B08 Beantwurding skriftlike fragen FNP oer Trochfytsrûte
Tekst van het document
Zaaknummer: 0086235163
1/2
Oan ‘e ried
Jo skaaimerk:
Jo brief fan:
Ús skaaimerk:
Behannele troch:
Telefoan:
Taheakken(n):
Geen
27 oktober 2025
0086235163
Hendrik Hoekstra
(0512) 386 222
2
Ûnderwerp: Skriftlike fragen FNP trochfytsrûte
Beetstersweach, 18 novimber 2025 Ferstjoerd op: 20 novimber 2025
Achte ried, Op 27 oktober hat mefrou Bergsma fan de fraksje fan de FNP skriftlike fragen steld oer de trochfytsrûte Drachten – It Hearrenfean. Dit om't de rûte mooglik troch de foartunen fan perselen lâns de Rolbrêgedyk komt. Yn dizze brief beäntwurdzje wy dy fragen. Yn de bylage fine jo de fragen fan de FNP mei de taljochting. 1. As oanwenners net meiwurkje wolle oan it beskikber stellen fan harren eigen grûn, kin de grûn dan ûnteigene wurde. It útgongspunt fan it kolleezje is dat de trochfytsrûte op 'e hichte fan de wenningen en (boere)bedriuwen safolle mooglik op gemeentlike grûn oanlein wurdt. As dat net slagget dan leit de foarkar by in oerlis wêryn't mienskiplik socht wurdt nei in oplossing. Wy wolle tefoaren komme dat wy in berop dwaan moatte op ynstruminten dy't de omjouwingswet biedt om grûn te krijen, dêrûnder ûnteigening. 2. Is der ûndersyk dien of hurdfytspaden minsken mear yn beweging krije. Ja. Ut lanlike en provinsjale ûndersiken docht bliken dat de oanlis fan heechweardige fytsfoarsjenningen wier bydraacht oan mear fytsgebrûk en bettere sûnens. Sa toant de ‘Variantenstudie Snelfietsroutes Fryslân’ (Sweco, 2020) oan dat ynvestearjen yn fytsynfrastruktuer liedt ta mear wen-wurkferkear op de fyts en minder autokilometers. We brûke trouwens net langer de term hurdfytspaad, mar trochfytsrûte. Dit om’t de rûte tagonklik is foar breed gebrûk en alle soarten fytsers.
3. Wurdt der ek sjoen nei alternative rûten, of is it neffens it kolleezje fan miening dat it net oer te kommen is om dizze rûte te folgje. Ja, alternative trasees binne wiidweidich ûndersocht. Yn de traseestúdzje fan advysburo Roelofs (2019) binne seis haadtrasees ûndersocht. It hjoeddeiske foarkarstrasee fia Nij Beets, De Tynje en Lúkswâld kaam as meast kânsrike út de ferliking. Yn 2023 hat advysburo Royal HaskoningDHV dizze kar werikere. Dêr is by konkludearre dat de earder makke kar noch hieltyd te ferdigenjen en realistysk
Zaaknummer: 0086235163
2/2
is, mar dat binnen it fêststelde trasee pleatslik noch oanpassings mooglik binne om better oan te sluten by winsken fan omwenners en grûneigeners. 4. Wat is de yndruk fan it kolleezje oer de oanname fan oanwennende dat de feiligens op de rûte wol ris in probleem wêze kin mei de opset sa as der optekene is. It kolleezje dielt dizze oanname net, de maatregels dy't opnaam binne yn it projekt ferbetterje krekt de ferkearsfeiligens. Der is no sprake fan in foarriedich ûntwerp. Dizze wurdt op detailnivo noch folle fierder útwurke. Hjir wurde fansels de soargen oer de feiligens wat it oerstekken, de ynritten en de faasje fan motorisearre ferkear oanbelanget yn meinaam. 5. Ynwenners freegje yn harren brief fan 20 oktober om partisipaasje en it konstruktyf meitinken yn dizze kasus, is dit in opsje? Sa ja, ok hokker termyn wol it kolleezje mei de oanwenners om tafel. Ja, dat is seker de bedoeling. Lykas neamd yn de skriftlike reaksje oan de bewenners wurdt yn jannewaris 2026 in partisipaasjegearkomste organisearre. Op dizze gearkomste wurdt it aktueel ûntwerp presintearre en kinne bewenners en grûneigeners aktyf meitinke oer alternativen en oandachtspunten. Oant dy tiid bliuwt de gemeente yn kontakt mei belutsenen fia de rintmasters en it projektteam. In ôfskrift fan de oanbelangjende brief oan de ynwenners is taheakke. Wy fertrouwe derop jo hjirmei genôch ynformearre te hawwen.
Mochten jo noch oanfoljende fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei de projektlieder fan de trochfytsrûte; Bauke Mulder. Hy is te berikken op bauke.mulder@opsterland.nl of fia 06 51 42 81 91. Mei freonlike groetnis, boargemaster en wethâlders, de gemeentesekretaris,
de boargemaster,
Sandra van ’t Hooge
Andries Bouwman