syn as har partner?4. Yn de gemeente Opsterlân kinst dêrom ek trouwe yn it Frysk. Hjirfoar binne der Frysktalige trouwamtners beskikber.
• • •
5.3 Kultuer & Media
Taal is mear as in middel om te kommunisearjen; it is in ûnderdiel fan kultuer en identiteit. Dêrom spylje kultuer en media in wichtige rol yn de fersterking en ûndersteuning fan it Frysk. Ynvestearje yn kulturele uteringen draacht boppedat by oan in positivere hâlding foaroer de Fryske taal. De gemeente ferfollet binnen dit domein foaral in rol dy’t bewustwurding fergruttet en, dêr’t dat mooglik is, in fasilitearjende rol. Wat dogge wy al? •
Wat wolle wy berikke? Yn it domein Bestjoer wolle wy oan de folgjende doelstellingen wurkje: • It Frysk wurdt in struktureel en sichtber ûnderdiel fan de gemeentlike organisaasje. • Bestjoerders en amtners hawwe in positive hâlding foar de Fryske taal oer en brûke it Frysk aktyf yn de kommunikaasje mei ús ynwenners. • Ynwenners fiele har frij en wolkom om har foarkarstaal te brûken yn kontakt mei de gemeente. Om oan dizze doelstellingen wurkje te kinnen, hantearje wy de folgjende oanpak: • Wy ferankerje it Frysk yn ynterne rjochtlinen en soargje dat yn alle domeinen omtinken is foar de taal.
Wy biede de gemeentlike webside yn de takomst ek yn it Frysk oan. Wy biede jierliks Fryske kursussen oan dy’t it bewustwêzen en de Fryske feardichheden ferbetterje. Wy ûndersykje de helberens fan it formeel feroarjen fan de Nederlânsktalige namme ‘Opsterland’ yn ‘Opsterlân’ om sa de sichtberens fan it Frysk en de belutsenens fan de mienskip te fergrutsjen.
•
•
•
De gemeente hat sûnt 2024 in gemeentedichter. De gemeentedichter wurdt foar in perioade fan twa jier oansteld en skriuwt op fersyk of út eigen inisjatyf gedichten en lieten yn it Frysk, Nederlânsk of in mjuks fan talen. Alle gedichten/ lieten wurde publisearre op ús webside. De gemeente hat sûnt koarten in mediagearwurking mei SmelneFM, in lokale omrop dy’t in wichtige rol spilet yn it ynformearjen fan ynwenners. Binnen dizze gearwurking is der ek omtinken foar de Fryske taal. De biblioteek beskikt oer in kolleksje Fryske boeken en set aktyf yn foar lêsbefoardering yn it Frysk, ûnder mear yn de Fryske Foarlêswike en fia it programma Tomke. Ek ynformearret de biblioteek jonge âlden oer foarlêzen en meartaligens fia it projekt BoekStart. De gemeente hat in oantal musea dy’t de Fryske taal gauris brûke. Ek binne der by in oantal musea Frysktalige edukaasjeprogramma’s, lesplaten of speurtochten foar bern beskikber.
⁴ Fryske Akademy, 2025: https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/inhoud/undersyk/projekten/FA_Taalsurvey_1025__def_.pdf
15
•
Yn de subsydzjeregelingen foar kultuereveneminten yn de gemeente moat de oanfreger syn as har doelen dy’t ferbân hâlde mei it Frysk oantoane yn in subsydzje-oanfraach.
Wistest dat… kultuer bydrage kin oan de taalûntwikkeling fan bern? Troch kulturele ferhalen, tradysjes en wearden te yntegrearjen yn it ûnderwiis, kinne bern har better identifisearje mei de taal en dy op in natuerlike wize leare5.
Wat dogge wy al? •
•
•
By yndividuele begelieding en help út de gemeente wei wurdt rekkening hâlden mei de foarkarstaal fan de kliïnt. Foar in goed petear is it sprekken fan de selde taal fan grut belang. Op it konsultaasjeburo krije (oansteande) âlden ynformaasje oer it belang fan taal foar de ûntwikkeling fan har bern, en ek oer de foardielen fan meartaligens. De Afûk wurket op it stuit oan it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’. Dit projekt biedt sosjale teams fan gemeenten en soarch- en wolwêzensprofesjonals yn meartalige regio’s frijbliuwende foarljochting en advys.
