Bijlage 1 taalbeliedsplan gemeente Opsterland-Frysk.docx
Tekst van het document
ROMTE FOAR TAAL TAALBELIED FRYSK GEMEENTE OPSTERLAND 2021 – 2025
July 2021 1
Foarwurd It taalbelied fan ús gemeente wie oan fernijing ta. As ferantwurdlik wethâlder bin ik bliid dat der no taalbelied leit dat oanslút by wat wy yn it koalysjeakkoard formulearre ha: “Taalbelied moatte jo net sjen as “papieren werklikheid” mar as “deistich yn praktyk bringe”. It moaiste fan de ôfrûne moannen fûn ik dat der in soad oer taal en Frysk praat is. Yn de organisaasje en ek dêr bûten. Mei ynwenners, meiwurkers en kollega’s, Frysk- en Nederlânsktalich. Gjin diskusjes, mar dialooch yn in goeie sfear, mei humor en each en ear foar elkoars gefoel en stânpunten. Ferrassend hoe tichtby elkoar dy soms lizze. It falt my op dat de Fryske identiteit sa sterk field wurdt yn ús gemeente. In mienskiplik gefoel dat ús ta gemeente Opsterland, ta de Opsterlânske mienskip makket. It docht my goed dat elk dy’t meipraat hat oer dit belied fynt dat we it Frysk allinnich mei syn allen libben hâlde kinne. As de gemeente dit belied útdraacht wurdt it gewoaner foar de ynwenners om harren taal te brûken. Ek foar de partnerorganisaasjes is it dan makliker en kinne sy wurkje oan foarbylden en situaasjes dy’t de gemeente wer helpe. Mei syn allen dus. As gemeente nimme we dêr graach it foartou yn. En lûk ús oan de jas as we ús rol net serieus genôch nimme! Ien ienfâldich advys hat my rekke: brûk it! Dêr soe ik elkenien ta útnûgje wolle.
Brûk it Frysk! Brûk it omdat it kin, sjoch it as in kâns om noch better oan te sluten en tichter byelkoar te kommen, om te learen. It is in foarrjocht om yn in meartalige gemeente te wenjen en te wurkjen, mei twa Rykstalen as fiertaal. Dit belied is in oprop en oantrún, benammen oan ússels as organisaasje, om se ek beide lykweardich te brûken. Libbe de Vries, wethâlder
2
Ynhâld Gearfetting
4
1. Ynlieding
5
1.1 Kaders
5
1.2 Basis fan it nije belied
5
1.3 Passend by Opsterland
6
2. Byld fan taal by en yn de gemeente Opsterland
7
2.1 Identiteit
7
2.2 Taal giet oer minsken en gefoel
7
2.3 Taal yn de gemeentlike organisaasje
7
2.4 Belang en kânsen
8
2.5 Konklúzje
9
3. Ambysje foar de kommende jierren
10
3.1 Doel
10
3.2 Utgongspunten
10
3.3 Tema’s
10
4. Utfieringsprogramma
12
Taheakke 1 List fan de fierde petearen
13
3
Gearfetting Dit taalbelied Frysk giet oer hoe’t it Frysk, neist it Nederlânsk, in (noch) better en natuerliker plak ynnimme kin yn de gemeentlike organisaasje fan Opsterland. Dat dy fraach rjochtfeardige is docht bliken út de petearen mei meiwurkers, bestjoerders, riedsleden, eksterne organisaasjes en ynwenners. Sy sjogge de gemeente Opsterland as in mienskip mei in sterke Fryske identiteit dêr’t de taal in belangrike uting fan is. Yn de mear formele setting fan de bestjoerlike omjouwing fan it gemeentehûs mei dat mear sichtber wurde en te hearren wêze. Want taal giet oer minsken, ek op it gemeentehûs. Ast mei syn allen oer taal praatst en begjinst fanút it persoanlike gefoel, dan komt der nij ynsjoch en wurde kânsen helder. Taal biedt alle mooglike kânsen en út de petearen die bliken dat der grutte reewilligens is om dy kânsen te pakken. Mei syn allen, elk fanút syn/har ferantwurdlikheid, posysje en kwaliteiten. Meiwurkers wolle leare, organisaasjes wolle gearwurkje en ûntwikkelje, ynwenners wolle meitinke. In moaie basishâlding foar in beliedsplan mei as titel en tema ‘romte foar taal’. Skreaun fanút de gedachte dat in gemeente der is foar har ynwenners en harren sa goed mooglik benaderje wol. Utgeande fan in tal ienfâldige prinsipes. Nuchter en praktysk as de Opsterlanners slút dit beliedsplan ôf mei in realistysk en te beteljen útfieringsplan.
