CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

Berjocht kolleezje oer tasizzing Frysk Taalbelied

Raadsvergadering 2 maart 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Taalbelied 'Mei-inoar Frysk' (B)211 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Yn de oriïntearjende riedsgearkomste fan 9 febrewaris 2026 hat wethâlder Durksz tasein dat de ried ynfloed hawwe kin op de ynhâld fan de útfieringsaginda en dat hy neitinke sil oer de wize wêrop. Yn it beliedsplan Mei-inoar Frysk stean de strategyske doelen, dy ‘t yn de útfieringsaginda útwurke wurde ta konkretere, taktyske doelen. It kolleezje stelt dizze aginda fêst. Hjiryn steane per jier hokker doelen neistribbe wurde, hokker aktiviteiten derby hearre, wat it kostet en wa’t ferantwurdlik is. It foarstel is om de taktyske doelen foar 2027 yn septimber 2026 mei in riedsynformaasjebrief oan de ried oan te bieden. De ried kriget dan fjouwer wiken de tiid om opmerkings of winsken troch te jaan. It kolleezje ferwurket dizze ynbring by de definitive fêststelling en lit witte hoe it meinommen is. Om’t de aginda ek de basis is foar subsydzje-oanfragen, moat dizze elts jier yn desimber definityf wêze. Dizze wize fan wurkjen begjint yn 2027; de hjoeddeistige aginda is basearre op it beliedsplan Romte foar taal. In foarbyld fan in taktysk doel is: Yn 2026 krije safolle mooglik middenbou learlingen yn Opsterlân in Frysk berneboek; de skoallen bepalen sels as se meidwaan wolle. De gemeente stimulearret it lêzen fan it Frysk en de sichtberens fan de taal thús.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=b18c77cd-4736-4036-ae2f-1e83fd80bc9e