Wat wolle wy berikke? Yn it domein Kultuer & Media wolle wy oan de folgjende doelstellingen wurkje: • It Frysk fersterkje as kultuertaal om de identifikaasje dermei te fergrutsjen, wêrtroch’t de ynstap breder en ynklusiver wurdt. • De positive krúsbestowing tusken sektoaren befoarderje, benammen op it mêd fan kultueredukaasje. Om oan dizze doelstellingen wurkje te kinnen, hantearje wy de folgjende oanpak: • Wy meitsje kulturele en media-ynstellingen bewust fan de foardielen fan it gebrûk fan it Frysk. • Wy sykje nauwere gearwurking mei kulturele en media-ynstellingen en diele ynspirearjende foarbylden en stimulearje kreative projekten.
5.4 Soarch & Wolwêzen
Taal spilet ek in rol yn it wolwêzen fan soarchfregers. Undersyk lit sjen dat kommunikaasje yn de memmetaal it gefoel fan fertrouwen en burgen-wêzen fergruttet. It gebrûk fan taal bepaalt de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger. De ynfloed fan de gemeente binnen dit domein is beheind. By eksterne partners ferfolje wy dêrom foaral in stypjende rol. Binnen ús eigen organisaasje, lykas de gebietsteams, is dit faker in rol dy’t bewustwurding fergruttet.
Wistest dat… minsken har faak better útdrukke kinne yn har memmetaal? Troch har te uterjen yn de memmetaal fiele minsken har feiliger en mear begrepen yn soarchsituaasjes. Tink bygelyks oan minsken mei demintsy, dêr’t faak earst de memmetaal by weromkomt, wylst oare talen fuortfalle6. Wat wolle wy berikke? Yn it domein Soach & Wolwêzen wolle wy oan de folgjende doelstellingen wurkje: • Ynwenners fan de gemeente hawwe de mooglikheid om yn kontakt mei soarch- en wolwêzensorganisaasjes it Frysk te brûken. • Soarch en wolwêzensorganisaasjes witte wêr’t sy terjochte kinne foar saakkundige stipe op it mêd fan de Fryske taal. Om oan dizze doelstellingen wurkje te kinnen, hantearje wy de folgjende oanpak: • Wy wolle soarchynstellingen bewust meitsje fan it belang fan tsjinstferliening yn de foarkarstaal fan kliïnten troch har fan relevante ynformaasje te foarsjen.
⁵ Expertisecentrum Het Talentenhuis: https://www.hettalentenhuis.nl/de-kracht-van-cultuur-en-creativiteit-in-taalontwikkelingop-school/ ⁶ Afûk (https://friesindezorg.frl/) + Altzheimer Nederland (https://www.alzheimer-nederland.nl/dementie/herkennen-symptomen/ taalproblemen#:~:text=Dementie%20en%20een%20niet%2DNederlandse,over%20dementie%20in%20andere%20talen)
16
•
Wy wolle fragen oer it Frysk by soarchynstellingen yntiids sinjalearje en de organisaasjes trochferwize nei de juste partners.
5.5 Bedriuwslibben & Toerisme
Ek yn it Bedriuwslibben & Toerisme kin de Fryske taal in ûnderdiel wêze fan belibbing, werkenning en gastfrijens. It is ûnderdiel fan de autentisiteit fan ús regio. It brûken fan in streektaal kin de lokale eigenheid fersterkje en bydrage oan in waarmere, persoanliker ûntfangst. De ynfloed fan de gemeente binnen dit domein is beheind, dêrom hawwe wy foaral in stypjende rol. Wat dogge wy al? •
• •
Wat wolle wy berikke? Yn it domein Bedriuwslibben & Toerisme wolle wy oan de folgjende doelstellingen wurkje: • Ynwenners en besikers fan de gemeente ûnderfine wurdearring foar de Fryske taal. • Undernimmers witte wêr’t sy terjochte kinne foar saakkundige ûndersteuning op it mêd fan de Fryske taal. • Om oan dizze doelstellingen wurkje te kinnen, hantearje wy de folgjende oanpak: • Wy stypje bedriuwen by it sichtber meitsjen fan it Frysk yn har ûndernimming troch har te ynformearjen oer relevante regelingen en troch te ferwizen nei de juste partners.
De Afûk en Merk Fryslân sette har yn foar de promoasje fan Fryslân en it gebrûk fan it Frysk yn bedriuwsmarketing. Dêrby biede sy workshops, kursussen en aktive begelieding oan organisaasjes dy’t hjirmei oan ’e slach wolle. De Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) stimulearret de Fryske gastfrijenssektor en stipet organisaasjes mei konkrete ideeën en inisjativen. Het Andere Friesland set him yn foar de promoasje fan de regio Súdeast-Fryslân. De Fryske taal wurdt hjirby no en dan op in leechdrompelige wize ynset, troch hjir en dêr Fryske wurden te brûken.
Wistest dat… de measte Fryske bedriuwen en organisaasjes posityf foaroer it Frysk stean? It brûken fan de taal fan de klant fergruttet de klanttefredenens, fersterket de identiteit as Frysk bedriuw en it is in goede klantebiner7.