Ommers, it giet der úteinlik om wat der yn de praktyk fan it belied op ‘e hispel komt.
4
1. Ynlieding It rinnende taalbelied fan de gemeente Opsterland (Actualisatie Fries taalbeleid Frysk en Fierder 2014 – 2018) is fêststeld yn 2013. Heech tiid en genôch redenen foar fernijing fan dat belied. 1.1 Kaders Sûnt 2013 binne de kaders foar it Frysk taalbelied feroare. We sette de jildende kaders hjir op in rychje. Wet gebruik Friese taal (2014) Dizze wet is yn 2014 oannommen troch de Ryksoerheid. De Wet gebruik Friese taal leit it brûken fan de Fryske taal yn it mûnling en skriftlik ferkear mei bestjoersorganen fêst. Gemeenten moatte aktueel taalbelied en in taaloardering hawwe. Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019 – 2023 Ofspraken tusken Ryk en provinsje Fryslân oer de Fryske taal en kultuer. Foar de gemeenten giet it om aktueel taalbelied, in taaloardering en ymplemintaasje fan it belied. Lange termyn aginda Frysk Ofspraken tusken de provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten. It doel fan de ôfspraken is dat it Frysk yn 2030 mear en ek mear yn formele situaasjes brûkt wurdt as no. It giet dan om de kommunikaasje tusken bestjoersorganen (de gemeente) en ynwenners. Bestjoerders ha in foarbyldrol. Koalysjeakkoard ‘Brêge nei de takomst 2018 – 2022’ Yn it koalysjeakkoard ‘Brêge nei de takomst’ fan de gemeente Opsterland is de folgjende ambysje opnommen oer it Frysk: Us Fryske taal is foar de kultuer en identiteit fan de mienskip fan grutte wearde.
Brûk dy taal yn it iepenbier bestjoer sa folle as mooglik is. Taalbelied moatte jo net sjen as “papieren werklikheid” mar as “deistich yn praktyk bringe”. Boppesteande kaders jouwe oanlieding om as gemeente Opsterland aktyf mei taalbelied oan de slach te gean. 1.2 Basis foar it nije belied As gemeente fine we it wichtich om it nije belied te basearjen op de deistige praktyk en de minsken dy’t dêr yn wurkje en libje. We ha dêrom gesprekken fierd: binnen de gemeentlike organisaasje, mei ynwenners, de gemeenteried en gearwurkingspartners fan de gemeente op it brede terrein fan ûnderwiis, kultuer en soarch. De gesprekken gienen oer taal, it belang dêrfan, omgean mei taal yn it wurk en de organisaasje, taal yn kontakt mei oaren, de mearwearde fan omtinken foar taal, ensafuorthinne. Dêr binne tema’s útkommen dy’t de basis foarmje fan dit belied. Yn taheakke 1 fine jo in list mei organisaasjes en (groepen) minsken dêr’t in petear mei west hat.
