CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B16 Skriftlike fragen oer werûntwikkeling gebiet skoallen De Tynje - FNP

Raadsvergadering 27 januari 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)283 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder)

Datum:

9 desimber 2024

Fraachsteller:

Harm de Jong

Underwerp:

Werûntwikkeling gebiet skoallen De Tynje

Taljochting:

Op 8 desimber 2024 makke it kolleezje bekend fia sosjale media dat der plannen binne foar it op nij ûntwikkelje fan it part fan de Master Roordawei wêrop de âlde skoallen stean. Yn de tuskenfaze wurde de gebouwen beheard troch CareX, dizze krije de frije hân om wenningsykjende hjir in tydlike wenromte te jaan.

Fragen:

It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen:

Undertekening en namme:

-

Is der sicht op it (maksimale) tiidsbestek dat CareX de gebouwen beheard?

-

Kloppet it dat der gjin betingsten binne stelt oan it oantal minsken as húshâldings?

-

In opsje is fansels dat der statushâlders fêstige wurde troch CareX. Is it kolleezje fan miening dat in doarp as de Tynje de foarsjennings hat en oare middels om harren goed op wei te bringen yn de mienskip?

-

Is of wurdt der ek rekken hâlden mei minsken mei in sosjale en ekonomyske bining mei it doarp dy bygelyks graach in (tydlike) wente ha wolle yn harren doarp, lykas starters?

-

Wurdt der by de festiging fan bygelyks húshâldingen mei (jonge) bern ek sjoen nei de beheinde romte (yn guon groepen) op de basisskoalle of is dit net oan de oarder?

-

Wa betellet de ekstra kosten dy makke wurde moat om yn in koarte tiid de gebouwen skikt meitsje foar bewenning?

-

Werom is der net besletten om it gebiet earder te werûntwikkelje en rapper ta nijbou te kommen. Dat der fraach is nei huzen en dat de skoallen ticht gienen wie dochs al in knap skoft bekend en hie dochs ûnnedige kosten besparje kind?

Harm de Jong, FNP Opsterlân

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=da8b47b8-e992-4694-93d4-006a33848c31