CConstaterende datOpsterland
Koppel je AI →
Document · PDF

B08 Taheakke 1 Skriftlike fragen FNP oer Trochfytsrûte

Raadsvergadering 15 december 2025, gemeente OpsterlandBij agendapunt: Ingekomen stukken van het college (B-lijst)240 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTLIKE FRAGEN (Artikel 39 Reglemint fan Oarder)

Datum:

27 oktober 2025

Fraachsteller:

Mirjam Bergsma

Underwerp:

Trochfytspaden troch de foartún oan de Rolbrêgedyk op de Tynje

Taljochting:

Wy krije fan út de Tynje hieltiten mear lûden fan ferûngelike boargers dy’t net te sprekken binne oer de wize wêrop sy konfrontearre wurde mei it ynplannen fan in mooglik takomstich trochfytspaad. Ofrûne freed noch krigen wy in brief fia de e-post fan belutsen, mar besoarge. oanwenners. Earder ha wy as partij al oan de bel lutsen oer de kommunikaasje, dochs ha wy no ferskate fragen nei oanlieding fan de brief. It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen skriftlik te beäntwurdzjen:

Fragen:

Undertekening en namme:

-

As oanwenners net meiwurkje wolle oan it beskikber stellen fan harren eigen grûn, kin de grûn dan ûnteigene wurde.

-

Is der ûndersyk dien of hurdfytspaden minsken mear yn beweging krije.

-

Wurdt der ek sjoen nei alternative rûten, of is it neffens it kolleezje fan miening dat it net oer te kommen is om dizze rûte te folgje.

-

Wat is de yndruk fan it kolleezje oer de oanname fan oanwennende dat de feiligens op de rûte wol ris in probleem wêze kin mei de opset sa as der optekene is.

-

Ynwenners freegje yn harren brief fan 20 oktober om partisipaasje en it konstruktyf meitinken yn dizze kasus, is dit in opsje? Sa ja, ok hokker termyn wol it kolleezje mei de oanwenners om tafel.

Mirjam Bergsma, FNP Opsterlân

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Opsterland&id=87773d9e-7ab8-4a50-848c-a5166dbc7d2e