5
1.3 Passend by Opsterland In oar punt dat we wichtich fine is dat dit belied past by de gemeente Opsterland, sawol by de mienskip as de gemeentlike organisaasje. Ien ding is dúdlik wurden: dan moat it praktysk wêze. Dat is yn de ynhâld fan dizze notysje werom te lêzen en ek te sjen oan it útfieringsprogramma. Dit beliedsplan begjint mei in beskriuwing fan de wichtichste tema’s út de petearen oer taal yn de deistige praktyk yn Opsterland. Fanút dy praktyk giet it nei de winsken en ambysje foar de kommende jierren. It plan slút ôf mei in realistysk útfieringsprogramma.
6
2. Byld fan taal yn de gemeente Opsterland Taal is in ûnderwerp dêr’t je net gau oer útpraat reitsje. Dat wie ek de ûnderfining yn de petearen mei ynwenners fan Opsterland, organisaasjes, meiwurkers en bestjoerders. It doel fan de groepspetearen wie om nei elkoar te lústerjen, in dialooch te hawwen en alle ynfalshoeken op it kleed te krijen. It gie net om de diskusje en goed of ferkeard. It doel fan de petearen mei de organisaasje wie om ynsjoch te krijen hoe’t sy mei taal omgeane en wat sy fan de gemeente ferwachtsje of oarsom, wat sy foar de gemeente betsjutte kinne. De petearen ha in ryk ferskaat oan mienings, ynfalshoeken en tema’s opsmiten. Dêr bouwe we yn dit haadstik it byld oer taal yn Opsterland mei op. De folgjende tema’s stutsen der mei kop en skouders boppe út: identiteit, taal giet oer minsken en gefoel, ‘sa’t it útkomt’mentaliteit, belang en kânsen. 2.1 Identiteit Taal giet oer identiteit. Dat sizze de Frysktalige dielnimmers én de ymport (dat is de term dy’t se sels brûkten). It hat te meitsjen mei eigenheid, mei dy ûnderskiede en derby hearre. Opsterland ûnderskiedt him as gemeente mei in Fryske identiteit fine de dielnimmers. Dat sit him benammen yn de doarpen dêr’t de minsken oer it algemien Frysk prate. Allinnich Beetstersweach wurdt as in útsûndering sjoen.
De dielnimmers ferbine taal en identiteit ek direkt mei skiednis, it erfguod en de kultuer, de omjouwing dêr’t je yn libje. Dy is belangryk en moat behâlden bliuwe, bewarre om troch te jaan oan folgjende generaasjes. It gefoel dat dêr by heart is grutskens. De partnerorganisaasjes binne har tige bewust fan de Fryske omjouwing dêr’t se yn operearje. It set oan ta tinken oer belied en oer hoe’t se (yn hokker taal) se learlingen, âlders, klanten of publyk it bêste benaderje kinne. 2.2 Taal giet oer minsken en gefoel Taal giet oer minsken en harren wêzen. Taal is kommunikaasje tusken minsken en kin sawol gefoelens útdrukke as oproppe. “Als het emotioneel wordt schakelen de Friezen zomaar over op het Fries”, fertelde in dielnimmer oer syn erfarings. “Dat begryp ik wol”, reagearre in oare dielnimmer: “Omdat it dy rekket en dan sprekt de taal fan it hert”. Tagelyk fielde de earste dielnimmer him troch dat oerskeakeljen bûtensletten. Positive en negative gefoelens lizze ticht byelkoar. Taal is in krêftich middel om te ferbinen. Taal kin der foar soargje datst dy serieus nommen fielst troch de oar, it gefoel datst der ta dochst. Ien fan de Nederlânsktalige dielnimmers fertelt: “Wanneer ik een paar woorden Fries gebruik, breekt dat meteen het ijs”. Fan de oare kant kin it wol of net brûken fan in taal kwetse.
