CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B11 Riedsbrief Beäntwurding fragen annulearre Dorpsloop Nij Beets

Raadsvergadering 22 september 2026, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)309 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Oan de gemeenteried Uw kenmerk: Uw brief van: Ons kenmerk: Behandeld door: tel.nr.: bijlagen: Z2026-00002337 W.J.Dijk Beetstersweach, 18 augustus 2026 ferstjoerd, 20 augustus 2026 Underwerp: Beäntwurding oanfoljende fragen annulearre Dorpsloop Nij Beets Achte ried, Op 23 april 2026 hawwe boargemaster en wethâlders skriftlike fragen beäntwurde fan FNP Opsterlân oer it annulearjen fan de Doarpsloop Nij Beets en de ekstra regeldruk om it organisearjen fan eveneminten hinne. Yn de riedsgearkomste fan 2 juny binne mûnling oanfoljende fragen steld troch Harm de Jong fan FNP Opsterlân. Mei dit skriuwen beäntwurdzje wy dy de oanfoljende fragen mei dêrop ús reaksje: Oanfoljende fragen 1: • Wa is de helpende hân by it oanfreegjen fan fergunningen? • Is dat by de ferieningen bekend en hoe wurdt dit kommunisearre? Antwurd: Organisaasjes kinne terjochte by de ferieningsstiper en de fergunningferlieners. De ferieningsstiper is heal april úteinset. Sy is begûn mei it sykjen fan kontakt mei Pleatslike Belangen en doarpshuzen en hat yn in tal gefallen stipe jûn. Sy hat har ûnderwilens foarsteld yn de lêste edysje fan de ‘Nijsbrief foar en út de doarpen’. De webside is ûnderwilens sa oanpast dat de ynformaasje foar alle ferieningen en stichtingen maklik te finen is. As der fragen of ûndúdlikheden binne oer de oanfraach, kin altyd kontakt opnommen wurde mei de fergunningferlieners.

“Om’t de fergunningferlieners de oanfraach ek beoardielje moatte, folje sy net de hiele oanfraach yn. De measte organisaasjes hawwe al faker in evenemint oanfrege en witte de fergunningferlieners ek wol te finen. Op de webside stiet oanjûn dat by fragen kontakt opnommen wurde kin. Wy fertrouwe derop dat wy jo fragen hjirmei beäntwurde hawwe. Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt opnimme mei W.J.Dijk fan de ôfdieling Fergunningen, Tafersjoch en Hânhaving.: vergunningen@owo-gemeenten.nl. Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders, de gemeentesekretaris de boargemaster Sandra van 't Hooge Andries Bouwman

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://opsterland.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/d085388f-6fd0-4a3e-8b8a-1a4f4b723ad5?agendaItemId=282b7b56-666f-4f32-a8a3-695803ebe065