CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B09 Beantwurding skriftlike fragen FNP oer Blombakken Breewei de Tynje

Raadsvergadering 15 december 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)680 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Zaaknummer: 0086236046

1/2

Oan ‘e ried

Jo skaaimerk:

Jo brief fan:

Ús kaaimerk:

Behannele troch:

Telefoan:

Taheakken(n):

Geen

1 november 2025

0086236046

Hendrik Hoekstra

(0512) 386 222

1

Ûnderwerp: Skriftlike fragen FNP blombakken Breewei de Tynje

Beetstersweach, 18 novimber 2025 Ferstjoerd op: 20 novimber 2025

Achte ried, Op 1 novimber hat mefrou Bergsma fan de fraksje fan de FNP skriftlike fragen steld oer de pleatste blombakken op de Breewei in de Tynje. Yn dizze brief beäntwurdzje wy de fragen. Yn de bylage fine jo de fragen van de FNP mei de taljochting. 1. Is pleatsen fan dizze blombakken in winsk fan út it doarp west, sa ja troch hokker kanalen is soks gien. De winsk om faasjeminderjende maatregels te nimmen op de Breewei komt fan Pleatslik Belang De Tynje. Sy hawwe dêrfoar sels in inisjatyf naam en soarge foar de blombakken. Amtlik is meitocht oer de lokaasjes en is de goede refleksje levere. Foar alle ynwenners bestiet der in mooglikheid foar it nimmen fan sa'n inisjatyf. De spulregels steane op de gemeentlike webside: https://www.opsterland.nl/initiatief-in-de-openbare-ruimte. 2. Is dizze opstelling in proef as is dit der delsetten foar in ûnbepaalde tiid De faasjeremmers binne der yn earste ynstânsje delset as oerbrêging oant de takomstige oanpak fan de Breewei foar de Trochfytsroute Drachten - It Hearrenfean. De útfiering dêrfan stiet pland yn 2027. De blombakken passe nei alle gedachten net by de takomstige ynrjochting as trochfytsrûte. Der sil dan in oar plakje foar socht wurde yn it doarp. 3.

Ferskate minsken wize ús derop dat der no krekt nuodlike sitewaasjes har foardogge dêr der no krekt hurder riden wurdt troch guon om noch in blombak te passearen, wurdt dit monitoart of falt it neffens it kolleezje in slach ta? Us ûnderfining mei de blombakken as faasjeremmer út de oare doarpen yn de gemeente is posityf. Wy hâlde de situaasje yn de gaten en kinne per lokaasje de bakken altyd noch in bytsje ferpleatse.

Zaaknummer: 0086236046

2/2

4. Earder hat der yn de ried ek petear west oer de sitewaasje op de Breewei en it swiere lânbouferkear en fracht- en busferkear yn kombinaasje mei skoalbern dy’t nei harren skoalle fytse. Doe waard der noch foarstelt om oer it oare part fan de Breewei te riden, dit wie neffens de wethâlder te smel. Mei de werynrjochting fan it part fan de Breewei by de skoalle en it no pleatsen fan blombakken liket it derop dat dit part no noch smeller is. Kloppet dizze ferûnderstelling? Op 'e hichte fan de blombakken is de rydbaan yndie smeller. Dit is just de bedoeling om it ferkear op elkoar wachtsje te litten. De situaasje is net ien op ien te fergelykjen mei de doe besprutsen alternative rûte. 5. Binne de blombakken neffens it kolleezje goed sichtber by donker en by dizich waar Ja, de bakken binne foarsjoen fan de goede klasse 2-refleksje, dy’t heart by dit type dyk yn in ferbliuwsgebiet. De Breewei is in hiemtagongswei yn de beboude kom, mei in tastiene maksimumfaasje fan 30 km / oere. By it gebrûk dat hjirby heart, is de stilhâldôfstân altyd binnen de sichtôfstân. 6. Hoe giet it kolleezje om mei klachten fan brûkers oer de blombakken op sosjale media en it gemeentehûs? Wy sjogge sosjale media as in leechdrompelich platfoarm dêr’t elkenien (bytiden ûnfundearre) syn miening jaan kin.

Utsein as der grinzen oerskrieden wurde, besykje wy as gemeente net online mei te dwaan as der diskusjes ûntstean. As ynwenners fragen of opmerkings hawwe, dan kinne se in melding dwaan yn de BuitenBeter applikaasje, in WhatsAppberjocht of E-mail stjoere, of belje mei ús klantkontaktsintrum. Mei dizze ynwenners nimme wy altyd kontakt op om harren fraach of melding te bepraten. Wy fertrouwe derop jo hjirmei genôch ynformearre te hawwen. Mochten jo noch oanfoljende fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús regisseur iepenbiere romte; Hendrik Hoekstra. Hy is te berikken op hendrik.hoekstra@opsterland.nl of fia 0512 386 545. Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders,, de gemeentesekretaris,

de boargemaster,

Sandra van ’t Hooge

Andries Bouwman

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=7dde59a0-cf6a-42bf-9f21-88c6accc8146