Faak bart dat ûnbewust, ha we net yn de gaten wat it brûken fan taal mei de oar docht. In dielnimmer fertelt: “Ik praat Frysk as ik op it gemeentehûs kom. Ik fyn it noflik as ik dêr yn it Frysk te wurd stien wurdt. As ik dêr net Frysk prate kin omdat de oar my net begrypt of net Frysk prate wol, dan fiel ik my minderweardich makke”. Troch de goeie taal op it goeie momint yn te setten kinst in soad winne en de kwaliteit fan de kommunikaasje ferbetterje. 2.3 ‘Sa’t it útkomt’- mentaliteit De gemeentlike organisaasje is meartalich ast nei it mûnling taalgebrûk sjochst. Sjoen de gearwurkingspartners fan de gemeente (gemeenten Oost- en Weststellingwerf) en de lizzing fan de gemeente (grinzjend oan Grins, Drinte en de Stellingwerven) hiel logysk. Der wurdt yn 7
alle gefallen Frysk, Nederlânsk en Stellingwerfsk sprutsen. Ynformeel en ûnder elkoar in soad Frysk. Yn oerlizzen hat it Nederlânsk de oerhân. De begjintaal is ôfhinklik fan de persoan, mar it Nederlânsk liket de boppetoan te fieren. Der wurdt in soad oerskeakele fan Frysk nei Nederlânsk. Der binne net in soad gesprekken wêrby’t de iene persoan Frysk praat en de oare Nederlânsk. Ast it algemiene nûmer bellest wurdt de telefoan yn it Nederlânsk opnommen. It ‘yn petear’ bantsje is ynsprutsen yn it Frysk en Nederlânsk. Hokker taal in besiker praat mei in meiwurker hinget ôf fan de taal dy’t de meiwurker sprekt. Skriftlik is de organisaasje ientalich. Stikken wurde yn it Nederlânsk skreaun. Allinnich as der in brief of mail yn it Frysk komt wurdt dy yn it Frysk beantwurde. De skriftlike kommunikaasje fan de gemeente nei bûten ta is yn it Nederlânsk. Oan de foarkant fan it gemeentehûs falt fuort ‘gemeentehuis’ op. Der wapperje flaggen mei in trijetalich (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk) wolkom. Ast fierder rinst falt yn de hal de dûbeldtalige bebuording op: receptie/resepsje, toiletten/húskes, balie/baalje. Itselde jildt foar de riedseal en de sprekkeamers. Ynstruksjes, meldings, de ynformaasjemonitor en de ‘oanmeldzuil’ binne yn it Nederlânsk. Soms wurdt in gat tusken de gemeentlike organisaasje en de Fryske identiteit fan de Opsterlânske mienskip erfaren.
2.4 Belang en kânsen Elkenien is posityf oer it Frysk en fynt it belangryk. It belang sit yn meardere aspekten, de folchoarder is willekeurich: • it bewarjen, yn stân hâlden en trochjaan fan de taal • lykweardigens fan talen • de kwaliteit fan de tsjinstferliening • rjocht dwaan oan de ynwenners fan Opsterland • de mearwearde fan meartaligens Ynhâldlik sjoen sjogge organisaasjes in soad kânsen. Der lizze ferbinings mei tema’s as laaggeletterdheid, dyslexie, taalûntwikkeling, kansengelijkheid, kultuer, ynboargering en partisipaasje. It belang dat de ûnderwiisorganisaasjes en de grutste berne-opfangorganisaasje hechtsje oan taal ha sy ferwurde yn belied. Sy binne dat trouwens ek ferplichte troch de wet. De kulturele organisaasjes hawwe gjin taalbelied. Sy hannelje út klantfreonlikens en besykje oan te sluten by de taal dy’t de besiker, klant of it publyk brûkt. Ek de soarchorganisaasje hat gjin taalbelied. It sit lykwols yn it DNA fan it personiel om safolle mooglik oan te sluten by de minsken dêr’t se de soarch foar ha. Dat jildt ek foar de taal. It is moai om te sjen dat organisaasjes ree binne om gear te wurkjen. Sterker noch, se sjogge it as de iennige manier om it Frysk in better plak te jaan en mear sichtber te meitsjen. Se sette har dêr graach foar yn. Meiwurkers fan de gemeente binne ree om te learen.
Se binne troch de petearen bewuster wurden fan de rol fan taal yn harren wurk en de mearwearde dy’t dat hat foar de tsjinstferliening.
