CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B17 Skriftlike fragen FNP - Frysk yn Opsterlân

Raadsvergadering 30 september 2024, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)199 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder)

Datum:

7 juny 2024

Fraachsteller:

Mirjam Bergsma

Underwerp:

Frysk yn Opsterlân

Taljochting:

Yn april fan dit jier is de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) ûndertekene troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken. Hjiryn binne ferskate saken regele, lykas dat der yn eltse gemeente yn Fryslân in Meartaligenskoördinator komme moat, komt der romte foar Fryske ferkearsbuorden en krijt it Frysk foet oan de grûn op de skoallen. Yn ferskate gemeenten sjogge wy hjir al de earste útwerkingen fan. Sa is koartlyn nei de Waadhoeke ek yn Noardeast-Fryslân al in meartaligenskoordinator oannaam. It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: •

Wannear kinne wy yn Opsterlân de earste útwerkingen sjen nei oanlieding fan de BFTK? Welke stappen hat de gemeente al ûndernaam hjiryn?

•

Wannear sil de gemeente in fakatuere útskriuwe foar de Meartaligenskoordinator? En wat ferwachtet it Kolleezje fan dizze funksje?

•

Is it de gemeente ek dúdlik hoe bygelyks skoalkoepel Comprix, mei leafst 11 basisskoallen yn Opsterlân, it Frysk in plak jaan sil op harren skoallokaasjes?

•

Hoe sjocht de gemeente oan tsjin Frysktalige ferkearsbuorden en wannear kinne wy dizzen yn it strjitbyld ferwachtsje?

Mirjam Bergsma, FNP Opsterlân Undertekening en namme

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=31414960-fb72-4246-b06d-370fce83905a