CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B15 Skriftlike fragen oer beammekap Lippenhuzen - FNP

Raadsvergadering 27 januari 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)345 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder)

Datum:

2 desimber 2024

Fraachsteller:

Mirjam Bergsma

Underwerp:

Beammekap Lippenhuzen

Taljochting:

Healwei novimber binne der ferskate beammen kapt oan De Buorren yn Lippenhuzen. Ferskate bewenners kleie oer de gong fan saken by dizze beammekap. Sa soenen hja net op de hichte brocht wêze fan it kappen fan de beammen en binne der beammen kapt dy’t net siik wienen. Bewenners jouwe oan harren soargen te meitsjen oer de tanimmende faasje fan it ferkear no’t de beammen fuort binne as optyske barriêre. Ek libje der fragen oer de gong fan saken nei de takomst ta. Op fragen fan bewenners oan de gemeente is sein dat der no earst ûndersyk dien wurde moat nei of’t der alhielendal wol wer beammen foar yn it plak komme. Dat ûndersyk sil pas oar jier of sels yn 2026 barre. Dizze gong fan saken, benammen oanbelangjende de wize wêrop de kapfergunning omskreaun wurd, en de problemen dy’t hjir útkomme (minsken binne net bekend mei de kap en sjogge ynienen dat de beammen fuort helle wurde) hearre wy ek fan oare doarpen út. It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: -

-

-

Undertekening en namme

Wêrom wurd der by de kap fan beammen op in lokaasje sa’n algemiene beskriuwing yn de fergunning opnaam (‘Kennisgeving besluit op aanvraag Omgevingsvergunning, diverse adressen gemeente Opsterland’) dat nimmen yn de omjouwing hjir in melding fan krijt? Kin dit net oars? Sa ja, hoe? Sa nee, wêrom net? Binne der op dizze lokaasje (De Buorren, Lippenhuzen) ek beammen kapt dy’t net siik wienen? Sa ja, wêrom binne dizze beammen ek fuort helle? Wêrom is der yn it foar gjin ûndersyk dien nei it mooglik werom plantsjen fan beammen? Wêrom moatte bewenners mooglik twa jier wachtsje op de útkomsten fan sa’n ûndersyk? Wêrom kin soks net op koarte(re) termyn? Wurd de ferkearsfeiligens ek meinaam by it weromplantsjen fan beammen? Of wurd der ek neitocht om de snelheid fan it ferkear op in oare wize te minderjen? Sa ja, hoe?

Mirjam Bergsma, FNP Opsterlân

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=75f901fe-64dd-4933-93d1-0b4a89acacb0