⁷ Afûk: https://afuk.frl/nl/op-it-wurk/advys/
17
18
6. Hoe boargje wy de oanpak? Om de oanpak fan it foarige haadstik te boargjen, is it wichtich dat de Fryske taal net ôfhinklik is fan in oantal kaaifigueren of fan losse projekten en subsydzjes, mar stevich ynbêde is yn it deistich wurk fan de organisaasjes, ynwenners en de gemeente. Dit boargjen dogge wy op de folgjende wizen:
Ynterne promoasje
De gemeentlike organisaasje spilet in kaairol yn it sukses fan it Frysk taalbelied. Dêrom besteegje wy in soad oandacht oan ynterne promoasje fan it Frysk: • • •
Wy soargje foar ynterne bewustwurding troch kampanjes, nijsberjochten op yntranet en it aktyf útljochtsjen fan Fryske inisjativen. Meiwurkers krije de mooglikheid om Fryske kursussen te folgjen. Dêrneist diele wy praktyske helpmiddels lykas oersettsjinsten. Wy sykje de gearwurking op mei oare beliedsterreinen, sadat it Frysk it omtinken krijt dat it fertsjinnet.
Ekspertize diele en behâlde
Kennis oer de Fryske taal mei net ôfhinklik wêze fan yndividuele persoanen, mar moat oerdraachber wêze. Net allinnich de gemeentlike organisaasje, mar ek belutsen partners moat oer foldwaande ekspertize beskikke. Dêrom sette wy yn op it dielen en behâlden fan kennis: • •
Belutsen partners krije relevante ynformaasje oer de Fryske taal, lykas mooglikheden foar subsydzjes en ûntwikkelingen. Eventuele lêzingen, kursussen en oare opliedingsmooglikheden wurde ek iepensteld foar belutsen partners.
Goede gearwurking
Jild foar no en letter
•
•
De Fryske taal moat net allinnich in wichtich ûnderwerp wêze foar de ynterne organisaasje, mar ek foar alle belutsen partners. Dêrom sette wy yn op in sterke en mienskiplike oanpak:
• •
Wy gean mei belutsen partners yn petear om gear te wurkjen oan in mienskiplike fyzje op it Frysk en om te ferkennen hoe’t sy it Frysk ferankerje kinne yn har eigen belied. Wy belûke partners by de ûntwikkeling en útfiering fan projekten en aktiviteiten. Yn de beliedsplannen fan partners stiet beskreaun hoe’t sy bydrage oan de Fryske taal.
De útfiering fan it Frysk taalbelied kostet jild. Binnen de gemeentlike organisaasje is hjir struktureel jild foar beskikber. Mar der moat ek genôch jild wêze foar de takomst, dêrom:
• •
Meitsje wy gebrûk fan provinsjale subsydzjeregelingen, lykas Sichtberens. Hjirtroch hawwe wy ekstra finansjele mooglikheden. Undersykje wy oft spesifike projekten finansiere wurde kinne út oare gemeentlike budzjetten. Gean wy effisjinter om mei beskikbere middels. Wy prioritearje op grûn fan ferlet út de mienskip. Ynwennerspartisipaasje bepaalt hokker tema’s de measte oandacht krije.
19
7. Monitoaring en evaluaasje Yn de gemeente Opsterlân wolle wy witte oft it Frysk taalbelied wurket. Dêrom mjitte wy wat wy dogge en wat it opsmyt. Monitoaring en evaluaasje helpe ús om te learen fan wat goed giet én fan wat better kin. Sifers sjogge wy dêrby net as einpunt, mar as startpunt foar it petear. Se jouwe rjochting, mar it ferhaal derefter is minstens sa wichtich.