8
2.5 Konklúzje Opsterland is in gemeente mei in sterke Fryske identiteit, woartele yn de doarpen. In meartalige gemeente, mei it Frysk as stevige basis. Dy identiteit en Frysktaligens is net yn deselde mate werom te finen en te hearren yn de gemeentlike organisaasje. De taalsituaasje is dêr divers te neamen, sa’t it útkomt, ôfhinklik fan persoanen. Dat soe útnûgjender en better oanslute kinne by de taalsituaasje yn de gemeente. Omdat it om minsken giet! Allinnich al troch meielkoar te praten oer taal en nei elkoars erfarings en mienings te lústerjen is der bewustwêzen en begrip ûntstien. En it ynsjoch dat stânpunten soms tichter byelkoar lizze as tocht. In goeie basis om op in praktyske wize mei taal oan de slach te gean.
9
3. Ambysje foar de kommende jierren Oanslutend op de konklúzje út it foarige haadstik formulearje we hjir de ambysje foar de kommende fjouwer jier. 3.1 Basis: tsjinstferlienende organisaasje De gemeente Opsterland is in tsjinstferlienende organisaasje dêr’t kwaliteit foarop stiet. In organisaasje dy’t der is foar de minsken fan Opsterland en harren sa goed mooglik berikke wol. Dat betsjut wat foar de taal dy’t de gemeente sprekt. De taal dy’t meiwurkers en bestjoerders brûke yn it kontakt mei de ynwenners, mar ek wat je dêr as organisaasje oer útstrielje. 3.2 Tema: romte foar taal Romte foar taal betsjut dat elke taal der wêze mei en brûkt wurde mei. En dat talen lykweardich binne, de ien net belangriker as de oar. Elk mei syn/har taal prate, as we elkoar mar ferstean kinne. Dat jildt foar ynwenners en meiwurkers/bestjoerders. Romte foar taal betsjut ek respekt foar elkoars taal en dy bewust wêze fan de gefoelens dy’t (it brûken fan) taal oproppe kinne. Letterlik betsjut romte foar taal ek dat taal besprekber is: it is ûnderwerp fan gesprek yn oerlizzen (kin elk syn eigen taal prate?) of in earste fraach oan de klant (hokker taal prate jo it leafst?). Ta beslút hat romte foar taal te krijen mei dat taal sichtber is. As je taal sjogge fiele je je útnûge en wolkom om it te brûken.
Dy sichtberheid wurdt fersterke troch wat de gemeente dêr yn syn kommunikaasje oer útstrielet, de stânpunten dy’t de gemeente der oer ynnimt en de foarbyldrol dy’t de gemeente pakt. 3.3 Utgongspunten Frysk ferstean as basisnivo Yn in gemeente dêr’t it Frysk sa dúdlik fiertaal is kin it net oars as fersteane de meiwurkers fan de gemeente allegear Frysk. Dat is it basisnivo. Oanslute by de taal fan de klant Oanslute by de taal fan de klant makket diel út fan in goeie tsjinstferliening. De ambysje is hjir om te stribjen nei in aktive behearsking fan it Frysk foar meiwurkers yn publyksfunksjes dêr’t taal yn it kontakt mei de klant it ferskil meitsje kin (bygelyks it gebietsteam). Utnûgjend Meiwurkers dy’t it Frysk machtich binne begjinne in petear yn it Frysk. Dit liket tsjinstridich oan ‘romte foar taal’. De erfaring is lykwols dat de fiertaal gau Nederlânsk wurdt, ek tusken Frysktaligen. Meiwurkers dy’t it Frysk praten net machtich binne jouwe oan dat de klant Frysk prate kin.
