B08 Brief college - Wurkbesite wethâlder Durksz oan de Faröer-eilannen
Tekst van het document
ver
Saaknûmer: 0086217188
1/2
gemeente
Opsterland Oan ‘e ried
Jo skaaimerk:
Jo brief fan:
Us Skaaimerk:
Behannele troch:
Telefoan:
Taheakke:
0086217188
Carlijn Ausems
(0512) 386 222
gjin
Ünderwerp: Wurkbesite wethâlder Durksz oan de Faröer-eilannen
Beetstersweach, 8 july 2025 Ferstjoerd op: 10 july 2025
Achteried,
Wethâlder Durksz hat fan 7 oant en mei 11 maaie op wurkbesite west nei de Faeröer-eilannen. Op basis fan de Gedragscode integriteit collegeleden gemeente Opsterland 2016 leit hy mei dizze brief
ferantwurding ôf oer dizze reis. Oan de wurkbesite wiene kosten foar de reis en it ferbliuw fan € 1705,-
ferbûn foar de gemeente Opsterlân.
Wurkbesite Faeröer-eilannen Provinsje Fryslân hat al in skoftke kontakt mei de Faeröer-eilannen. De Faröer-eilannen binne in selsstannich part fan it keninkryk Denemarken en lizze in moai ein de Atlantyske Oseaan op, tusken Skotlân en lislân. It wurkbesite wie yn it ramt fan taal en kultuer. Provinsje Fryslân hie de wethâlders Frysk en Kultuer útnûge om mei te gean op dizze wurkbesite, mei
as doel om te learen en te ûnderfinen hoe’t men op de Faröer dit docht.
By de wurkbesite nei de Faeröer-eilannen hat er in soad omtinken westfoar taal en kultuer. It taal- en kultuerbelied op de Faeröer eilannen is konsistint en dat soarget foar in grutte sichtberens fan de
Faeröerske taal. It Faeröers, in taal dy't lykas it Frysk as in minderhiedstaal sjoen wurdt troch
UNESCO, hat op de Faeröer eilannen in opmars belibbe. De taal is sichtber yn it ferkear, it ûnderwiis,
biblioteken en yn kulturele sintra. Mei in bewuste kar foar in plak fan de Faeröerske taal yn it belied fan de Faeröer eilannen is it mooglik om de taal yn libben te hâlden. De wurkbesite hat soarge foar ynspiraasje, útwikseling en it dielen fan konkrete ideeën dy't fan wearde wêze kinne foarit Fryske taalbelied yn provinsje Fryslân en gemeente Opsterlân.
Derneist wie der ek in protte oandacht foar de kultuer op it eilân. Mei nammen foar de filmindustrie dy't grut en bekend is foar sa'n lytse mienskip (Faröer hat sa'n 55.000 ynwenners.). Der is ek in eigen
platenmaatskippij, dy't regelmjittigch nije musyk útjowt. Sawol de film- as de musyk hat der yn de Öfrounne jierren ta laat dat de jongerein, dy't earder yn grutte getale de eilânnen ferlitten hat, no wer werom komt en minder gau nei it bûtenlân giet. Ek hat de Faröerin pear skilders dy't ynternasjonaal bekend binne. Yn oktobersille der in tal skilderijen fan de Faröerse skilders te sjen wêze yn museum Belverdêre yn Oranjewâld.
Postbus 10.000
Hoofdstraat 82
T (0512) 386 222
E
9244 ZP Beetsterzwaag
9244 CR Beetsterzwaag
F_
L_wwwopsterland.nl
(0512) 381875
gemeente@opsterland.nl
IBAN NL82 BNGH 028.50.06.606 BTW
_NLO01950149B01
water
Saaknûmer: 0086217188
2/2
gemeente
Opsterland Fragen? VWy fertrouwe derop jo hjirmei foldwaande ynformearre te hawwen oer de wurkbesite. Hawwe jo noch ynhâldlike fragen oer de wurkbesite? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Durkje Moerman, adviseur Cultuur. Sy is te berikken op it mailadres durkje.moerman@opsterland.nl of telefoannûmer 06 44200181. Hawwejo fragen oer de gong fan saken oangeande wurkbesites? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Carlijn Ausems, direksjesekretaris. Sy is te berikken op it mailadres carlijn.ausems@opsterland.nl of telefoannûmer 06 13378891. Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders, e gemeentesekretaris
de boargemaster __ÁÂ
He Sandra van 't Hooge
Andries Bouwman
Postbus 10.000
Hoofdstraat 82
T (0512) 386 222
E _gemeente@opsterland.nl
IBAN NL82 BNGH 028.50.06.606
9244 ZP Beetsterzwaag
9244 CR Beetsterzwaag
F_
1_www.opsterland.nl
BTW _NLO01950149B01
(0512) 381875