Wy mjitte op twa manieren: Sifers (telle): Wy brûke sifers om te mjitten: hoefolle projekten binne der útfierd? Hoefolle ynwenners hawwe wy hjirmei berikt? Hoefolle ynwenners behearskje it Frysk yn de gemeente? Dy gegevens jouwe in byld fan de draachwiidte en it gebrûk fan ús maatregels. Ferhalen (fertelle): Wy helje ek ferhalen op, want sifers sizze net alles: wat fine de ynwenners fan de projekten? Hawwe sy mear Frysk sjoen en heard yn de gemeente? Fiele minsken har mear ferbûn mei de Fryske taal? Sa krije wy sicht op it wiere effekt fan it belied op minsken. Under de beliedstermyn monitoaret de gemeente it belied op ferskate wizen. Alderearst troch it taalbelied elke fjouwer jier te evaluearjen. Dan beoardielje wy it aktuele belied en passe it oan dêr’t dat nedich is. Ek hâlde wy ynterne gegevens by, lykas it oantal Frysktalige aktiviteiten en projekten. Dêrneist wurdt der monitoare yn gearwurking mei belutsen partners. Wannear’t partners relevante projekten útfiere, registrearje sy sels hoefolle minsken der meidogge en wat sy fan dielnimmers weromhearre. Dizze ynformaasje wurdt dield mei de gemeente. Hjirtroch kinne wy op ‘e tiid bystjoere, suksessen fersterkje en knyppunten oanpakke. Ta beslút rieplachtsje wy relevante ûndersiken fan ûnder mear de provinsje Fryslân, de Fryske Akademy
20
en Planburo Fryslân. Sa fiert de provinsje Fryslân elke fjouwer jier ûndersyk út foar de Fryske taalatlas, dêr’t wy ynsjoch mei krije yn de ûntwikkeling fan it Fryske taalnivo ûnder de ynwenners fan de gemeente Opsterlân. Oan ’e ein fan de beliedstermyn evaluearje wy it belied troch likegoed de ynterne mjittingen as de eksterne ûndersyksresultaten te bondeljen en mienskiplik te beoardieljen.
Kearnfragen by monitoaring
Binnen de gemeente Opsterlân rjochtsje wy ús op de folgjende kearnfragen: •
Hokker stappen binne ûndernommen om de sichtberens fan it Frysk binnen de gemeente Opsterlân te fergrutsjen? - Mooglike yndikators: % Frysktalige kommunikaasje uterings, % Frysktalige buorden, % Frysktalige aktiviteiten/projekten.
•
Is der sprake fan in tanimming yn it gebrûk fan it Frysk binnen ferskillende domeinen, lykas ûnderwiis, soarch, tsjinstferliening en kultuer? - Mooglike yndikators: % Frysktalige boeken yn de biblioteken, % Frysktalige lesoeren, % kulturele uterings/projekten yn it Frysk.
•
Hokker effekten hawwe dizze maatregels op de ynwenners dy’t dermei yn oanrekking komme? - Mooglike yndikators: % ynwenners dat goede ferhalen fertelt/goede ûnderfiningen hat, % ynwenners dat meidocht oan relevante projekten/eveneminten.
8. Finânsjes It fersterkjen fan de Fryske taal freget net allinnich om fyzje en belutsenens, mar ek om strukturele middels om it belied yn de praktyk útfiere te kinnen. Om dit te berikken, is in finansjele basis needsaaklik.
Strukturele middels
Foar de útfiering fan de basis fan it Frysk taalbelied is binnen de gemeentlike begrutting jierliks €15.000,beskikber. Dit bedrach wurdt ynset foar ûnder mear: • It ynkeapjen fan taalkursussen by de Afûk; • It organisearjen fan Fryske aktiviteiten; • Kommunikaasjemiddels.
Oanfoljende finansiering
Neist de strukturele middels set de gemeente yn op it benutten fan oanfoljende subsydzjeregelingen. De provinsje Fryslân stelt frijwol jierliks de subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal beskikber, wêrmei’t projekten foar befoardering fan de sichtberens fan it Frysk stimulearre wurde. Per jier kin de gemeente út dizze regeling maksimaal €10.000,subsydzje oanfreegje.
Meartaligenskoördinator per gemeente. Yn 2026 wurde de folsleine kosten fan de oanstelling troch de provinsje fergoede. Foar de gemeente Opsterlân is yn dat jier in bedrach fan €27.900,-, dêr’t in oanstelling fan 0,2 fte mei finansiere wurdt. De finansjele dekking foar de ynset fan in Meartaligenskoördinator foar de jierren nei 2026 is noch ûnwis. Mooglik moat de gemeente fan 2027 ôf in eigen bydrage leverje fan 25% fan it totale begruttingsbedrach fan de subsydzje-oanfraach. Dêrom wurdt fan 2027 ôf in berop dien op it struktureel jierliks beskikber stellen fan €28.000,- troch de ried foar de ynset fan in Meartaligenskoördinator. Dat bedrach is dan oanfoljend op it al takende budzjet fan €15.000,-.
Troch it oanfreegjen fan relevante subsydzjes kreëarje wy romte om nije projekten te finansierjen dy’t it gebrûk en de sichtberens fan it Frysk binnen de gemeente fersterkje. Jierliks wolle wy op syn minst ien nij projekt realisearje dat it Frysk stimulearret binnen ien fan de fiif domeinen. De kar en prioritearring fan dizze domeinen komme ta stân yn gearspraak mei ynwenners.
Meartaligenskoördinator
Mei yngong fan 2026 stelt de provinsje Fryslân fia de subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal ynsidintele middels beskikber foar de oanstelling fan in
21