CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B10 Skriftlike fragen FNP oer belied wolven

Raadsvergadering 24 februari 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)533 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder)

Datum:

8 jannewaris 2025

Fraachsteller:

Harm de Jong

Underwerp:

Aktyf beskermje fee en lytsfee tsjin oanfallen fan (probleem)wolven

Taljochting:

Yn Opsterlân hat him wer in oanfal foardien troch ien of meardere wolven wêrby yn Jonkerslân 13 skiep dea biten binne. It tal oanfallen nimt hieltiten mear ta. De lannen dy’t ûnderskriuwers binne fan de Konvinsje fan Bern binne foarnimmens om de strikt beskerme status no einliks te ferleegjen. Mar foardat dit safier wêze sil freget de burokrasy yn Europa om in tiid fan teminsten oardel jier, foardat de Habitatrjochtline feroare wurdt. Dit betsjut dat it fee yn ús lân yn prinsipe fûgelfrij bliuwt. Underwilen wurd der ek wurke oan in Wolveplan troch de tolve provinsjes, yn it konsept kinne wy lêze dat de ferantwurdlikens noch mear by de boeren dellein wurd troch harren ferantwurdlik te meitsjen foar de oanfallen as sy sels gjin beskermjende maatregels nimme. Wy begripe dat soks in konsept is en begripe ek dat in oplossing fan twa kanten besocht wurde moat mar it is fansels fernuverjend dat Europa har sels 1,5 jier jout om in status te ferleegjen wylst ús provinsjes miskien wol de boeren no al ferantwurdlik meitsje wolle, dizze iensidigens en burokratyske sjerperigens soarget foar mear ûnfrede, wylst de roedels en it tal wolven mear en mear tanimt. Yn Sweden binne guon autoriteiten al oergien ta it negearen fan de strikt beskerme status fan de wolf, ek al meitsje sy diel ut fan de ûndertekeners fan ‘Bern’ en wurdt der al jeit op wolven om it tal te beheinen.

De fraksje fan de FNP Opsterlân sjocht dat de wolf hieltiten mear terrein wint en dat 1,5 jier neat dwaan swiere gefolgen hawwe sil. Yn 2012 gie it om 275 bisten dy’t it slachtoffer wienen fan de wolven, yn 2023 wienen dit krap 1200 en yn 2024 gie it al oer it dûbele. Sa’n ekspansjonele groei freget net allinnich om oanpakken mar ek trochpakke, 1,5 jier wachtsje op in statuswiziging sil dan ek foar in noch grutter tal slachtoffers soargje.

Fragen:

It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: -

Hat it kolleezje, sjoen dat de wolf no al 5 jier aktyf is mei ferskuorrende gefolgen foar guon boeren en eigners fan lytsfee, ek in partisipearjende rol yn it provinsjaal oerlis oangeande it wolveplan?

-

Is it kolleezje ek fan miening dat it oardel jier wachtsjen op de ferleging fan de beskerme status net op weaget tsjin de skea dy’t yn de tuskentiid oanrjochte wurd oan skiep, oar fee en bygelyks húsbisten?

-

Is de oanfal dy’t no yn Jonkerslân plak hân hat net in reden om lykas yn Sweden (en ek Eastenryk) ris nei te tinken om op de regels foarút te rinnen?

-

Is it kolleezje ek fan miening dat mei it konsept Wolveplan de ferantwurdlikens foar wolveskea wol hiel iensidich by de eigners fan fee dellein wurd wylst it wachtsjen op de oanpassing fan de Habitatrjochtline de oerheid alles behalve ûntslacht fan harren ferantwurdlikens?

-

Kin it kolleezje yn oparbeidzjen mei de provinsje in lobby starte om de oanpassing fan de Habitatrjochtline te fersnellen?

Harm de Jong FNP Opsterlân Undertekening en namme:

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=727414be-8c55-4a80-85b6-a7f248b08d03