CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B09 Skriftlike fragen FNP oer fêstigje flechtlingen Nij Beets-Oerterp

Raadsvergadering 24 februari 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)510 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder) Datum: Fraachsteller: Underwerp: Taljochting:

Fragen:

Undertekening en namme:

29 jannewaris 2025 Harm de Jong Undersyk fêstigje flechtlingen en statushâlders Nij Beets en Oerterp Okkerdeis is bekend wurden dat Opsterlân ûndersykje wol of it mooglik is om yn Nij Beets en Oerterp twa lokaasjes (twa âld skoallegebouwen) ree te meitsjen foar opfang fan statushâlders (Oerterp) en Oekraynske flechtlingen (Nij Beets). Dit hat ta in soad opskuor liede yn de doarpen. Sawol de omfang as ek de wize fan kommunikaasje oer it plan wurde hjir as oarsaak foar neamd. In soad ynwenners litte witte dat sy it fernuverjend fine dat sy net yn it foar meinaam binne yn it tinken oer dizze plannen. Derneist is der in soad konsternaasje yn it plak Nij Beets wêr no krekt in soad fraach fan jongerein yn it doarp is nei betelbere wenten. Ek no wer wurdt by in âld skoalle de minsken ferrast mei in oare bestimming dan dat sy foar eagen hienen. Earder hat de FNP ek al fragen stelt oer de wize wêrop de âld skoalle fan de Tynje beheart wurdt. It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen: 1. Is it kolleezje fan miening dat sy mei de wize wêrop sy no de boargers ynformearje de goede wize keazen ha yn stee fan yn it foar mei omwenners om ‘e tafel te sitten en is sy fan miening dat soks yn it foar op de sosjale media te setten, tagelyk mei de brief oan de boargers handich planne is. 2.

Kin it kolleezje it sentimint begripe dat by boargers libbet dat harren eigen jongerein mei in wentefraach op in twadde plak setten wurde en wat ken sy bygelyks dwaan om dit sentimint fuort te nimmen? 3. Neidat wy koartlyn al romte makke ha foar statushâlders op De Sweach leit der no al wer in plan foar Oerterp, neffens ús leinen wy kwa opjefte fan it ryk al aardich op skema, is der in aktuele needsaak dat it kolleezje der foar keazen hat om yn sa’n koart skoft alwer in lokaasje foar statushâlders oan te wizen? 4. Op it stuit rinne wy op de wetlike taakstelling in sân minsken efter, der wurdt ek sprutsen om in buffer te realisearen om de ôfname fan partikuliere opfang op te fangen. Werom wurdt der net keazen om der foar te soargjen dat dy partikuliere opfang behâlden wurdt, soks moat dochs in soad minder middels kostje en boppedat kin jo dan sa’n skoalle oanwende foar wentebou lykas sosjale hier. Mei bygelyks ek romte foar ien of twa Oekraynske húshâldings neist romte foar bygelyks starters. Is sa’n hybride oplossing net it ûndersykjen wurdich? 5. Yn in straal fan krapoan fiif kilometer fan it plak Nij Beets wurde ek al twahûndert Oekraynske flechtelingen opfong yn Smellingerlân. Kin jo hjir net mei stelle dat yn dizze hoeke yn ferhâlding al in hiel soad minsken opfong wurde? 6.

Is der yn it foar ek mei fertsjinwurdigers fan de pleatslike belangen sprutsen oer de plannen? Harm de Jong FNP Opsterlân

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=e0c19e9c-577c-4c04-85f0-dbc3c18e2400