10
Passend by Opsterland Passend by Opsterland betsjut dat de gemeente kiest foar in praktyske en kreative oanpak. It ferskil sit yn lytse aksjes, oanpassings en gewoan dwaan. Mei syn allen Alle meiwurkers by de gemeente brûke taal. As gemeente bist dêrom ek mei syn allen ferantwurdlik foar it taalbelied en de praktyske útwurking dêrfan. En ‘mei syn allen’ is noch breder: it giet om it meielkoar oplûken as hiele mienskip fan Opsterland. Ynwenners, doarpsbelangen, bedriuwen en partnerorganisaasjes. As mienskip draachst sa mei syn allen de taal.
11
4. Utfieringsprogramma Wat betsjut dy ambysje yn de praktyk? Yn dit útfieringsprogramma is de ambysje fertaald nei aksjepunten. Realistysk, te behappen en betelber. Brûk it Frysk! (prate) • Meiwurkers/bestjoerders by de gemeente dy’t it Frysk machtich binne begjinne in petear yn it Frysk; • Meiwurkers fan it Publykssintrum nimme de telefoan yn it Frysk op (oare meiwurkers kinne dit fansels ek dwaan); • Meitsje taal besprekber: standert begjint elk oerlis mei de fraach oft elk syn/har taal prate kin (oant it gewoan wurdt); • Frysktalige meiwurkers geane it ekspearimint oan om Frysk praten te bliuwen mei NLtalige kollega’s (ha it der oer, se jouwe oan dat se it leuk fine en der fan leare!); Brûk it Frysk! (skriuwe) • Brûk it Frysk yn parseberjochten en wurkje ta nei in relevante ferdieling yn Nederlânsk/Frysk; • Brûk it Frysk op de webside en social media.
Dat kin boartlik en kreatyf; Lear it Frysk! • Bied meiwurkers dy’t Frysk ferstean/praten/lêzen/skriuwen leare wolle in kursus oan; Nûgje út! • Meiwurkers dy’t it Frysk net machtich binne, mar wol fersteane, nûgje harren (Frysktalige) gesprekspartner út om Frysk te praten; • De oanmeld ’zuil’: meitsje de peal sa dat minsken oanjaan kinne oft se yn it Frysk of Nederlânsk te wurd stean wurde wolle; • Meitsje yn de hal noch mear dúdlik dat minsken Frysk en Nederlânsk prate kinne; • Meitsje taal besprekber: yn teamoerlizzen is taal in punt op de aginda (erfarings útwikselje, wat is der nedich); Draach it Frysk út! • Draach as gemeente de identiteit fan de gemeente op in entûsjaste wize út en ferbyn dat ek oan de tsjinstferliening fan de gemeente, fertel oer watst belangryk fynst oan taal en watst der mei dochst as gemeente; • Meitsje fan taal in fêst agindapunt yn de oerlizzen mei partnerorganisaasjes; • Meitsje mei de ûnderwiis- en kultuerpartners in ûntwikkelaginda foar it Frysk om taal te ferbinen oan erfguod, omjouwing en keunst/kultuer.
-
12
Taheakke 1 List fan de fierde petearen (Foarskoalsk) ûnderwiis Kinderwoud – Irene Wajon - pedagooch Comprix – Sjoerd Bonnema – beliedsmeiwurker ûnderwiis VCSO – Willem Jongsma - bestjoersdirekteur School Lyndensteijn – Tseard Fabriek - direkteur Burgemeester Harmsma School – Esther Brouwer – tiimlieder en ûnderwiiskundige Kultuer De Skâns – Atty Ekema – direkteur-bestjoerder De Biblioteek Zuidoost Fryslân – Roelov Kuipers - programmamanager Museum Opsterlân – Hein Sterk – frijwilliger It Damshûs – Ittsje Wolthers – bestjoerslid en frijwilliger De Tropische Kas – Hélène Verzijl – bestjoerslid en frijwilliger Soarch ZuidOostZorg – Ingrid Dijkstra – projektlieder Gemeentlike organisaasje Twa petearen mei meiwurkers (8) Petear mei teamlieders (3) Petear mei it kolleezje fan b&w Petear mei de ried (11) Ynwenners Petear mei ynwenners (5)
13