B09 Taheakke 1 Skriftlike fragen FNP oer Blombakken Breewei de Tynje
Tekst van het document
SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder)
Datum:
1 novimber 2025
Fraachsteller:
Harm de Jong
Underwerp:
Blombakken Breewei De Tynje
Taljochting:
Oan de Breewei op de Tynje binne sûnt inkelde wiken ferskate blombakken pleatst mei as doel om ferkear ôf te remjen dy’t it doarp trochkrúzgje tusken bygelyks Nij Beets en de N392. Dizze pleatsing hat ferskate ferkearsbrûkers bot fernuvere. It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: -
Is pleatsen fan dizze blombakken in winsk fan út it doarp west, sa ja troch hokker kanalen is soks gien
-
Is dizze opstelling in proef as is dit der delsetten foar in ûnbepaalde tiid
-
Ferskate minsken wize ús derop dat der no krekt nuodlike sitewaasjes har foardogge dêr der no krekt hurder riden wurdt troch guon om noch in blombak te passearen, wurdt dit monitoart of falt it neffens it kolleezje in slach ta?
-
Earder hat der yn de ried ek petear west oer de sitewaasje op de Breewei en it swiere lânbouferkear en fracht- en busferkear yn kombinaasje mei skoalbern dy’t nei harren skoalle fytse. Doe waard der noch foarstelt om oer it oare part fan de Breewei te riden, dit wie neffens de wethâlder te smel. Mei de werynrjochting fan it part fan de Breewei by de skoalle en it no pleatsen fan blombakken liket it derop dat dit part no noch smeller is. Kloppet dizze ferûnderstelling?
-
Binne de blombakken neffens it kolleezje goed sichtber by donker en by dizich waar
-
Hoe giet it kolleezje om mei klachten fan brûkers oer de blombakken op sosjale media en it it gemeentehûs?
Harm de Jong FNP Opsterlân Undertekening en namme: